It oardiel
1Sjoch, de Heare makket de ierde leech en spjalt dy iepen,
Hy keart har ûnderste boppe en fersillet dy’t derop wenje.
2Itselde lot foar folk en pryster,
foar slaaf en hear,
foar slavinne en frou,
foar keapman en keaper,
foar wa’t te lien jout en dy’t te lien krijt,
foar skuldeasker en skuldner.
3De ierde wurdt hielendal leechhelle, folslein útrûpele,
want it is de Heare, dy’t dit wurd sprutsen hat.
4De ierde leit der treurich hinne en ferwilet,
de hiele wrâld ferkwynt en ferwilet,
himel en ierde ferkwine beide.
5De ierde is besmodze troch de fuotten fan dy’t derop wenje,
want wetten binne se oerhinne wâde,
oarderingen hawwe se skeind,
en it ivige ferbûn ferbrutsen.
6Dêrom ferskuort in flok de ierde,
en dy’t derop wenje, moatte derfoar bliede;
dêrom tarre de bewenners út
en bliuwe der net folle minsken oer.
De ferrinnewearre stêd
7It druvesop ferdroeget, de wyngerd ferkwynt,
en alle bliere herten suchtsje.
8It fleurige lûd fan ’e hânpauken hâldt op,
mei it feestgerop is it dien,
it rûzjen fan ’e liere is ôfrûn.
9By ’t wyndrinken wurdt net mear songen,
de drank smakket de drinkers bitter.
10De stêd fan ’e gaos leit plat,
alle huzen sitte op ’t slot, der kin gjinien yn.
11Yn ’e strjitten wurdt klage om de skoandere wyn,
alle blydskip is fuort,
alle wille is út it lân ferballe.
12Yn ’e stêd is alles fernield;
de poarte leit ek yn gruzels.
13Sa komt it yn ’e hiele wrâld
en ûnder alle folken,
lykas by it ôfslaan fan ’e oliven,
lykas by de neiplôk fan ’e druven,
wannear’t de risping dien is.
14Mar dy oaren sette har lûd út en roppe bliid, hoe grut de Heare is;
sa jubelje se de seekant oer.
15Earje dêrom de Heare yn it lân,
dêr’t it ljocht opkomt;
ferhearlikje yn ’e lannen oan ’e seekant de namme fan de Heare,
de God fan Israel.
16Fan ierdryks úteinen hearre wy lofsangen:
‘Eare oan de Rjochtfeardige!’
De ûndergong fan ’e wrâld
Doe sei ik: It is dien mei my, it is dien. Wee my!
Rovers roovje mar ta, se roovje wat se kinne.
17Klopjacht, kûle en klam steane jim, ierdbewenners, te wachtsjen.
18En it komt sà: Wa’t foar it lûd fan ’e klopjacht op ’e flecht giet,
dy falt yn ’e kûle;
wa’t út ’e kûle kladderet,
dy rekket fêst yn ’e klam.
As de slûzen dêrboppe iepenset wurde
en de fûneminten fan ’e ierde begjinne te skodzjen,
19dan skuort de ierde hielendal,
dan spjalt de ierde iepen,
skokt wyld op en del,
20ja, stuitelet deroer as in dronken man,
slingeret hinne-en-wer as in hingelmatte:
sa swier waacht it gewicht fan har sûnde op har,
dat se falt en net wer oereinkomt.
De grutte Rjochter
21Dy deis komt it sa: De Heare rekkenet ôf
mei it himelske leger dêrboppe
en mei de ierdske keningen hjir op ’e ierde.
22Dy wurde byinoarswile en yn in droege put fêstset
of achter tichte doarren opsletten;
dêr moatte se lang op ’e ôfrekken wachtsje.
23De bleke moanne sil in kleur krije fan skamte
en de gleone sinne sil fan skamte weilûke,
want de Heare Almachtich is no kening,
op ’e berch Sion en yn Jeruzalem,
en syn gloarje falt op’e âldsten fan’e stêd.