Tyrus wurdt ferwoeste
1Utspraak oer Tyrus.
Gûl, skippers dy’t út Tarsjisj komme,
want Tyrus is ferrinnewearre,
der stiet gjin hûs mear oerein.
Doe’t se weromkamen út it lân fan ’e Kittiten,
is it har al trochdien.
2Dêr steane jim dan mei stommens slein, lju fan ’e seekant,
keaplju fan Sidon,
dy’t jim skippers it wide wetter oer stjoerden:
3wat oan ’e Sjichor woeks,
wat it lân fan ’e Nyl opbrocht,
waard by harren ynfierd en mei winst ferhannele by de folken.
4No stiest raar te skande, Sidon,
want de see,
it bolwurk oan ’e see seit:
‘Ik krij gjin weeën mear en krij gjin bern,
ik bring gjin jongfeinten mear grut
en lit gjin jongfammen mear opgroeie.’
5As se dit yn Egypte te hearren krije,
steane se te triljen om it nijs út Tyrus.
6Stek de see oer nei Tarsjisj,
gûl it út, lju fan ’e seekant.
7Is dit no jimme fleurige stêd,
dy’t woartelet yn in skier ferline,
dy’t wit-hoe-fier har fuotleasten sette en dêr wenplak fûn?
8Wa hat sa oer Tyrus beskikt,
de stêd dy’t ienkear de kroane droech,
dy’t keaplju hie, dat foarsten wienen,
en hannelslju dy’t telden as de grutten fan ’e ierde?
9De Heare Almachtich hat besletten
om al dy grutskens troch it slyk te heljen
en al dy grutten fan ’e ierde te skande te setten.
10No kinst dyn lân dan mar bebouwe,
sa’t se oan ’e Nyl dogge,
folk fan Tarsjisj,
mei dyn skipfeart is it ôfrûn.
11De Heare hat syn fûst opstutsen tsjin ’e see,
en de keninkriken derfan skodzje litten.
Hy hat oarder jûn
om de bolwurken fan Kanaän te ferrinnewearjen,
12en Hy hat sein: Do silst gjin wille mear hawwe,
do skeinde jongfaam, dochter Sidon.
Al komst oerein en stekst de see oer nei de Kittiten,
dêr silst likemin rêst fine.
13Sjoch mar ris nei it lân fan ’e Chaldeeërs,
it folk dat der net mear is,
Assyrië hat it foar de woestyndieren ornearre,
se hawwe dêr har wachttuorren set,
de Chaldeeërs har stinzen sljochte, en yn pún smiten.
14Gûl, skippers fan Tarsjisj,
want jim bolwurk is fernield.
15Dy deis komt it sa, dat Tyrus santich jier lang fergetten wurdt, in keningslibben lang. Mar oan ’e ein fan dy santich jier sil it mei Tyrus gean as mei de hoer yn it liet:
16Nim de liere, gean de stêd troch, do fergetten hoer,
spylje dyn bêst en sjong mar ta, dat se wer oan dy tinke!
17Oan ’e ein fan de santich jier sil it sa komme, dat de Heare wer nei Tyrus omsjocht; se sil it âlde fak wer opnimme en huorkje foar jild mei alle keninkriken fan ’e wrâld it hiele ierdryk oer. 18Lykwols, wat se mei har affearen wint en fertsjinnet, sil de Heare tawijd wurde; it wurdt net opgarre of achterútlein, mar komt oan harren dy’t foar de Heare libje, dat se goed sêd krije en har ryk klaaie kinne.