1Om frij te wêzen binne wy troch Kristus frij makke. Hâld dan hoek en lit jimme net wer ûnder in slavejok bringe.
Kristlike frijheid
2Sjochris, ik Paulus, sis jimme: as jimme jim besnije litte, dan hawwe jimme neat mear oan Kristus. 3Ik sis nochris mei klam oan in elk dy’t him besnije lit, dat er dan ferplichte is om de hiele wet nei te kommen. 4Jimme dy’t besykje om rjochtfeardich te wurden troch de wet, binne los fan Kristus rekke en hawwe de genede ferlern.
5Wy ferwachtsje ommers troch de Geast, op grûn fan it leauwen, de gerjochtichheid dêr’t wy op hoopje. 6Want as wy ien binne mei Kristus, is it likefolle, oft wy besnien binne of net. Mar it komt allinne oan op it leauwen dat syn wurk docht troch de leafde.
7Jimme wienen sa moai op ’e gleed; wa hat jimme behindere om nei de wierheid te harkjen? 8Dy ompraterij komt net fan Him dy’t jimme ropt. 9In bytsje soerdaai makket it hiele daai soer. 10Ik foar my lykwols betrou op de Hear wat jimme oanbelanget, dat jimme net fan betinken feroarje sille. Mar dy’t jimme yn ûnstjoer besiket te bringen, sil Gods oardiel drage moatte, wa’t it ek wêze mei. 11Wat my oanbelanget, bruorren, as ik ferkundigje dat men jin besnije litte moat, wêrom wurd ik dan noch ferfolge? Dan soe it dochs ôfrûn wêze mei de argewaasje fan it krús. 12De lju dy’t jimme oerstjoer meitsje, moasten harsels mar lobje litte.
13Wat jimme oanbelanget, bruorren, jimme binne roppen om frij te wêzen. Mar lit dy frijheid gjin ferlechje wêze om jim ferkeard aard bod te jaan. Tsjinje krektoarsom inoar troch de leafde. 14Want de hiele wet leit folslein besletten yn dit iene wurd: do silst dyn neiste leaf hawwe sást dysels leafhast. 15Mar as jimme der mei trochgeane inoar te ferbiten en op te fretten, pas dan mar op, dat jimme inoar net folslein fersline.
De frucht fan ’e Geast en de wurken fan ’e ferkearde minske
16Mar ik sis jimme: lit jim yn jimme libben liede troch de Geast, dan sille jimme wis net dwaan wat jim ferkeard aard begeart. 17Want wat it ferkeard aard begeart, giet yn tsjin wat de Geast begeart en wat de Geast begeart, giet tsjin dat aard yn. Dy beide binne yn striid mei-inoar; se wolle net dat jimme mar dwaan kinne wat jimme mar wolle. 18Mar as jimme jim troch de Geast liede litte, steane jim net ûnder de wet.
19Elk kin sjen wat de dieden fan ús ferkeard aard binne: oerhoer, ûnreinens, losbannigens, 20ôfgoadetsjinst, tsjoenderij, fijânskip, tsierderij en oergeunst, opsternatens, selssucht, ûnienigens, partijskippen, 21jaloerskens, sûpen en setten en soksoarte dingen mear. Ik warskôgje jimme, lykas ik jimme earder al warskôge haw: Wa’t sokke dingen dogge sille Gods ryk net krije.
22Mar wat út de Geast fuortkomt is leafde, blydskip, frede, geduld, minlikens, goedens, trou, 23myldens en evenredigens. Sokke dingen giet de wet net tsjin yn. 24Dy’t by Kristus [Jezus] hearre hawwe har ferkeard aard mei syn hertstochten en begearten krusige.
25As wy troch de Geast libje, lit ús dan ek op de Geast te seil gean. 26Lit ús net langer de sweeslagger úthingje, inoar net útdaagje, net oergeunstich wêze op inoar.