Galatiërs 6
Draach elkoars lêsten
1Bruorren, as ien op in misslach trappearre wurdt, dan moatte jimme as minsken dy’t de Geast krige hawwe, sa’n ien sêftsinnich wer op it goede paad bringe. Sjoch mar nei dysels: do kinst sels ek ferlaat wurde. 2Draach inoars lêsten en sa dwaande sille jimme de wet fan Kristus folbringe.
3As ien mient dat er hiel wat is, wylst er neat-mei-neat is, dan hâldt er himsels foar de gek. 4Lit elk syn eigen dwaan hifkje, dan sil er faaks allinne yn himsels wat fine om grutsk op te wêzen, mar net troch himsels mei oaren te fergelykjen. 5Want elk sil syn eigen pak drage.
6Wa’t ûnderrjocht kriget yn it wurd fan God, moat syn learmaster diele litte yn al syn besit. 7Meitsje jimsels langer neat wiis, God lit Him de gek net oanstekke. Wat in minske sieddet, dat sil er ek as frucht ynhelje. 8Want wa’t op ’e eker fan syn ferkeard aard sieddet, sil dêrút as frucht de ûndergong ynhelje; wa’t op ’e eker fan ’e Geast sieddet, sil dêrút it ivige libben ynhelje. 9Lit ús dêrom it goede dwaan sûnder sleau te wurden. Op ’e tiid dy’t dêrfoar stiet, sille wy ommers de frucht ynhelje, as wy mar gjin belies jouwe. 10Lit ús dan, no’t wy noch de kâns hawwe, it goede dwaan oan alle minsken, mar benammen oan ús bruorren en susters yn it leauwen.
Lêste warskôging en segen
11Sjochris, sokke grutte letters meitsje ik no’t ik jimme mei eigen hân skriuw. 12De lju dy’t besykje jimme te twingen om jim besnije te litten, dy wolle allegearre uterlik hiel wat lykje en net ferfolge wurde om it krús fan Kristus. 13Want dy’t har besnije litte, hâlde sels de wet net iens. Mar se wolle wol dat jimme jim besnije litte, dan kinne se grut gean op dat lichem fan jimme. 14Ik lykwols mei derfoar bewarre bliuwe om oait op wat oars grut te gean as op it krús fan ús Hear Jezus Kristus, want troch dat krús is de wrâld dea foar my en bin ik dea foar de wrâld. 15Want oft men besnien is of net, dat seit op himsels neat, mar oft men in nij skepsel is. 16Mei der frede en barmhertichheid wêze oer allegearre dy’t har oan dizze regel hâlde en oer Israel, Gods eigen folk. 17Lit tenei net ien my langer lêst oandwaan, want ik draach de groeden fan Jezus yn myn lichem.
18De genede fan ús Hear Jezus Kristus wês mei jimme geast, bruorren. Amen.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap