Ezechiël 9
It oardiel oer Jeruzalem
1Doe hearde ik Him lûd roppen: Kom op, jim, dy’t mei dizze stêd ôfrekkenje sille, in elk mei syn deadlik wapen yn ’e hân! 2Doe kamen der ynienen seis mannen fan ’e kant fan ’e hege poarte dy’t op it noarden útsjocht, elk mei syn slachbile yn ’e hân; by har wie ien mei linnense klean oan en skriuwark oan ’e mulriem. Se kamen tichterby en gongen nêst it brûnzen alter stean. 3Doe joech de hearlikheid fan Israels God him op, fan ’e kearûb-ingel ôf, dêr’t hja oars op rêste, nei de stoepe fan ’e timpel en de Heare rôp de man yn linnense klean mei skriuwark oan ’e mulriem. 4Hy sei tsjin him: Gean de stêd troch, gean Jeruzalem troch en set al dy lju in teken op ’e foarholle, dy’t suchtsje en kleie oer de skandlike praktiken dy’t dêr bedreaun wurde. 5Tsjin de oaren hearde ik Him sizzen: ‘Gean achter him oan, de stêd troch, slach ûngenadich ta en sparje neat en nimmen. 6Alde minsken, jongfeinten en jongfammen, lytse bern en froulju, slach se allegear dea en roegje se út. Mar kom gjinien te nei, dy’t it teken draacht. Jim moatte fan myn hillichdom ôf begjinne!’ Doe begûnen se mei de âlde mannen dy’t foar de timpel sieten. 7Hy sei tsjin harren: Besmodzje de timpel en soargje, dat de foarhôven fol mei liken komme. Gean der dan út en slach de hiele stêd troch minsken del. 8Doe’t se dêrmei dwaande wienen, bleau ik allinne achter en ik liet my foaroer delfalle: Och Heare myn God, rôp ik, sille Jo no al wat der noch fan Israel oer is, ferdylgje mei sa jo grammoedichheid oer Jeruzalem út te stoarten? 9Doe sei Er tsjin my: De ûngerjochtichheid fan it folk fan Israel en Juda is ûnmjitlike grut. It lân is in see fan bloed, de stêd ien stik ûnrjocht; se tinke: De Heare hat ús lân oan syn lot oerlitten, en: De Heare sjocht der neat fan.
10Dêrom sil Ik neat ûntsjen en neat en nimmen sparje. Ik sil derfoar soargje, dat se foar har dwaan en litten har trekken thús krije. 11Doe brocht de man mei linnense klean oan en skriuwark oan ’e mulriem ferslach út en sei: Ik haw dien wat Jo my hjitten hawwe.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap