Ezechiël 10
Jeruzalem ferwoeste en troch de Heare ferlitten
1Doe’t ik opseach, wie der boppe it ferwulft dat oer de hollen fan ’e kearûb-ingels hong, sokssawat as in saffierstien; en dy like de foarm te hawwen fan in troan, dy’t boppe harren wie. 2Tsjin de man mei linnense klean oan sei Er: Jou dy tusken de draaiende rêden dy’t ûnder de ingels binne, en nim gleone koallen by hanfollen tusken de ingels wei en strui dy oer de stêd út. En ik seach, dat er him dêrtusken joech. 3De ingels stienen oan ’e rjochterkant fan ’e timpel, doe’t de man him dêrtusken joech, en in wolk naam it binnenste foarhôf hielendal yn. 4Doe riisde de hearlikheid fan de Heare omheech, boppe de ingel wei, nei de stoepe fan ’e timpel en in wolk naam dy hielendal yn en it foarhôf glânze hielendal fan ’e hearlikheid fan de Heare. 5En it rûzjen fan ’e wjukken fan ’e ingels wie oan it bûtenste foarhôf ta te hearren, in lûd as dat fan God Almachtich, wannear’t Er sprekt. 6Doe’t Er de man mei linnense klean oan sein hie, dat er fjoer tusken de draaiende rêden wei helje moast, tusken de ingels wei, doe joech dy him dêr tuskenyn en gong njonken it tsjil stean. 7En ien fan de ingels stiek de hân út nei it fjoer dat tusken harren yn lei, naam it en joech it de man mei de linnense klean oan yn ’e hannen; dy pakte it oan en gong dermei fuort. 8Want by de ingels hie ûnder de wjukken wat te sjen west, dat de foarm hie fan in minskehân.
9Doe’t ik opseach, hienen de ingels fjouwer tsjillen njonken har, njonken elke ingel ien. En de tsjillen blonken as turkoais. 10Se seagen der sa út: alle fjouwer wienen krekt-en-gelyk, net oars as siet der yn elk tsjil wer in tsjil. 11Hokker fan ’e fjouwer kanten se ek útgongen, se wykten net fan har baan ôf; dêr’t de holle fan ’e foarste ingel hinnekeard wie, dêr gongen de oaren ek hinne, achter him oan, sûnder fan har baan ôf te wiken. 12It hiele lichem, de rêch, de hannen en de wjukken, sieten by alle fjouwer oan alle kanten fol eagen en mei de tsjillen wie it krektsa. 13Ik hearde, dat se de tsjillen draaiwurk neamden. 14Se hienen allegearre fjouwer gesichten: it earste wie dat fan in kearûb-ingel, it twadde dat fan in minske, it trêde dat fan in liuw en it fjirde dat fan in earnfûgel. 15Doe joegen de ingels har omheech. It wienen deselde libbene wêzens dy’t ik by it Kebarkanaal sjoen hie. 16As de ingels yn beweging kamen, dan beweegden de tsjillen njonken har ek. En as de ingels de wjukken útsloegen en de hichte yn gongen, dan draaiden de tsjillen net by harren wei; 17wannear’t dy stean bleauwen, bleauwen sij ek stean; wannear’t dy de hichte yn gongen, gongen sij ek de hichte yn, want de Geast fan ’e libbene wêzens siet ek yn ’e tsjillen.
18Doe gong de hearlikheid fan de Heare boppe de stoepe fan ’e timpel wei en bleau stean boppe de ingels. 19De ingels sloegen doe de wjukken út en gongen foar myn eagen de hichte yn; de tsjillen gongen mei. Mar by de yngong fan ’e Easterpoarte fan it hûs fan de Heare bleauwen se stean en de hearlikheid fan Israels God stie boppe harren. 20Dat wienen de libbene wêzens dy’t ik oan it Kebarkanaal ûnder de God fan Israel sjoen hie en ik seach, dat it kearûb-ingels wienen. 21Elk fan harren hie fjouwer gesichten en fjouwer wjukken en ûnder dy wjukken hienen se wat dat op in minskehân like. 22Har gesichten liken krekt op ’e gesichten dy’t ik oan it Kebarkanaal sjoen hie. Ja, sà seagen se derút; en it gong mei har allegearre rjochtút-rjochtoan.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap