De ein komt
1Ik krige dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, dit hat God de Hear dy oer it lân Israel te sizzen: Dit is de ein! Oan alle fjouwer kanten rint it mei it lân op ’en ein. 3No is it dien mei dij. Ik lit myn grime tsjin dy losbrekke. Ik sil dy fonnisje neffens dyn dwaan en litten en al dyn skandlike praktiken bring Ik dy yn rekken. 4Ik sil dy ûngenadich neisjen en neat en nimmen sparje; dyn dwaan en litten bring Ik dy yn rekken, wylsto noch midden yn dyn skandlike praktiken sitst. En dan silst witte, dat Ik de Heare bin.
5Dit hat God de Heare te sizzen: It iene ûnheil jaget it oare. Tink der mar om, sa komt it! 6Dit is de ein! De ein is kommen, it rint mei dy op ’en ein! 7Bewenners fan it lân, de doem is oan jim ta. It is safier, de dei is nei-oan: Alles yn ûnstjoer en gjin blide rop mear oer de bergen. 8No sil Ik mei koarten myn grammoedichheid oer dy hinne stoarte en myn grime tsjin dy syn útwei jaan. Ik sil dy fonnisje neffens dyn dwaan en litten en al dyn skandlike praktiken bring Ik dy yn rekken. 9Ik sil dy ûngenadich neisjen en neat en nimmen sparje, dyn dwaan en litten bring Ik dy yn rekken, wylsto noch midden yn dyn skandlike praktiken sitst. En dan silst witte, dat Ik it bin, de Heare, dy’t de slach jout.
10Dêr is de dei, no komt it; de doem is opwoeksen, de beam fan it ûnrjocht stiet yn folle bloei, dy fan ’e oermoed stiet yn ’t blêd. 11It geweld is opsketten ta in beam fan goddeleazens. Neat sil der fan har oerbliuwe, neat fan dy bolbjirkene kliber en al har pronkerij. 12No is ’t sa fier, de dei is nei-oan. Lit de keaper him net bliid meitsje en de ferkeaper net rouwich wêze, want grime woedet tsjin harren allegearre. 13Want dy’t syn guod ferkeapje moast, sil it noait weromkrije, al libbet er noch sa lang; want de profesij tsjin har hiele kliber wurdt net weromnommen. Want fanwegen syn ûngerjochtichheid sil gjinien it libben behâlde kinne.
14De trompet hat klonken en alles is ree, mar gjin mins dy’t de striid yngiet; want grime woedet tsjin harren allegearre. 15Bûtendoar it swurd, binnendoarren honger en pest; wa’t yn it fjild stiet, stjert troch it swurd en wa’t yn ’e stêd tahâldt, wurdt bút fan honger en pest. 16As der al guon witte te ûntkommen, dan sille dy fanwegen har ûngerjochtichheid de bergen yngean en lykje op dowen út ’e rotskleauwen, dy’t allegear har kleiend lûd hearre litte. 17Har hannen sille der slop by hingje en it wetter sil har by de knibbels delrinne. 18Se sille sekkeguod omdwaan en trilje oer de hiele lea, skamte sil har op it gesicht stean en keal sille de hollen wêze. 19Har sulver sille se op ’e strjitten smite en har goud as smoargens fuortdwaan; nee, har sulver en goud sille har net rêde kinne op ’e dei fan de Heare syn grammoedichheid: se sille har honger net stilje kinne en har liif net fol ite, want dat sulver en goud hat har ta ûngerjochtichheid brocht. 20Har kostbere sieraden, dêr binne se grut op gien, dêr hawwe se har groulike bylden, har stikken ôfgriis fan makke. Dêrom doch Ik dermei as wie ’t smoargens. 21Ik leverje it as roofguod oan frjemden oer en as bút oan de grutste dogeneaten op ierde. Dy sille it besmodzje. 22Ik sil My fan har ôfkeare, dan kinne dy myn kostlike hillichdom mar besmodzje; geweldners sille der ynbrekke en it besmodzje. 23Meitsje mar keattings ree, want yn it lân wurdt oan ien stik wei bloed fergetten en de stêd is ien stik geweld. 24Ik sil de grutste heidens komme litte, dy sille har huzen ynpalmje en Ik meitsje in ein oan ’e pracht fan ’e machtigen en lit har hillichdommen besmodzje. 25De rillings geane har oer de lea, se sykje om útkomst, mar dy is der net. 26De iene ramp jaget de oare, it iene minne nijs it oare; dan sille se de profeet oanstean op in fizioen; want fan de pryster giet gjin wetsûnderrjocht mear út en de âldsten binne har rie te’n ein. 27De kening giet yn ’e rouwe en de hegerein rint ferbjustere om; de hannen fan ’e lânadel binne ferlamme fan ’e skrik: Ik jou har lean nei wurken en hâld rjochtdei oer har neffens har eigen rjochtsregels; dan sille se witte, dat Ik de Heare bin.