1Dit wurd krige ik fan de Heare: 2Minskesoan, kear it gesicht nei de bergen fan Israel, sprek dy as profeet ta 3en sis: Bergen fan Israel, hear it wurd fan God de Heare! Dit hat God de Heare te sizzen tsjin de bergen en de hichten, tsjin de wetterlopen en de dellings. Tink derom, Ik lit de oarloch oer jim komme en Ik ferniel jimme offerhichten. 4Jimme alters sille ferrinnewearre, jimme wijreekstanders stikkenslein wurde, en dy’t fan jimme delslein wurde, smyt Ik foar jim ûngoaden del. 5Ik smyt de liken fan it Israelsfolk lyk foar har ûngoaden en Ik ferstrui har bonken om har alters hinne. 6Wêr’t jim ek wenje, oeral sille de stêden fernield en de offerhichten ferrinnewearre wurde, sadwaande komme jimme fernielde alters der ferlitten hinne te lizzen, wurde jimme ûngoaden stikken en wei, jimme wijreekstanders omreage; ja, alles wat jim makke hienen, bliuwt neat fan oer. 7Dan, as de deaden om jim hinne falle, dan sille jim witte, dat Ik de Heare bin. 8Mar ik lit guon oer; dy sille oan it swurd ûntkomme en ûnder de folken wenje as jim oer de lannen fersille wurde. 9Dan sille dy ûnder de folken dêr’t se as ballingen hinnefierd binne, wer oan My tinke en begripe, hoe’t it My rekke hat, dat har hert yn ûntrou fan My ôfhuorke en dat se oerhuorrich nei har ûngoaden glûpeagen. En se sille in wearze fan harsels krije fanwegen al it kwea dat se dien hawwe mei har skandlike praktiken. 10Dan sille se witte, dat Ik de Heare bin en dat it gjin lege wurden wienen, doe’t Ik har dit ûnheil oansei. 11Dit hat God de Heare te sizzen: Slach mei de hannen, stamp mei de fuotten en sis: Wee al dy skandlike praktiken fan it folk fan Israel, dat no troch de oarloch, de honger en de pest komt te fallen. 12Dy’t fierôf binne, sille oan ’e pest stjerre, dy’t tichteby binne, sille troch de oarloch komme te fallen en de ynslettenen dy’t dan noch oerbleaun binne, sille fan ’e honger omkomme; sa sil Ik myn grime tsjin harren in útwei jaan. 13Dan witte jim, dat Ik de Heare bin, wannear’t har deaden tusken har ûngoaden om har alters hinne lizze sille op elke hege heuvel, op alle berchtoppen, ûnder elke griene beam en ûnder alle skaadzjende terebinten, ja oeral dêr’t se har ûngoaden swietrokige offers brocht hawwe. 14Ik sil de hân tsjin har yn ’e hichte stekke en fan it lân in ferlittene woestenij meitsje, fan ’e woestyn ôf oan Ribla ta, oeral dêr’t se mar wenje. Dan sille se witte, dat Ik de Heare bin.