Gjin eigengerjochtichheid
1Harkje Israel! Do gieste no sa dêrmei de Jordaan oer om folken út har besit te ferdriuwen dy’t grutter en sterker binne as do, mei grutte stêden dy’t himelheech fersterke binne. 2It is in grut en langliddich folk, dy Enakiten. Do witst dêrfan en do hast heard: Wa soe it hâlde kinne tsjin de neiteam fan Enak? 3Mar hjoed silsto witte, dat it de Heare dyn God is, dy’t foar dy út oer de rivier giet as in fertarrend fjoer. Hy sil har ferdylgje, Hy sil har foar dyn eagen fernederje en do silst har, sa’t de Heare dy sein hat, yn koarte tiid ferdriuwe en ferneatigje. 4Tink, as de Heare dyn God har foar dy út ferjage hat, net by dysels: Omdat ik sa goed oppas hat de Heare my yn dit lân brocht om it yn besit te nimmen, wylst it om de goddeleazens fan dy folken is, dat de Heare har foar dy út jaget. 5It is net omdatsto sa goed oppast of sa oprjocht fan herte bist, datsto komme meist en nim har lân yn besit, mar it is om de goddeleazens fan dy folken dat de Heare dyn God har foar dy út jaget, om sa syn wurd wier te meitsjen dat de Heare oan dyn foarfaars, Abraham, Izaäk en Jakob sward hat. 6Wit dan, dat it net om dyn bravens is, dat de Heare dyn God dy dit goede lân jout om it yn besit te nimmen, want do bist in dôfhûdich folk.
7Betink, en ferjit it net, datsto de Heare dyn God tige lilk makke hast yn de woestyn. Fan ’e dei ôf datst út Egypte tein bist oantsto hjir op dit plak kaamst, hasto dwers west tsjin de Heare. 8Ja, by de Hoareb hawwe jimme de Heare tige lilk makke; sa fergrime wie de Heare op jimme, dat Hy jimme ferneatigje woe. 9Ik wie doe by de berch opgien om de stiennen platen yn ûntfangst te nimmen, de platen fan it ferbûn dat de Heare mei jim sletten hat. Ik bleau doe fjirtich dagen en nachten op ’e berch; brea iet ik net en wetter dronk ik net. 10De Heare joech my doe de twa stiennen platen, beskreaun troch de finger fan God. Dêr stienen al de wurden op, dy’t de Heare op ’e berch, út it fjoer wei, ta jim sprutsen hie de deis fan ’e gearkomste. 11It wie oan ’e ein fan ’e fjirtich dagen en nachten dat de Heare my de beide stiennen platen joech, de platen fan it ferbûn. 12De Heare sei doe tsjin my: Meitsje oan, gean op slach hjirwei nei ûnderen ta, want dyn folk, datsto út Egypte weihelle hast, dat hat it bedoarn. Hja binne al gau ôfwykt fan de wei dy’t Ik har hjitten hie en hja hawwe har in getten byld makke. 13De Heare sei fierder tsjin my: Ik haw no sjoen hoe’n dôfhûdich folk dit is. 14Lit My gewurde! Dan sil Ik se ferdylgje en har namme ûnder de himel útfeie. En dan meitsje Ik dy ta in folk, sterker en machtiger as ditte.
15Doe kearde ik my om en gong by de berch del, wylst de berch noch ien stik fjoer wie. De twa platen fan it ferbûn hie ik yn beide hannen. 16En doe seach ik it dan sels dat jimme sûndige hienen tsjin de Heare jimme God. Jim hienen jim in getten byld fan in keallebolle makke. Al tige gau wienen jimme ôfwykt fan de wei dy’t de Heare jim hjitten hie. 17Dêrop krige ik de twa platen beet en smiet se mei beide hannen fuort. Ik briek se stikken foar jim eagen. 18Doe liet ik my foar it gesicht fan de Heare falle, lykas de earste kears fjirtich dagen en nachten lang. Brea iet ik net en wetter dronk ik net fanwegen al de sûnden dy’t jimme dien hienen, mei te dwaan wat de Heare ferkeard achtet en syn grime geande te meitsjen. 19Ik wie tige bang foar de lilkens en de woede dêr’t de Heare Him sa lilk mei op jimme makke hie, dat Er jim ferneatigje woe. Lykwols ferhearde de Heare my ek diskear wer. 20Ek op Aäron waard de Heare doe sa skriklike lilk, dat Er him ombringe woe. Dat sadwaande gong ik doedestiids ek foar Aäron yn gebed. 21Mar it ding dêr’t jimme mei sûndige hienen, de keallebolle dy’t jimme makke hienen, haw ik doe nommen en opbaarnd; ik tegruzele it en temealde it wol sa goed, dat it fyn waard as stof. Dat stof haw ik doe yn ’e beek dy’t fan ’e berch ôfkomt smiten.
22Ek te Taberá, te Massa en te Kibrot-Hattaäwa hawwe jimme de Heare syn lilkens geande makke. 23Doe’t de Heare jim út Kadesj-Barnéa weistjoerde en sei: Gean hinne en nim it lân dat Ik jimme jûn ha, yn besit, doe gongen jimme dwers tsjin it befel fan de Heare jim God yn. Jim fertrouden net op Him en harken net nei syn stim. 24Jim hawwe dwers west tsjin de Heare, sa lang as ik jimme ken.
25Ik liet my dus falle foar de Heare; fjirtich dagen en fjirtich nachten lei ik dêr, omdat de Heare sein hie dat Er jim ombringe woe. 26Ik ha doe de Heare bidden en ik sei: God myn Heare, bring jo folk, jo eigendom dochs net om, dat Jo yn jo gruttens ferlost hawwe en út Egypte helle mei in sterke hân. 27Tink oan jo tsjinstfeinten, Abraham, Izaäk en Jakob. Sjoch net nei de dôfhûdigens fan dit folk, noch nei har goddeleazens en har sûnde. 28Oars soenen hja yn it lân dêr’t Jo ús út weihelle hawwe, faaks sizze: Omdat de Heare net by steat wie en bring har yn it lân dat Er har tasein hie en omdat Hy har hate, hat Er har fuortfierd en stjerre litten yn ’e woestyn. 29En dochs binne hja ommers jo folk, jo eigendom, dat Jo mei jo grutte krêft en jo útstutsen earm útfierd hawwe!