Oprop ta tankberheid
1Al de geboaden, dy’t ik jimme hjoed oplis, moatte jim tige krekt neikomme. Dat dwaande sille jim libje en oanwinne en yn it lân komme dat de Heare jimme foarfaars mei in eed tasein hat, en it yn besit nimme. 2Hâld dan yn oantinken de hiele wei, dy’t de Heare dyn God dy dizze fjirtich jier yn de woestyn gean litten hat, om dy lytsman te meitsjen en dy te hifkjen, om sa te witten te kommen hoest inerlik foar Him oer stiest, ast dy al of net oan syn geboaden hâlde soest. 3Hy hat dy lytsman makke en dy honger lije litten. Doe hat Er dy it manna te iten jûn, datsto net koeste en ek dyn foarfaars net kend hienen, om dy witte te litten, dat de minske net fan brea allinne libbet, mar dat de minske libbet fan alles wat út ’e mûle fan de Heare komt. 4De klean binne dy dizze hiele fjirtich jier net oan ’e lea sliten en dyn foet is net oprûn. 5Besef dan yn dyn hert dat de Heare dwaande is dy op te fieden, sa’t in man syn soan opfiedt.
6Hâld dan de geboaden fan de Heare dyn God mei yn syn wegen te gean en ûntsach foar Him te hawwen. 7Want de Heare dyn God bringt dy nei in goed lân, in lân fan wetterbeken, wellen en streamen dy’t opwâlje út ’e dellingen en de bergen; 8in lân fan weet en koarn, fan wynstokken, figebeammen en granaatappels; in lân fan oliven, fan oalje en fan hunich. 9In lân dêrsto brea yn ite silste sûnder krapte, dêrsto neat brek hawwe silst, in lân dêr’t de stiennen fan izer binne en dêrst út ’e bergen koper houwe silst. 10Ast dan iten hast en sêd wurden bist, loovje dan de Heare dyn God om it goede lân dat Hy dy jûn hat. 11Hoedzje dy derfoar, datst de Heare dyn God dan net ferjitst, en datst syn geboaden, rjochtsregels en foarskriften, dy’t ik dy hjoed gebied, net hâlde soest. 12Datsto net, ast iten hast en sêd wurden bist, ast moaie huzen boust en bewennest, 13as dyn kij en skiep tanimme, en sulver en goud en alles wat dines is nimt ta, – 14mei dyn grutske hert de Heare dyn God ferjitte soest, dy’t dy út Egypte, út it slavehûs, weihelle hat; 15dy’t dy brocht hat troch de grutte en skriklike woestyn mei feninige gifslangen en skorpioenen, in toarre oarde dêr’t gjin wetter wie, en dy’t wetter foar dy opwâlje litten hat út de hurdste rots. 16Hy hat dy it manna te iten jûn yn de woestyn, dat dyn foarfaars net kend hawwe, om dy lytsman te meitsjen en dy te hifkjen en neitiid dy goed te dwaan. 17Do soest dan by dysels sizze kinne: myn eigen krêft en de macht fan myn eigen hân hat my sa ryk makke.
18Tink dan lykwols oan de Heare dyn God, dat Hy it is, dy’t dy de krêft jout om ryk te wurden, om sa syn ferbûn yn stân te hâlden, dat Hy dyn foarfaars sward hat, lykas it hjoed it gefal is. 19Mar mocht it foarkomme, datsto ek mar efkes de Heare dyn God ferjitte soest en rin achter oare goaden oan, do soest dy tsjinje en dy foar har delbûge, dan ferklearje ik nò al, dat jimme wis omkomme sille. 20Lykas de folken, dy’t de Heare foar dyn eagen omkomme liet, sa silsto dan ek omkomme, omdat jimme net harke hawwe nei wat de Heare jimme God seit.