It oanbieden fan ’e earstelingen
1Ast dan kommen bist yn it lân dat de Heare dyn God dy yn erfbesit jout, do hast it yn besit nommen en do wennest dêr, 2dan moatst fan alle earste fruchten fan ’e grûn, dysto hellest út dyn lân dat de Heare dyn God dy jout, nimme en doch dy yn in koer; dan moatst nei it plak gean dat de Heare dyn God útkieze sil om syn namme dêr wenje te litten. 3En ast kommen bist by de pryster dy’t der yn dy dagen wêze sil, dan moatst tsjin him sizze: Ik ferklearje hjoed foar de Heare jo God, dat ik kommen bin yn it lân dêr’t de Heare oan ús foarfaars mei in eed fan tasein hat, dat Er it ús jaan soe. 4De pryster moat de koer dan fan dy oannimme en dy foar it alter fan de Heare dyn God delsette. 5Dan moatsto plechtich ferklearje foar de Heare dyn God: Myn heit wie in omdoarmjende Arameeër. Hy kaam del nei Egypte en wenne dêr as frjemdling mei in lyts kloftsje minsken. Lykwols is er dêr in grut, sterk en machtich folk wurden. 6De Egyptners behannelen ús min, se fernederen ús en leinen ús swiere slavetsjinst op. 7Doe rôpen wy ta de Heare, de God fan ús foarfaars en de Heare hearde nei ús en seach ús fernedering, ús swiere wurk en ús ferdrukking. 8De Heare helle ús út Egypte mei in sterke hân en in útstutsen earm, mei grutte skrik en tekens en wûnders. 9Hy hat ús brocht op dit plak en hat ús dit lân jûn, in lân dat oerrint fan molke en hunich. 10Sjoch, hjir bring ik de earste fruchten fan ’e grûn dy’t Jo, o Heare, my jûn hawwe. Dan moatst se foar de eagen fan de Heare dyn God delsette en dy delbûge foar de Heare dyn God. 11Dan moatst bliid wêze oer al it goede dat de Heare dyn God dy en dyn húshâlding jûn hat, dosels, de Levyt en de frjemdling dy’t by dy tahâlde.
De tsienden
12Asto alle tsienden fan dyn opbringst oan ’e kant lein hast yn it tredde jier, it jier fan ’e tsienden, en do hast dy jûn oan ’e Levyt, de frjemdling, de wees en de widdo, dat hja binnen dyn poarten te iten hawwe en sêd wurde, 13dan moatsto útsprekke foar de Heare dyn God: Ik haw it hillige dat ik yn ’e hûs hie, fuortbrocht en it ek oan ’e Levyt, de frjemdling de wees en de widdo jûn, neffens al de geboaden dy’t Jo my oplein hawwe. Ik haw my net tsjin jo geboaden misdroegen en dy net fergetten. 14Ik haw dêr net fan iten yn ’e rouwe, ik haw dêr neat fan fuortbrocht wylst ik ûnrein wie en ik haw dêr neat fan oan in deade jûn. Ik haw harke nei wat de Heare myn God sei. Ik haw dien neffens alles wat Jo my oplein hawwe. 15Sjoch del út jo hillige went, út ’e himel en segenje jo folk, Israel en de grûn dy’t Jo ús jûn ha, lykas Jo oan ús foarfaars mei in eed tasein hawwe, in lân dat oerrint fan molke en hunich.
Israel it folk fan God
16Hjoed hjit de Heare dyn God dy, dizze foarskriften en rjochtsregels nei te kommen, datst se ûnderhâldst en neikomst mei dyn hiele hert en siel. 17Do bist hjoed mei de Heare oerienkommen, Hy soe dyn God wêze en do soest yn syn wegen gean, syn foarskriften, geboaden en rjochtsregels hâlde en harkje nei wat Hy seit, 18En de Heare is hjoed mei dy oerienkommen datsto syn eigen folk wêze soest, lykas Hy dy tasein hat, datst al syn geboaden hâlde soest, 19en dat Hy meitsje soe, dat dij lof, eare en hearlikheid tabrocht wurdt fier boppe alle oare folken dy’t Er makke hat, en datsto foar de Heare dyn God in hillich folk wêze soest, lykas Hy dy tasein hat.