Deuteronomium 25
Gjin ûnnedige wreedheid
1As manlju skeel ûnderinoar hawwe en hja smite it foar it rjocht en hja wurde berjochte, dan moat de ûnskuldige frijsprutsen en de skuldige feroardiele wurde. 2Is de skuldige ta slaggen feroardiele, dan moat de rjochter him oer de grûn lizze en him, wylst hysels derby is, slaggen jaan litte, safolle as er fertsjinne hat. 3Fjirtich slaggen mei er him jaan litte en net mear. Soenen hja him noch slaggen dêroerhinne jaan, dan soed er foar dyn eagen fernedere wurde.
4As in okse oan it terskjen is, meist him de bek net tabine.
It sweagerhoulik
5As bruorren byinoar wenje en ien fan harren stjert sûnder in soan nei te litten, dan mei de frou fan ’e ferstoarne net bûten de famylje trouwe mei in frjemde man. Har mans broer moat by har komme en mei har trouwe en it sweagerhoulik mei har oangean. 6De earste soan dy’t hja kriget, komt te stean op namme fan syn ferstoarne broer, dat dy syn namme net weiwurdt út Israel. 7Hat dy man der lykwols gjin sin oan om syn skoansuster ta frou te nimmen, dan moat syn skoansuster nei de poarte gean, nei de âldsten en hja moat sizze: Myn sweager hat wegere syn broers namme yn Israel yn stân te hâlden. Hy wol it sweagerhoulik net mei my oangean. 8De âldsten fan ’e stêd moatte him dan oproppe en mei him prate. Bliuwt er der lykwols by en seit er: Ik fiel der neat foar om mei har te trouwen, 9dan moat syn skoansuster, wylst de âldsten derby binne nei him ta gean, lûk him in skoech fan ’e foet en spui him yn it gesicht. Dêrby moat hja ferklearje: Sa docht men mei de man dy’t syn broers hûs net bouwe wol. 10En yn Israel sil dat neamd wurde: hûs fan ien dy’t de skoech útlutsen is.
Tsjin ûnbeskamsumens
11As manlju slaande deilis mei-inoar binne en de frou fan de iene komt derby om har man te helpen tsjin ’e oare dy’t him slacht, en hja soe de hân útstekke en him by syn skamte beetpakke, 12kapje har dan de hân ôf. Haw dan gjin meilijen.
Gjin twa soarten wichten of mjitten
13Do meist yn dyn pong gjin twadderlei weachstiennen hawwe, in gruttenien en ien dy’t wat lichter is. 14Yn dyn hûs meist gjin twadderlei efa ha, in gruttenien en in lytsenien. 15Dyn wichten moatte geef en suver wêze en ek dyn mjitten moatte geef en suver wêze. Dan silsto lang libje op ’e grûn dy’t de Heare dyn God dy jout. 16Want de Heare dyn God hat in ôfgriis fan elk dy’t soks docht, dy’t ûnrjocht bedriuwt.
Tsjin Amalek
17Hâld yn oantinken wat Amalek dy ûnderweis by dyn úttocht út Egypte oandien hat. 18Hoe’t hy, doest ûnderweis wiest, op dy ta kaam en dyn achterhoede oanfoel, dy’t wurch achter dy oankaam, wylst dosels ek ynein en ûngedien wiest, en hoe’t se God net frezen. 19As dan de Heare dyn God dy yn it lân dat de Heare dyn God dy yn erfbesit jout, rêst jûn hat fan al dyn fijannen om dy hinne, dan moatsto it oantinken oan Amalek ûnder de himel wei útroegje. Ferjit dat net.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap