De suverheid fan ’e gemeente
1Gjinien mei syn heite frou nimme en sa syn heite tekken opslaan.
2Gjinien by wa’t de manlikheid tekniesd is of waans manlik lid ôfsnien is, mei yn ’e gearkomste fan de Heare ferskine.
3Gjin bastert mei yn ’e gearkomste fan de Heare ferskine; net ienris syn tsiende geslacht mei yn ’e gearkomste fan de Heare ferskine.
4Gjin Ammonyt of Moäbyt mei yn ’e gearkomste fan de Heare ferskine; sels har neikommelingen oan it tsiende geslacht ta net. Dy mei dêr net komme, no net en letter net. 5Want doe’t jimme optrieken út Egypte, binne hja jimme ûnderweis net yn ’e mjitte kommen mei brea en wetter en hja hawwe Bileäm, de soan fan Beör út Petor yn Mesopotamië tsjin dy hierd om dy te ferflokken. 6Lykwols woe de Heare dyn God net nei Bileäm harkje en de Heare dyn God feroare de flok foar dy yn segen, want de Heare dyn God hie dy leaf. 7Salang ast libbest, meist nea ofte ninter har lok en foarspoed sykje.
8Do meist gjin ôfgriis ha fan ’e Edomyt, want hy is oan dy besibbe. Do meist fan de Egyptner gjin ôfgriis ha, want do hast in frjemdling yn syn lân west. 9De bern dy’t hja krije sille, dy meie yn it tredde geslacht komme yn ’e gearkomste fan de Heare.
It legerkamp moat skjinhâlden
10Wannearsto mei it leger optreksttsjin dyn fijannen, hoedzje dy dan foar alles dat ûnfoech is.
11As der te dines in man wêze soe, dy’t net rein is om wat him de nachts oerkommen is, dan moat hy út it legerkamp gean. Hy mei net yn it legerkamp komme. 12As it dan tsjin ’e jûn rint moat er him mei wetter waskje en as de sinne dan ûnder is, mei er wer yn it legerkamp komme.
13Do moatst bûten it legerkamp in plak hawwe dêrst hinne achterút kinst. 14By dyn útrissing moatst in skepke hawwe en ast bûten sitten giest, dan moatst dêr in gat mei grave, dy omkeare en bedobje wat dy ôfgien is. 15Want de Heare dyn God giet yn it fermidden fan dyn leger rûn om dy te ferlossen en dyn fijannen oan dy út te leverjen. Sadwaande moat dyn leger hillich wêze. Lit Him neat ûnfoechs by dy sjen, dat er Him net fan dy ôfkeart.
De fuortrûne slaaf
16Do meist in slaaf dy’t by syn hear weirûn is nei dy ta, net oan syn hear útleverje. 17Hy mei by dy wenje, yn dyn fermidden op it plak dat hy útkieze sil, yn ien fan dyn stêden dêr’t it him goed taliket. Do meist net wreed tsjin him wêze.
Tsjin wijde prostitúsje
18Der mei ûnder de Israelityske froulju gjin wijde hoer wêze, noch ûnder de Israelityske manlju ien dy’t oan ûnseedlikens wijd is. 19Do meist om in gelofte yn te lossen gjin huorrelean of hûnejild yn it hûs fan de Heare dyn God bringe, want de Heare dyn God hat fan dy allebeide in ôfgriis.
Ferbod fan rinte
20Do meist gjin rinte fan dyn lânsman nimme, fan jild noch fan itenswaar, noch fan wat ek mar op rinte jûn wurde kin. 21Fan ’e bûtenlanner meist rinte nimme, mar fan dyn lânsman meist gjin rinte nimme. Dan sil de Heare dyn God dy segenje yn alles watst ûndernimst yn it lân dêrst no hinnegiest om it yn besit te nimmen.
Oer geloften
22Asto de Heare dyn God in gelofte dien hast, sko it folbringen dêrfan dan net op ’e lange baan, want de Heare dyn God sil it wis opfreegje en do soest dy besûndigje. 23Ast lykwols gjin gelofte dochst, dan besûndigest dy dêr net oan. 24Wat dy oer de lippen kommen is, moatst dy oan hâlde en it neikomme, sast de Heare dyn God frijwillich in gelofte mei eigen mûle ûnthjitten hast.
Druven en nôt ploaitsje op oarmans grûn
25Ast troch de druvehôf fan dyn neiste giest, dan meist dy sêd ite oan ’e druven, mar do meist se hjir of dêr net yn meinimme. 26Ast troch it steande nôt fan dyn neiste giest, dan meist ieren ploaitsje mei de hân, mar do meist de sichte net yn it steande nôt fan dyn neiste slaan.