Weirekke besit
1Ast in ko of in skiep fan dyn lânsman sjochst, in bist dat ferdwaald is, dan meist it net rinne litte. Do bist ferplichte it werom te bringen nei dyn lânsman. 2As dyn lânsman net tichteby wennet, of ast him net kenst, dan moatsto it meinimme nei dyn eigen hûs en it sil te dines bliuwe oant dyn broer dêrnei fernimt. Dan moatst it him weromjaan. 3Krektallyk moatst dwaan mei syn ezel, sa moatst dwaan mei syn klean; en mei alles dat dyn broer kwytrekke is, dat hy weitôge hat en do hast it fûn, moatst krektsa dwaan. Do meist it net omtoarkje litte. 4Asto sjochst dat de ezel of de okse fan dyn broer ûnderweis komt te fallen, dan mei it dy net kâld lizze; do bist ferplichte him te helpen it bist oerein te krijen.
Ferskillende foarskriften
5In frou mei gjin manljusdracht oanhawwe en in man mei him net klaaie yn frouljusklean, want al wa’t soks docht, is de Heare dyn God in ôfgriis.
6Asto ûnderweis in fûgelnêst oantrefst yn de iene of oare beam of op ’e grûn, mei jongen of aaien en it wyfke sit op ’e jongen of de aaien, dan meist it wyfke net boppe de jongen weinimme. 7Yn elk gefal moatst it wyfke fleane litte, mar de jongen meist meinimme. Dan sil it dy goed gean en silsto lang libje.
8Asto in nij hûs boust, dan moatst in stek om it dak meitsje, dat der gjin bloedskuld op dyn hûs komme sil as der ris ien ôffalle mocht.
9Do meist dyn druvehôf net ynsiedzje mei twa soarten sied. Oars ferfalt de opbringst fan it sied datst siedde hast en de rispinge fan ’e wyngerd oan it hillichdom. 10Do meist net ploeie mei in okse en in ezel yn it span. 11Do meist gjin klean drage fan mingde stof, wol en linnen trochinoar. 12Do moatst dy kwasten meitsje oan ’e fjouwer hoeken fan ’e mantel, dyst draachst.
Houlikswetten
13As in man in frou troud hat en hy mei har, nei’t er mienskip mei har hân hat, net mear lije, 14en hy beskuldiget har fan skandlike dingen en bringt har op in kweanamme mei te sizzen: Ik bin mei dizze frou troud en doe’t ik mienskip mei har hie, die it my bliken, dat hja gjin faam mear wie, 15dan moatte de heit en de mem fan it fanke it bewiis dat se noch faam wie, meinimme nei de poarte, nei de âldsten fan ’e stêd. 16De heit fan it fanke moat dan tsjin de âldsten sizze: Ik haw oan dizze man myn dochter ta frou jûn en no mei er har net mear lije. 17Sjoch, hy hat har fan skandlike dingen beskuldige en sein: It die my bliken, dat jo dochter gjin faam mear wie. Hjir is lykwols it bewiis, dat myn dochter noch wol faam wie. Hja sille dan it stik klean foar ’e âldsten fan ’e stêd útteare. 18De âldsten fan ’e stêd moatte dy man dan gripe en him straffe. 19Hja moatte him ek in boete fan hûndert sulverstikken oplizze en dy oan de heit fan it fanke jaan, want hy hat in Israelitysk jongfaam op in kweanamme brocht. Hja sil syn frou bliuwe en hy sil har net ferstjitte kinne salang’t er libbet.
20Is it lykwols wier wat hy seit, en wie it fanke gjin faam mear, 21dan moatte hja it fanke nei de doar fan har heite hûs bringe en de mannen fan har stêd moatte har mei stiennen smite oant hja it bestjert, want hja hat in skandlik ding útheefd yn Israel, mei te huorkjen yn har heite hûs. Sa silst it kwea útdylgje út dyn fermidden.
22As in man derop betrape wurdt dat er by in troude frou sliept, dan moatte se beide stjerre: de man dy’t by de frou sliept hat en de frou. Dan silst it kwea út Israel útroegje.
23As in man in fanke dat as faam oan in man fersein is, moetet yn ’e stêd en hy sliept by har, 24dan moatte beide nei de poarte fan dy stêd brocht wurde en se moatte har mei stiennen smite oant hja it bestjerre. It fanke, omdat hja yn ’e stêd net om help roppen hat en de man, omdat er de frou fan syn neiste skeind hat.
25Treft de man it ferloofde fanke lykwols yn it fjild oan, hy pakt har beet en sliept by har, dan moat allinne de man dy’t by har sliept hat stjerre. 26It fanke lykwols meisto neat dwaan. It fanke hat gjin sûnde dien dêr’t de deastraf op stiet. Dit gefal stiet gelyk mei dat fan in man dy’t op syn neiste oanfalt en him it libben benimt. 27Hy hat har ommers yn it fjild oantroffen. It ferloofde fanke hat wol om help roppen, mar der wie gjinien om har te rêden.
28As in man in fanke, in faam noch, en noch net ferloofd, oantreft, hy nimt har en sliept by har en se wurde betrape, 29dan moat de man fyftich sulverstikken oan ’e heit fan it fanke jaan. Hy moat mei har trouwe omdat er har skeind hat. Hy sil har net ferstjitte meie, salang’t er libbet.