De hillige Geast wurdt útstoart
1Doe’t it oan’e dei fan it Pinksterfeest ta wie, wienen se allegearre op ien en itselde plak byinoar; 2doe kaam der ynienen út ’e himel in gerûs oft der in ferheftige wyn oanstrûzen kaam; dat klonk troch it hiele hûs dêr’t se sieten. 3Der ferskynde harren wat dat op flammen fan fjoer like, dy’t útinoar gongen en dy setten har op in elk fan harren del; 4en se waarden fol fan ’e hillige Geast, en begûnen allegearre yn oare talen te sprekken, al nei’t de Geast it harren ynjoech har te uterjen.
5No wennen der yn Jeruzalem Joaden, fromme mannen út alle lannen fan ’e wrâld; 6en op it hearren fan dat gerûs kamen de minsken fan alle kanten der op ta; se rekken alhiel fan ’e wize, want in elk hearde harren yn syn eigen taal sprekken. 7Se wienen ferheard en seinen fol ferwûndering: ‘Binne dat net allegearre Galileeërs, dy’t dêr oan it wurd binne? 8Hoe komt it dan, dat in elk se praten heart yn syn eigen memmetaal? 9Parten, Meden en Elamiten, ynwenners fan Mesopotamië, Judéa en Kappadoasië, Pontus en Asia, 10Frygië en Pamfylië, Egypte en dat part fan Lybië dat by Cyrene leit, Romeinen dy’t hjir tahâlde, 11Joaden en dy’t Joad wurden binne, lju fan Kreta en út Arabië, wy hearre harren yn ús eigen taal fertellen fan Gods grutte dieden.’ 12Se wienen der allegearre glêd mei oan en seinen tsjin inoar: ‘Wat hat dit te betsjutten?’ 13Oaren besloegen it mei de gek en seinen: ‘Se hawwe tefolle swiete wyn hân!’
Petrus hâldt de earste Pinksterpreek
14Mar Petrus kaam mei de alve oaren nei foaren, en spriek de minsken mei lûde stim ta: Jimme, Joaden en allegearre dy’t yn Jeruzalem wenje, dit moatte jimme witte, harkje dus nei myn wurden. 15Dizze lju binne net dronken, lykas jimme oannimme, want it is noch mar njoggen oere yn ’e moarntiid. 16Nee, dit is wat de profeet Joël oankundige hat:
17Yn it lêstoan fan ’e dagen, seit God,
sil Ik fan myn Geast útstreame litte op alle minsken.
Dan sille jimme soannen en dochters profetearje;
jimme jongerein sil fizioenen krije
en jimme âlderen dreamgesichten
18ja, ek op myn slaven en slavinnen sil Ik yn dy dagen fan myn Geast útstreame litte
en dan sille se profetearje.
19Ik sil wûnders jaan boppe oan ’e himel
en tekens ûnder op ’e ierde,
bloed en fjoer en wâlmjende reek,
20de sinne sil tsjuster wurde en de moanne read as bloed,
eardat de grutte, strieljende Dei fan de Hear komt.
21Dan komt it sa, dat elk dy’t de namme fan ’e Heare oanropt,
behâlden wurde sil.
22Mannen fan Israel, harkje nei myn wurden: Jezus de Nazoreeër wie in man mei in godlike opdracht; dêr hat God jimme it bewiis fan jûn troch machtige wûndertekens, dy’t God troch Him yn jimme bywêzen dien hat, lykas jimme sels wol witte. 23Hy is, sa’t God it fan te foaren witten en beskikt hat, oerlevere en jimme hawwe Him oan it krús slaan en fermoardzje litten troch minsken dy’t de wet net kenne. 24Mar God hat Him opwekke en fan ’e weeën fan ’e dea ferlost; it koe ommers net bestean dat dy dea Him fêsthâlde. 25Want David seit oer Him:
Ik hie de Hear aloan foar eagen,
Hy is ommers oan myn rjochterhân,
dat ik net oan it wankeljen reitsje soe.
26Dêrom is myn herte bliid en jubelet myn tonge,
ja, sels myn lichem sil rêst fine,
omdat ik derop hoopje,
27dat Jo my net yn it deaderyk bliuwelitte
en jo Hillige it ferdjer net ûndergean litte sille.
28Jo hawwe my de paden fan it libben bekend makke,
Jo sille my fol fan blydskip meitsje deun by Jo.
29Mannen, bruorren, fan ús foarfaar David kinne wy jimme rêstich sizze, dat er stoarn is en begroeven, en syn grêf is yn ús fermidden oant hjoed-de-dei ta. 30Mar hy wie in profeet en wist, dat God him der in eed op dien hie, dat Er fan syn neiteam ien op syn troane sette soe. 31Sadwaande hat er yn ’e takomst sjoen en op ’e ferrizenis fan Kristus doeld, doe’t er sei:
Hy is net oan it deaderyk oerlitten
en syn lichem hat gjin ferdjer ûndergien.
32Dyselde Jezus hat God opwekke út ’e dea, dêr binne wy allegearre getugen fan. 33Hy is ferhege troch Gods rjochterhân; Hy hat fan ’e Heit de hillige Geast krige dy’t tasein wie, en dy op ús útstreame litten, sa’t jimme no sjogge en hearre. 34Want David is net opfearn nei de himel, mar hy seit sels:
De Hear hat tsjin myn Hear sein:
Gean oan myn rjochterhân sitten,
35dan sil Ik fan dyn fijannen in fuotbank foar dy meitsje.
36Sa moat it hiele folk Israel der wis fan wêze, dat God Him Hear en Kristus makke hat, dyselde Jezus dy’t jimme krusigje litten hawwe.
37Doe’t se dat hearden, gong it harren troch alles hinne en se seinen tsjin Petrus en de oare apostels: Wat moatte wy dwaan, mannen, bruorren? 38Petrus antwurde harren: Bekear jimme, en dan moat elk fan jimme him dope litte mei it neamen fan de namme fan Jezus Kristus om ferjouwing fan sûnden te krijen. Dan sil jimme de hillige Geast skonken wurde. 39Want foar jimme is de belofte en foar jimme bern en foar allegearre dy’t om fierrens binne, safolle as de Hear ús God der mar by ropt. 40En sa joech er getugenis mei gâns mear wurden en stie der tige by harren op oan: Lit jimme rêde út dit ferkearde geslacht.
Hoe ’t de earste kristenen libben
41En dy’t syn wurd oannamen, lieten har dope; der kamen dy deis sa’n trijetûzen minsken by. 42Se hâlden har trou by it ûnderwiis fan ’e apostels en by de mienskip, by it brekken fan it brea en it bidden.
43Alle minsken krigen der ûntsach foar: safolle wûndertekens dienen de apostels. 44Dy’t it leauwen oannommen hienen, bleauwen byinoar en hienen alles mienskiplik. 45Se plichten har eigendommen en besittingen te ferkeapjen en de opbringst ûnder alleman te ferdielen, al nei’t elk ferlet hie. 46Alle dagen gongen se ek trou en ienriedich nei de timpel, brutsen oan hûs it brea mei in bliid en ienfâldich herte. 47Se loven God en stienen by it hiele folk yn ’e geunst. En de Hear brocht der alle dagen guon by, dy’t har behâld fûnen.