Ynlieding: Jezus’ himelfeart
1Yn myn earste boek, Teófilus, haw ik beskreaun wat Jezus fan it begjin ôf allegearre dien en de minsken leard hat, 2oan ’e dei ta dat Er opnommen waard. Dy deis hied Er oan ’e apostels dy’t Er útkeazen hie, troch de hillige Geast syn opdrachten jûn. 3Oan dy apostels hied Er Himsels ek nei syn marteldea wit-hoe-faak sjen litten as bewiis dat Er yn libben wie; fjirtich dagen lang is Er oan harren ferskynd en hat Er mei harren praat oer it keninkryk fan God. 4Hy siet mei har oan tafel en doe joech Er harren te hâlden: ‘Gean net út Jeruzalem wei, mar wachtsje op wat myn Heit tasein hat, lykas jimme dat fan My heard hawwe. 5Want Johannes hat de minsken wol mei wetter doopt, mar jimme sille mei de hillige Geast doopt wurde en dat sil noch mar in pear dagen oanhâlde.’
6Doe’t se dêr sa byinoar wienen, dienen se Him dizze frage: Hear, sille Jo yn dizze tiid foar Israel it keninkryk wer ynstelle? 7Doe sei Er tsjin harren: ‘It komt jimme net ta, de oeren en tiden te witten, dy’t de Heit frijmachtich fêststeld hat. 8Mar jimme sille fersterke wurde troch de hillige Geast dy’t oer jimme komt, en jimme sille myn getugen wêze yn Jeruzalem en yn hiele Judéa en Samaria en oan ierdryks einen ta.’ 9Doe’t Er dat sein hie, waard Er foar har eagen opnommen; in wolk naam Him wei út har eachweid. 10Se dikeren nei de himel, wylst Er by har weigong; en dêr stienen ynienen twa manlju by har yn wite klean; 11dy seinen: Jimme Galileeërs, wêrom stean jimme dêr sa nei de himel te sjen? Dy Jezus, dy’t no by jimme wei nei de himel opnommen is, sil op ’e selde wize weromkomme as jimme Him nei de himel tagean sjoen hawwe.
12Doe gongen se werom nei Jeruzalem, fan ’e berch ôf dy’t Oliveberch hjit; dy leit tichteby Jeruzalem, sa fier as men op sabbat reizgje mei. 13Doe’t se yn ’e stêd oankamen, gongen se nei de boppeseal dêr’t se geregeld tahâlden: Petrus en Johannes, Jakobus en Andréas, Filippus en Tomas, Bartoloméus en Mattéus, Jakobus de soan fan Alféus, Simon de fersetsman en Judas de soan fan Jakobus. 14Dy hâlden allegearre ienriedich oan mei bidden, yn it selskip fan de froulju lykas Maria, Jezus’ mem, en fan syn bruorren.
Der wurdt in nije apostel oansteld
15Yn dy tiid wienen de freonen fan Jezus ris byinoar, in selskip fan sa’n hûndertentweintich man – en doe gong Petrus oerein en sei: 16‘Mannen bruorren, it Skriftwurd moast neikomme, dat de hillige Geast troch David foarsein hat oer Judas; Judas, dy’t it paad wiisd hat oan de mannen dy’t Jezus oppakt hawwe. 17Hy hearde by ús, hy mocht mei ús yn itselde tsjinstwurk stean. 18Dy man dan hat in stik lân kocht foar it lean, dat er foar syn misdied bard hie; hy is foaroer fallen en iepen barsten, dat syn hiele yngewant kaam derút. 19Alle ynwenners fan Jeruzalem hawwe derfan heard; sadwaande hjit dat stik lân yn har eigen taal Akeldama, dat wol sizze: Bloedikker. 20It stiet ommers yn it boek fan ’e Psalmen beskreaun:
lit syn hússtee in woestenije wurde
en lit der net ien op wenje.
en fierder:
lit in oar syn amt oernimme.
21Der moat dus fan ’e mannen, dy’t mei ús reizgen al dy tiid dat de Heare Jezus mei ús op en útgong, 22te begjinnen by it dopen fan Johannes oan ’e deis ta dat Er by ús wei opnommen waard – fan dy mannen moat dus ien mei ús getuge wêze fan syn opstanning.’ 23Doe wiisden se twa oan: Joazef dy’t Barsabbas neamd waard en ek wol Justus, en Mattias. 24En se sprieken dit gebed út: ‘O Hear, dy’t alle herten kenne, wiis dy iene oan, dy’t Jo út dizze twa útkeazen hawwe, 25om yn dit apostelamt it plak yn te nimmen, dat Judas ferlitten hat om te gean nei it plak dêr’t er thúsheart.’ 26Doe lieten se har lotsje, en it lot foel op Mattias; dat dy waard oanwiisd as de tolfte apostel.