Ferskil fan miening; moatte net-Joaden ek besnien wurde?
1Doe kamen der guon út Judéa wei en dy hâlden de gemeenteleden foar: As jimme jim net besnije litte neffens it gebrûk sa’t Mozes it ús leard hat, kinne jimme net behâlden wurde. 2Mar Paulus en Barnabas krigen gâns spul en strideraasje mei harren, dat der waard ornearre, Paulus en Barnabas mei noch in pear fan harren soenen oer dy kwestje nei Jeruzalem gean, nei de apostels en de âldsten.
3Nei’t de gemeenteleden har de stêd útbrocht hienen, reizgen se troch Fenisië en Samaria, en fertelden oeral fan de heidenen dy’t har bekeard hienen; dêr wienen de kristenen allegearre wakker bliid om. 4By har oankomst yn Jeruzalem hellen de gemeenteleden, de apostels en de âldsten harren yn; en se brochten der ferslach oer út, wat God allegearre mei harren dien hie.
5Doe kamen der guon út de partij fan ’e Fariseeërs dy’t kristen wurden wienen, yn ’t ferset, en ornearren: Men moat har besnije en harren oplizze om har oan ’e wet fan Mozes te hâlden.
Apostels en âldsten beriede har oer de kwestje fan it besnijen
6Doe kamen de apostels en de âldsten byinoar om har oer dy saak te berieden. 7Der kaam gâns strideraasje oer, en doe gong Petrus oerein en sei tsjin harren: Mannen, bruorren, jimme witte dat God al wit-hoe-lang lyn út jimme fermidden my útsocht hat, dat de heidenen út myn mûle it bliid boadskip hearre soenen en ta leauwen komme. 8En God, dy’t de herten ken, hat dêr syn goedkarring oan jûn, meidat Er oan harren de hillige Geast jûn hat likegoed as oan ús; 9Hy hat neat gjin ferskil makke tusken har en ús, want Hy hat har herten troch it leauwen reinige. 10Wêrom fergje jimme God dan no, troch de learlingen in jok om ’e nekke te lizzen, dat wy likemin as ús foarâlden drage kinnen hawwe? 11Krekt oarsom! Wy leauwe dochs, dat wy op ’e selde wize behâlden wurde as dy oaren ek: troch de genede fan ’e Hear Jezus Kristus.
12It hiele selskip waard der stil fan, en se harken nei Paulus’ en Barnabas’ ferhaal oer al dy wûndertekens dy’t de Hear har ûnder de net-Joaden dwaan litten hie. 13Doe’t dy útpraat wienen, ferfette Jakobus: Mannen, bruorren, harkje ris nei my. 14Simeön hat útlein, hoe’t God der fan it begjin ôf al op út west hat om út it fermidden fan ’e heidenen foar Himsels in folk te winnen. 15Dat strykt mei de wurden fan ’e profeten, lykas it beskreaun stiet:
16Dêrnei sil Ik weromkomme
en de ynfallen wente fan David wer opbouwe;
Ik sil syn púnfallen wer opbouwe
en dy wente wer oereinsette,
17en dan sille alle oare minsken de Hear sykje,
alle heidenfolken dêr’t syn namme oer útroppen is.
Sa sprekt de Hear, dy’t dy dingen docht,
18dy’t al sûnt ieuwen bekend binne.
19Dêrom bin ik fan betinken, dat men it de heidenen dy’t har ta God bekeare, net swierder meitsje moat as hoecht. 20Wy moatte harren allinne skriuwe dat se ôfbliuwe moatte fan dingen dy’t troch de ôfgoadetsjinst ûnrein wurden binne, en fan ûntucht, fan it fleis en bloed fan smoarde bisten. 21Der binne ommers fan âlde tiden ôf yn elke stêd wol mannen dy’t de wet fan Mozes bekend meitsje, dêr’t elke sabbat yn ’e synagoge út lêzen wurdt.
22Doe besleaten de apostels en de âldsten, mei de hiele gemeente, in pear fan harren oan te wizen, dy’t mei Paulus en Barnabas nei Antiochië gean moasten; dat waarden Judas dy’t ek Barsabbas neamd wurdt, en Silas, foaroansteande mannen yn ’e gemeente. 23Se joegen harren dit brief mei: Oan de net-Joadske kristenen yn Antiochië, Syrië en Cilicië. De apostels en âldsten groetsje jimme as bruorren. 24Wy hawwe derfan heard dat guon by ús wei jimme mei har praat fan ’e wize brocht en oerstjoer makke hawwe, sûnder dat wy harren opdracht jûn hienen; 25dêrom hawwe wy mei algemiene stimmen besletten, guon oan te wizen om nei jimme ta te gean mei ús freonen Barnabas en Paulus, 26minsken dy’t har libben weage hawwe foar ús Hear Jezus Kristus. 27Sa hawwe wy dan Judas en Silas stjoerd, dy’t jimme itselde ek mûnling meidiele sille. 28Want de hillige Geast en wy binne ta it beslút kommen, jimme fierder gjin ferplichting op te lizzen as dizze needsaaklike: 29dat jimme ôfbliuwe sille fan fleis dat fan ôfgoade-offers komt, fleis fan fersmoarde bisten, fan bloed en fan ûntucht. Jimme sille der goed oan dwaan, jim dêr frij fan te hâlden. It mei jimme goed gean!
Antiochië kriget útslútsel
30Doe namen se ôfskie en gongen nei Antiochië; se rôpen de gemeente byinoar en joegen de brief oer. 31Dy waard foarlêzen en de lju wienen wakker bliid om de bemoedigjende wurden. 32En Judas en Silas, dat sels ek profeten wienen, sprieken lang mei de bruorren om har te bemoedigjen en te fersterkjen. 33Se bleauwen dêr in skoft, en doe lieten de bruorren harren mei de fredegroet weromgean nei har opdrachtjouwers. [ 34]
35Mar Paulus en Barnabas bleauwen noch yn Antiochië; se joegen dêr ûnderrjocht en brochten, mei gâns oaren, it bliid boadskip fan ’e Hear.
Paulus en Barnabas krije spul
36Mar in skoftsje letter sei Paulus tsjin Barnabas: Lit ús nochris de bruorren opsykje yn alle stêden dêr’t wy it wurd fan ’e Hear brocht hawwe, om te sjen hoe’t it mei harren is. 37Doe woe Barnabas Johannes, dy’t ek Markus neamd wurdt, ek meihawwe; 38mar Paulus wie der fûl op tsjin, de man mei te nimmen, dy’t yn Pamfilië by harren weigien wie en harren foar it wurk opstrûpe litten hie. 39Dêr krigen se sa’n spul oer, dat se gongen útinoar; Barnabas naam Markus mei en gong ûnder seil nei Cyprus. 40En Paulus keas Silas as maat en reizge ôf, nei’t de bruorren him yn gebed oan Gods geunst opdroegen hienen; 41hy reizge troch Syrië en Cilicië en fersterke rûnom de gemeenten.