De apostels yn Ikonium
1Yn Ikonium gongen se tagelyk nei de synagoge fan ’e Joaden en sprieken sa, dat in grut tal minsken ta it leauwen kaam, Joaden en Griken, fan beiden. 2Mar de Joaden dy’t der nèt oan woenen, wisten de heidenen oan te hysjen ta bittere fijânskip tsjin ’e kristenen. 3Se hâlden dêr gâns in skoft ta; se doarsten it wurd wol dwaan, yn betrouwen op ’e Hear, dy’t de ferkundiging fan syn genede fuortsterke mei wûndertekens dy’t Er harren dwaan liet. 4Der kamen no twa partijen ûnder de bewenners fan ’e stêd; guon hâlden it mei de Joaden, oaren mei de apostels. 5En de heidenen en de Joaden mei har foarmannen dienen der war op om harren te mishanneljen en te stiennigjen. 6Doe’t de apostels dat gewaar waarden, namen se de wyk nei de stêden fan Lykaonië, Lystra, Derbe en de omkriten; 7en dêr brochten se it evangeelje ek.
Barnabas en Paulus wurde yn Lystra foar goaden oansjoen
8No siet der yn Lystra in man, dy hie gjin macht yn ’e fuotten; fan bern ôf oan wied er lam, hy hie noait gean kinnen. 9Wylst er nei Paulus’ taspraak siet te harkjen, naam dy him ris goed op, en doe’t er fernaam dat de man it leauwen hie om better wurde te kinnen 10sei er lûd: Gean do rjocht op dyn fuotten stean! Doe sprong er oerein en stapte hinne en wer. 11Doe’t al it folk seach wat Paulus dien hie, begûnen se yn it Lykaonysk te roppen: De goaden binne by ús op ierde kommen as wienen it minsken, 12en se neamden Barnabas Zeus, en Paulus Hermes, omdat dy it wurd die. 13De pryster fan Zeus, dy’t bûten de stêd syn timpel hie, brocht bollen mei krânsen om by de poarten, en woe mei it folk in offer bringe. 14Doe’t de apostels Barnabas en Paulus dat fernamen, skuorden se de klean op, sprongen tusken it folk en rôpen: 15Mannen, wêrom dogge jimme dat? Wy binne ek mar gewoane minsken, krektlyk as jimme; wy sizze jimme oan, dat jimme jim fan dy ûnnutte dingen ôfkeare moatte ta de libbene God, dy’t de himel en de ierde makke hat en de see mei alles wat dêryn is; 16Hy hat yn ’e tiden dy’t achter ús lizze, alle folken op har eigen wegen gewurde litten; 17al hat Er jim fansels wol dúdlik sjen litten dat Er in God is dy’t goeddocht, meidat Er jimme út ’e himel wei fruchtbere tiden troch reinwetter joech en jimme bliid makke mei iten by de rûs. 18Mei dy wurden koenen se de minsken der mar mei lijen fan ôfhâlde om harren in offer te bringen.
19Doe kamen der Joaden út Antiochië en Ikonium, dy’t it folk bepraten; se stiennigen Paulus en sleepten him ta de stêd út, want se tochten net oars as hy wie dea. 20Mar doe’t de kristenen om him hinne stienen, kaam er oerein en gong de stêd wer yn. En de oare deis reizge er mei Barnabas ôf nei Derbe.
De apostels geane werom nei Antiochië yn Syrië
21Se brochten dy stêd it evangeelje en wûnen aardich wat oanhingers. Doe gongen se werom nei Lystra, Ikonium en Antiochië, 22sprieken de gemeenteleden moed yn en stienen derop oan dat se trou bliuwe soenen oan it leauwen, mei it sizzen: Wy moatte gâns trochmeitsje ear’t wy yn it ryk fan God komme kinne. 23Se wiisden yn alle gemeenten âldsten oan, en droegen har mei bidden en festjen op oan ’e Hear dêr’t se no yn leauden. 24Doe reizgen se troch Pisidië en kamen yn Pamfilië, 25en nei’t se yn Perge it evangeelje ferkundige hienen, kamen se yn Attalia oan ’e kust. 26Dêrwei foeren se wer nei Antiochië, it plak dêr’t se oan Gods genede opdroegen wienen en útstjoerd foar it wurk, dat se no folbrocht hienen. 27Nei har oankomst rôpen se de gemeente byinoar en brochten der ferslach oer út, wat God net allegearre mei harren dien hie en dat Er foar de net-Joaden de doar fan it leauwen iepenset hie. 28Doe bleauwen se dêr gâns in skoft by de gemeente.