1Ik beswar dy foar God en foar Kristus Jezus, dy’t libbenen en deaden oardielje sil en by de ferskining fan syn keninkryk: 2Ferkundigje it Wurd, wês derby, by tiid en ûntiid, wjerlis, bestraf, fermoanje, lear sadwaande yn alle langmoedigens dy’t it ûnderrjochtsjen no ienris freget. 3Want der komt in tiid, dat se de sûne lear net mear ferneare sille, mar harsels learmasters byinoar sykje nei har eigen smaak, om te hearren wat se graach hearre wolle. 4Mar foar de wierheid sille se it ear slute om har nei de fabels ta te kearen. 5Do lykwols, hâld de holle koel by al dy dingen, draach it lijen, doch it wurk fan in evangelist, meitsje dyn wurk dien.
Paulus syn lêste wurden
6Want wat my oangiet, myn bloed wurdt al as in offer útstoart en de tiid dat ik hjirwei moat, is al kommen. 7Ik haw de goede striid striden, de baan útrûn, it leauwen behâlden. 8Fierders leit de krânse foar my klear, dy’t ik earlik fertsjinne haw, dy’t de Hear, de rjochtfeardige rjochter, my jaan sil op dy grutte dei; en net allinnich my, mar allegearre dy’t mei leafde tidige hawwe op syn weromkommen.
Persoanlike meidielings
9Doch dyn bêst om mei gauwens by my te kommen. 10Want Démas hat my sitte litten, om’t er de tsjintwurdige wrâld leaver hie en is nei Tessaloníka reizge. Kreskens is nei Galatië ta gien, Titus nei Dalmatië. 11Allinne Lukas is noch by my. Helje Markus op en nim him mei, want ik kin him skoan brûke foar it wurk. 12Tychikus haw ik nei Efeze stjoerd. 13Asto komst, nim dan de reismantel mei, dy’t ik yn Troäs by Karpus bliuwe litten haw, ek de boeken, foaral de perkaminten.
14Aleksander smid hat my gâns kwea oandien. De Hear sil him dêrneffens ferjilde. 15Nim do dy ek foar him te wacht. Want hy hat tige tsjin ús wurden stien. 16By myn earste ferdigening hat net ien it foar my opnommen; allegearre hawwe se my sitte litten. Mei it harren net oanrekkene wurde. 17Mar de Hear hat my bystien en Hy hat my krêft jûn. Sa koe troch my de ferkundiging alhiel ta de ein brocht wurde en koenen alle heidenfolken dy hearre. Sa bin ik ferlost út ’e bek fan ’e liuw. 18De Hear sil my ek fierder beskermje tsjin alle oanslaggen en my behâlden yn syn himelsk keninkryk bringe. Him mei de hearlikheid wêze yn alle ivichheid. Amen.
Groetenis en segen
19Doch de groetenis oan Priska en Aquila en oan Onesiforus syn húshâlding. 20Erastus is yn Korinte bleaun, Trófimus haw ik yn Miléte bliuwe litten, om’t er siik wie. 21Doch dyn bêst om noch foar de winter te kommen. De groetenis fan Eúbulus, Pudens, Linus, Klaudia en alle bruorren.
22De Hear wês mei dyn geast. De genede wês mei jimme allegearre.