Skriuwer, adres, groetenis
1Fan Paulus, tsjinstfeint fan God en apostel fan Jezus Kristus om har dy’t God útkeazen hat, dêrhinne te lieden, dat se leauwe en de wierheid kenne, lykas dy mei echt kristen-wêzen strykt. 2Dat leauwen en kennen hat syn grûn yn ’e hope op it ivige libben. God, dy’t net leagenet, hat dat wit-hoe-lang lyn tasein. 3En no hat Er op syn tiid syn wurd iepenbier makke troch de ferkundiging dy’t my tabetroud is neffens it befel fan God, ús Ferlosser.
4Oan Titus, myn echte soan yn it leauwen dêr’t wy beide diel oan hawwe. Genede en frede meie dy jûn wurde fan God de Heit en Kristus Jezus ús Ferlosser.
Opdracht om de tsjerken op Kreta te organisearjen
5Dêrfoar haw ik dy op Kreta bliuwe litten, datsto wat noch net yn oarder wie, regelje soest en yn elke stêd âldsten oanstelle, lykas ik dy hjitten haw. 6Mannen dêr’t neat op te sizzen falt, dy’t har by ien frou hâlde, mei bern dy’t leauwe, dy’t net op ’e namme lizze fan lossens en dy’t gjin wylde bruiers binne. 7Want in opsjenner moat neat op te sizzen wêze, – hy giet ommers oer Gods húshâlding – net bazich, net opljeppend, gjin drinker, net los mei de hannen of op skandlike winst út. 8Mar hy moat gastfrij wêze, ien dy’t graach it goede docht, hoeden, rjochtfeardich, hillich en in man dy’t himsels yn ’e macht hat, 9dy’t it betroude wurd, lykas him dat leard is, sa heech hâldt, dat hy by steat is en fermoanje mei de sûne leare en wjerlis de tsjinsprekkers.
Striid tsjin ’e dwaallearaars
10Want der binne ferskate minsken dy’t fan gjin tucht witte wolle, dy’t mar raak swetse en oaren op ’e doele bringe, benammen ûnder de Joaden. 11Men moat har de mûle stopje. Se ferrinnewearje hiele húshâldings troch te learen wat gjin foech jout. Soks dogge se om skandlike winst te meitsjen. 12Ien fan harren, har eigen profeet noch wol, hat sein: Ligers, dat binn’ de Kretinzers, ja wylde, loailivige fretters.
13Dêr hat de man in wier wurd mei sein. Dêrom: gean skerp tsjin har yn, dat se sûn wurde meie yn it leauwen, 14en har net ôfjouwe mei Joadske fabels en geboaden fan minsken dy’t har fan ’e wierheid ôfkeare.
15Alles is rein foar harren dy’t sels rein binne. Wis, mar foar har dy’t besmodze binne en net leauwe, is neat rein: har ferstân en gewisse binne beide besmodze. 16Se hâlde út, dat se God kenne, mar mei har dieden geane se dêr lyk tsjinyn, ôfgryslike minsken dat se binne, rebellen en ta neat goeds by steat.