Davids oerwinnings
1Dêrnei fersloech David de Filistinen en hy brocht har derûnder, en David naam de Filistinen de leie (fan it bestjoer) út hannen. 2Ek fersloech er de Moäbiten en meat har ôf mei in snoer: Hy liet har oer de grûn lizzen gean en meat twa snoerlangten ôf, dy’t dea moasten en in folle snoerlangte dy’t yn libben bliuwe koenen. Sa moasten de Moäbiten har ûnder David deljaan en him skatting opbringe.
3Fierder fersloech David Hadadêzer, de soan fan Rechob, de kening fan Soba, doe’t dy op mars wie om oan ’e Rivier op ’e nij syn macht te festigjen. 4David naam him 1700 ruters ôf en 20.000 man fuotfolk. Hy liet alle lûkhynders de haksinen trochsnije. Mar hûndert span hâlde er sels. 5De Arameeërs fan Damaskus kamen om kening Hadadêzer fan Soba te helpen, mar David fersloech fan ’e Arameeërs 22.000 man. 6En David lei besetting yn Aram-Damaskus, dat de Arameeërs moasten har ûnder David deljaan en skatting opbringe. Sa joech de Heare David, oeral dêr’t er hinnegong, de oerwinning. 7De gouden skylden dy’t fan Hadadêzers tsjinstfeinten west hienen, naam David mei nei Jeruzalem. 8Ut Bêtach en Berotai, stêden fan Hadadêzer, naam David ûnwittend folle brûns mei.
9Toï, de kening fan Hamat, hearde dat David de hiele striidmacht fan Hadadêzer ferslein hie. 10Doe stjoerde Toï syn soan Joaram nei kening David om him de groetenis te dwaan en him dêr lok mei te winskjen, dat er mei Hadadêzer slach levere hie en him ferslein hie. It hie altyd oarloch west tusken Hadadêzer en Toï. Joaram hie sulveren, gouden en brûnzen gerei by him. 11Ek dat hat kening David oan ’e Heare tawijd mei it sulver en it goud fan alle folken dy’t er de baas wurden wie en dat er al wijd hie, 12út Aram, út Moäb, fan ’e Ammoniten en de Filistinen, út Amalek en út ’e bút op Hadadêzer, de soan fan Rechob, de kening fan Soba.
13David makke him op ’e weromreis namme, troch yn ’e Sâltdelling 18.000 man fan ’e Edomiten te ferslaan. 14Hy lei besetting yn Edom. Yn hiele Edom lei er besetting, dat hiel Edom joech him ûnder David del. Sa joech de Heare David de oerwinning, oeral dêr’t er hinnegong.
Davids amtners
15Sa wie David kening oer hiele Israel en die aloan rjocht en gerjochtichheid oan syn hiele folk. 16Joäb, de soan fan Serûja, stie oer it leger; Josafat, de soan fan Achilûd, wie kânselier; 17Sadok, de soan fan Achitûb, en Achimêlek, de soan fan Abjatar, wienen prysters en Seraja wie griffier. 18Benaja, de soan fan Jojada, stie oer de Keretiten en de Peletiten en David syn soannen wienen prysters.