Belofte oer de timpelbou
1Doe’t de kening te stoel en te bank wie yn syn hûs, en de Heare soarge hie dat de fijannen om him hinne him mei rêst lieten, 2sei de kening tsjin Natan, de profeet: Sjochris, ik wenje yn in paleis fan sederhout, mar Gods arke moat tusken de tintkleden tahâlde. 3Natan sei tsjin ’e kening: Doch alles, wat jo yn jo omgean litte, want de Heare is mei jo! 4Dyselde nachts lykwols spriek de Heare mei Natan en sei: 5Gean hinne en sis tsjin myn tsjinstfeint David: Dit hat de Heare te sizzen: Soesto My in hûs sette, dat Ik dêryn wenje soe? 6Ik haw ommers net yn in hûs wenne sûnt de deis dat Ik de Israeliten út Egypte weihelle haw oant hjoed ta, mar Ik reizge altyd om yn in tintwenning. 7Haw Ik soms de hiele tiid dat Ik ûnder alle Israeliten omgie ek mar in wurd falle litten tsjin ien fan Israels rjochters, dy’t Ik opdroegen hie myn folk Israel te lieden, en frege: Wêrom hawwe jim net in sederhouten hûs foar My set? 8Welno, dit moatst tsjin myn tsjinstfeint David sizze: Dit hat de Heare Almachtich te sizzen: Ik haw dij út it lân achter de skiep weihelle om foarst oer myn folk Israel te wêzen. 9Ik haw mei dij west oeral dêrst hinnegongst en Ik haw dyn fijannen allegearre foar dyn eagen útroege. Ik haw dy in namme jûn as ien fan ’e grutten fan ’e ierde. 10En Ik haw myn folk Israel in plak taskikt en it plante, dat it op eigen grûn wennet. It sil net wer yn ûnstjoer brocht wurde en net langer sille misdiedigers it fernederje, lykas yn it earstoan, 11fan ’e dei ôf dat Ik rjochters oer myn folk Israel oansteld haw. Ik haw dij rêst jûn fan al dyn fijannen. Dat de Heare lit dy witte dat Hy – de Heare – dij in hûs oprjochtsje sil. 12En as dyn tiid dan kommen is, datst dy deljaan silst by dyn foarfaars, dan sil Ik dyn neiteam, dyn bloedeigen soan, opkomme litte en Ik sil syn keningskip festichheid jaan. 13Hy is it, dy’t foar myn Namme in hûs sette sil en Ik sil syn keningstroan foar altyd befêstigje. 14Ik sil in heit foar him wêze en hy My in soan en as er him misgiet, sil Ik him kastije mei roede en slaggen lykas minsken dogge. 15Mar myn geunst sil net fan him wike, sa’t dy wol wykt is fan Saul, dy’t Ik foar dy oan ’e kant set haw. 16Dyn hûs sil duorjend wêze en dyn keningskip foar altyd yn stân bliuwe foar myn eagen. Dyn troan sil foar altyd fêst stean. 17Neffens al dy wurden en dat hiele fizioen, krektsa ha – Natan tsjin David sprutsen.
Davids tanksizzing
18Doe gong David yn ’e hûs, sette him del foar de Heare en sei: Wa bin ik, Heare God en wat is myn hûs, dat Jo my safier brocht hawwe! 19En dat wie yn jo eagen noch mar in bytsje, Heare God, dat Jo hawwe ek noch oer it hûs fan jo tsjinstfeint foar de fiere takomst, dat is oer in lange rige fan minsken tasizzings dien, Heare God.
20En wat sil David noch mear tsjin Jo sizze? Jo kenne jo tsjinstfeint ommers wol, Heare God. 21Om ’e wille fan jo tasizzing en sa’t Jo it Jo foarnommen hienen, hawwe Jo al dat grutte dien en it jo tsjinstfeint witte litten. 22Jo binne dan ek grut, Heare God. Der is ommers net ien lykas Jo. Bûten Jo is der gjin god. Sa hawwe wy dat alles mei eigen earen heard. 23En wa is der as jo folk Israel, it iennichste folk, dêr’t God foar hinnegien is en hat foar Himsels in folk loskocht, om Himsels namme te meitsjen. Grutte en skriklike dingen ha Jo derby dien troch folken en har goaden út te driuwen foar jo folk, dat Jo út Egypte frijkocht hienen. 24Jo hawwe fan jo folk Israel foargoed jo folk makke! Jo binne har God wurden!
25No dan, Heare God, lit it wurd dat Jo oer jo tsjinstfeint en syn hûs sprutsen hawwe, altyd troch jilde en doch lykas Jo sein hawwe. 26Dan sil jo namme foar altyd grut wêze, as se sizze: De Heare is God oer Israel, en as it hûs fan jo tsjinstfeint David yn stân bliuwe sil foar jo eagen. 27Jo ommers, Heare Almachtich, God fan Israel, hawwe oan jo tsjinstfeint persoanlik dizze iepenbiering dien: Ik sil dy in hûs bouwe. Dêrom hat jo tsjinstfeint de frijmoedigens fûn om dit gebed nei Jo op te stjoeren. 28En no, God myn Heare, Jo, ja wier, Jo binne God. Jo wurden binne betrouber en Jo hawwe jo tsjinstfeint dit lok ûnthjitten. 29Soenen Jo sa goed wêze wolle en segenje it hûs fan jo tsjinstfeint, dat it foar altyd foar jo eagen bestean mei. Jo, ommers, God myn Heare, hawwe it tasein. En troch jo segen sil it hûs fan jo tsjinstfeint foar altyd segene wêze.