Absalom wurket op in opstân oan
1Dêrnei túgde Absalom him in staasjewein mei hynders oan en fyftich man om foar him út te draven. 2Ek kaam Absalom der moarns betiid ôf en gong dan oan ’e kant fan ’e wei nei de poarte stean. Elkenien dy’t mei ien yn ’e pleit siet en dy’t nei de kening gong om rjocht, rôp Absalom by him en dan sei er: Ut hokker stêd binne jo? Sei er dan: Jo tsjinstfeint is út ien fan Israels stammen, 3dan sei Absalom tsjin him: Ja sjoch, jo saak is earlik en rjocht, mar by de kening is net ien dy’t nei jo harket. 4Fierder sei Absalom dan: Stelden se my mar oan as rjochter yn it lân! Dan soe elkenien dy’t yn in pleit- of rjochtsaak siet, by my komme kinne. Ik soe him dan wol rjocht dwaan. 5As dan in man nei him tagong om foar him te bûgen, dan stiek er de hân út, pakte him beet en joech him in tút. 6Sa die Absalom mei alle Israeliten dy’t nei de kening gongen om rjocht, en sa wûn Absalom de geunst fan ’e mannen fan Israel.
Absaloms opstân
7Mei ferrin fan fjouwer jier sei Absalom tsjin ’e kening: Ik soe wol nei Hebron wolle om myn gelofte oan de Heare nei te kommen. 8Jo tsjinstfeint hat nammentlik doe’t er te Gesjûr yn Aram wenne, de gelofte dien: As de Heare my wier nei Jeruzalem werombringt, dan sil ik de Heare earje. 9De kening sei tsjin him: Gean dyn gong mar. Dat hy gong op reis nei Hebron.
10No hie Absalom geheime aginten nei alle stammen fan Israel stjoerd mei it boadskip: Sadree’t jimme it lûd fan ’e rammehoarn hearre, moatte jim sizze: Absalom is kening wurden te Hebron.
11En twahûndert manlju, dy’t Absalom útnoege hie, gongen mei him út Jeruzalem wei, mar hja gongen yn har ûnskuld en hienen nearne gjin euvelmoed yn. 12Doe’t Absalom syn offers bringe soe stjoerde er guon om Achitofel de Gilonyt, in riedshear fan David, út syn stêd Gilo te heljen. It waard sa in hiel komplot en der kaam hieltyd mear folk by Absalom.
David op ’e flecht foar Absalom
13Doe kaam der in boadskipper by David en dy sei: Alle Israeliten hâlde it mei Absalom. 14Dêrop sei David tsjin al syn tsjinstfeinten dy’t by him yn Jeruzalem wienen: Meitsje jim klear en lit ús útnaaie, want oars ûntkomme wy net oan Absalom. Sjoch dat jim fuortkomme, oars soed er, as er der haast achter set, ús ynhelje kinne. Dan soed er ûnheil oer ús bringe en de stêd slaan mei it skerpe swurd. 15En de kening syn tsjinstfeinten seinen tsjin him: Sa’t mynhear de kening mar wol. Wy binne ta jo tsjinst. 16Doe sette de kening ôf mei de hiele hofhâlding achter him oan. Mar de kening liet tsien byfroulju achter te húswarjen. 17De kening lykwols en alle folk yn syn gefolch setten ôf en hja bleauwen stean by it ‘Fiere Hûs’. 18Al syn tsjinstfeinten trieken doe by him lâns. Ek al de Keretiten en Peletiten en ek (Ittai mei) alle Gatiten, seishûndert man, dy’t him út Gat folge wienen, trieken foar de kening lâns.
19De kening sei tsjin Ittai, de Gattyt: Wêrom geane jo ek mei ús? Gean werom en bliuw by de kening. Jo binne ommers in bûtenlanner en jo binne dochs al út jo wenplak ferballe. 20Jo binne noch mar krekt oankommen en soe ik jo no al mei ús omswalkje litte? Ik sels moat noch mar sjen wêr’t ik bedarje. Gean jo werom en lit jo mannen mei jo werom gean. Mei de Heare jo leafde en trou bewize. 21Mar Ittai joech de kening as antwurd: Sa wier as de Heare libbet en sa wier as mynhear de kening libbet, mar op it plak dêr’t mynhear de kening is, al soe it om dea of libben gean, dêr sil jo tsjinstfeint sûnder mis ek wêze. 22Doe sei David tsjin Ittai: Gean mar foarby. Sa gong Ittai, de Gattyt mei al syn manlju en de hiele oanhing dy’t er by him hie, foarby. 23Alle minsken gûlden lûdop, wylst alle folk foarby triek en de kening de beek Kidron oerstiek en alle folk mei him, dat út nei de woestyn.
24En sjoch, dêr wie Sadok ek mei alle Leviten by him, dy’t de arke fan Gods ferbûn droegen. Hja setten Gods arke del en Abjatar offere oant alle folk út ’e stêd wei foarby wie. 25Mar de kening sei tsjin Sadok: Bring Gods arke werom nei de stêd. As de Heare my genedich is, sil Er my werombringe en my de wenning fan ’e arke wer sjen litte. 26Mocht Hy lykwols blike litte, dat Er neat fan my hawwe moat, no, lit Him dan mar mei my dwaan, sa’t it Him goedtinkt.
27En de kening sei tsjin Sadok: Soe it net better wêze, as jo ek mar rêstich nei de stêd weromgongen mei jim beide soannen Achimaäs, jo soan en Jonatan, Abjatars soan by jim, en hâld de boel dêr yn ’e gaten? 28Sjoch, ik wachtsje dan by de oergongen nei de woestyn, oant der berjocht fan jimme komt; dan wit ik hoe’t it der foarstiet. 29Dat Sadok brocht mei Abjatar de arke fan God werom nei Jeruzalem en hja bleauwen dêr.
30Mar David gong, oanienwei gûlend, by de skeante fan ’e Oliveberch op. Hy hie de holle omwuolle en rûn op bleate fuotten. Alle folk dat by him wie, hie ek allegearre de holle omwuolle, en hja rûnen al gûlende wei omheech. 31Doe’t se David it berjocht brochten: Achitofel is ûnder de opstannelingen by Absalom, sei David: O Heare, meitsje dat Achitofel syn rie dwaasheid wurdt!
David moetet Chûsai
32Doe’t David op ’e top oankaam, dêr’t hja God plichten oan te roppen, kaam Chûsai, de Arkyt, him yn ’e mjitte, de mantel stikken skuord en modder op ’e holle. 33David sei tsjin him: As jo mei my geane, binne jo my mar ta lêst, 34mar as jo nei de stêd weromgeane en jo sizze tsjin Absalom: Ik bin jo tsjinstfeint, o kening! Foarhinne wie ik de tsjinstfeint fan jim heit, mar no bin ik jo tsjinstfeint, – dan kinne jo foar my Achitofels plannen mislearje litte. 35Dêr binne ommers de prysters Sadok en Abjatar by jo. Alle dingen dy’t jo hearre út it hûs fan ’e kening, moatte jo oan dy prysters fertelle. 36Dy hawwe dêr har beide soannen by har: Achimaäs fan Sadok en Jonatan fan Abjatar. En jim moatte alles wat jim hearre troch har oan my oerbringe.
37Sa kaam Davids freon Chûsai yn ’e stêd oan, krekt doe’t Absalom yn Jeruzalem oankaam.