David wurdt bewurke om Absalom werom te heljen
1Joäb, de soan fan Serûja, fernaam wol dat de kening tige langst nei Absalom hie. 2Dat Joäb stjoerde guon nei Tekóa en liet dêr in skrandere frou weihelje. Hy sei tsjin har: Bear dat jo yn ’e rou binne, doch rouklean oan en salvje jo net mei oalje. Doch as in frou dy’t al in hiel skoft rouwet oer in deade. 3As jo dan by de kening komme, moatte jo sa en sa tsjin ’e kening sizze. En Joäb sei de frou foar wat se sizze moast.
4Doe’t de Tekoïtyske frou by de kening kommen wie, liet se har foaroer oer de grûn falle en die him hulde. Hja sei: O kening, help my! 5De kening sei tsjin har: Wat is der oan? Hja sei: Och, ik bin widdo, myn man is stoarn! 6En no hie jo tsjinstfaam twa soannen, en dy rekken yn it fjild slaande deilis, wylst der net ien wie om tuskenbeiden te kommen. De iene rekke de oare sà, dat er him deasloech. 7Mar no sit de hiele famylje tsjin jo tsjinstfaam oan. Hja sizze: Leverje de jonge dy’t syn broer deaslein hat, út. Dan sille wy him deameitsje foar it libben fan syn broer, dy’t er fermoarde hat. Sa bringe wy ek de erfgenamt om. Dan sille se myn lêste glimke fjoer doovje en sa myn man gjin namme noch neiteam op ierde litte.
8Doe sei de kening tsjin ’e frou: Gean jo mar nei hûs ta. Iksels sil dizze saak wol foar jo regelje. 9Dêrop sei de Tekoïtyske frou tsjin ’e kening: Ik en myn heite famylje sille de skuld wer krije, mar de kening en syn troan geane frijút. 10De kening sei lykwols: As ien wat oer jo te sizzen hat, bring him dan mar by my en hy sil jo net wer lestich falle. 11Hja sei: Lit de kening dochs de Heare, syn God, derby neame, dat de bloedwreker net noch grutter ûnheil docht en myn soan ombringt. Hy sei: Sa wier as de Heare libbet, der sil gjin hier fan jo soan op ’e grûn falle.
12Doe sei de frou: Lit jo tsjinstfaam no noch in wurdmannich tsjin myn hear de kening sizze meie. Hy sei: Sis it mar. 13De frou sei: Wêrom ha jo dan soks al yn gedachten tsjin it folk fan God? Want no’t de kening dit útslútsel jûn hat, stiet hysels as in skuldige, omdat de kening syn eigen ferskoveling net weromhelle hat. 14Want wy moatte stjerre en binne dan as wetter, dat – ienris oer de grûn útgetten – net wer opheind wurde kin. God lykwols nimt it libben net wei, mar siket wegen om de ferskoveling net te ferstjitten. 15Welno, dat ik kommen bin om oer dizze saak mei de kening te praten is, omdat de minsken my bang makke hawwe. En jo tsjinstfaam tocht: Lit my mar ris mei de kening prate. Faaks kin de kening dizze saak foar syn slavin yn oarder meitsje. 16De kening heart it foarfêst wol oan en sil syn slavin wol rêde út ’e hannen fan ’e man, dy’t my tagelyk mei myn soan útroegje wol út Gods erfdiel. 17Jo tsjinstfaam tocht: In wurd fan mynhear de kening sil wol rêst jaan, want mynhear de kening is krektlyk as de ingel fan God: Hy kin goed en kwea útinoar. Mei de Heare jo God mar mei jo wêze.
18Dêrop naam David it wurd en sei: No moatte jo my ris in tige earlik antwurd jaan op wat ik jo no freegje sil. De frou sei: Sis it mar, mynhear de kening! 19De kening sei: Sit Joäb hjir faaks ek mei achter? De frou antwurde: Sa wier as jo libje, mynhear de kening, as mynhear de kening wat seit, dêr kin men net omhinne, nei rjochts, noch nei links net. Ja, jo tsjinstfeint Joäb, dy hat it my opdroegen en hy is it dy’t jo tsjinstfaam dizze wurden ynstutsen hat. 20Om de saak in oar oansjen te jaan, dêrom is jo tsjinner Joäb sa te wurk gien. Mar mynhear syn wysheid is gelyk oan dy fan de ingel fan God. Dat hy fernimt alles wat op ierde foarfalt.
Absalom komt werom
21Doe sei de kening tsjin Joäb: No goed, ik sil it dwaan. Dat gean hinne, helje de jongkeardel, Absalom, werom. 22Joäb liet him foaroer op ’e grûn falle, die him hulde en tanke de kening. Joäb sei: No fernimt jo tsjinstfeint, dat mynhear de kening my tagedien is, mei’t de kening oan it fersyk fan syn tsjinstfeint foldien hat.
23Dêrop makke Joäb him klear, gong nei Gesjûr en brocht Absalom nei Jeruzalem. 24Mar de kening sei: Hy moat nei syn eigen hûs gean en hy mei my net ûnder eagen komme. Dat Absalom gong nei syn eigen hûs en kaam de kening net ûnder eagen.
25No wie der yn hiele Israel gjin man sa kreas boppe alle lof as Absalom. Fan ’e fuotsoal ôf oan ’e hollekrún ta mankearde der neat oan. 26As er him de holle beknippe liet, – want mei ferrin fan in jier moast er him altyd wer knippe litte, omdat it gewicht him te swier waard, dat hy moast him wol knippe litte – dan woegen se it hier fan syn holle: twahûndert sikkel neffens it offisjele gewicht. 27Absalom krige trije soannen en ien dochter. Dy hiet Tamar en dat wie in frou, tige kant fan lea.
Absalom wer by David
28Absalom wenne al folút twa jier te Jeruzalem, mar wie de kening noch net ûnder eagen kommen. 29Dat Absalom stjoerde om Joäb om dy nei de kening te stjoeren, mar hy woe net by him komme. Doe stjoerde er nochris om him, foar de twadde kear, mar hy woe net komme. 30Doe sei er tsjin syn tsjinstfeinten: Sjochris: Joäb hat in stik lân njonken mines; dêr hat er koarn op. Gean hinne en stek it yn ’e brân. En de tsjinstfeinten fan Absalom stieken it stik lân yn ’e brân.
31Dêrop kaam Joäb opsetten by Absalom yn ’e hûs en sei tsjin him: Wêrom ha jo tsjinstfeinten it stik lân fan mines yn ’e brân stutsen? 32Absalom sei tsjin Joäb: Ja sjoch, ik haw twaris om jo stjoerd en sein: Kom hjirhinne, dan kin ik jo nei de kening stjoere om te sizzen: Wêrom bin ik út Gesjûr kommen? Ik hie dêr better bliuwe kinnen. Dat no wol ik de kening moetsje, en as ik skuldich bin, lit him my dan mar deameitsje. 33Doe’t Joäb by de kening kaam, brocht er him dat boadskip oer. Dy liet Absalom roppe en doe’t dy by de kening kaam, bûgde er him foaroer nei de grûn foar de kening en de kening tute Absalom.