David en Batsjêba
1It oare jiers, om ’e tiid dat de keningen derop útgeane, stjoerde David Joäb mei syn tsjinstfeinten en hiele Israel derop út. Hja ferneatigen de Ammoniten en belegeren Rabba, wylst David te Jeruzalem bleau.
2Op in kear tsjin ’e jûntiid wie David fan syn rêstbank ôfkommen en kuiere wat op it dak fan it paleis. Doe seach er fan it dak ôf in frou dy’t har oan it waskjen wie. No wie it in tige kreaze frou, 3dat David liet ris nei har fernimme en hja seinen tsjin him: Wel, dat is Batsjêba, de dochter fan Eliam, de frou fan Oería, de Hetyt. 4Dêrop stjoerde David boaden om har te heljen en hja kaam by him, en hy gong mei har op bêd wylst se noch yn ’e reinigingstiid wie nei’t se de regels hân hie. Dêrop gong se werom nei har eigen hûs. 5Mar de frou waard swier en hja liet David witte: Ik moat in bern ha.
David en Oeria
6Doe stjoerde David dit boadskip nei Joäb: Stjoer Oeria, de Hetyt, nei my ta. Dat Joäb stjoerde Oeria nei David ta. 7Doe’t Oeria by him wie, frege David hoe’t it gong mei Joäb, mei it folk en mei de striid. 8Dêrop sei David tsjin Oeria: Gean no mar nei hûs ta en nim der jo gemak fan. Dat Oeria gong by de kening út ’e hûs wei, wylst him in miel iten fan ’e kening achternei brocht waard. 9Oeria lykwols joech him del by de yngong fan it paleis by alle oare feinten fan syn hear en hy gong net nei hûs ta. 10Doe’t se David fertelden: Oeria is net nei hûs ta gien, sei David tsjin Oeria: Jo hawwe in hiele reis hân; wêrom binne jo net nei hûs ta gien? 11Oeria sei tsjin David: De arke, Israel en Juda hâlde yn tinten ta. Myn hear Joäb en de feinten fan myn hear lizze op ’e hurde grûn, soe ik dan nei hûs gean kinne om te iten en te drinken en by myn frou te sliepen? Sa wier as jo libje en jo siele libbet, dat doch ik net! 12Dêrop sei David tsjin Oeria: Bliuw hjir hjoed ek noch, dan sil ik jo moarn wer gean litte. Dat sadwaande bleau Oeria dy deis en de dei dêroan te Jeruzalem.
13En David noege him út om mei him te iten en te drinken en hy fuorre him dronken. De jûns gong er wer fuort om him del te jaan op syn sliepstee by de feinten fan syn hear, mar nei hûs ta gong er net.
14De oare moarns skreau David in brief nei Joäb en liet dy troch Oeria besoargje. 15Hy hie yn dat brief skreaun: Set Oeria op it plak dêr’t it fûlst fochtenwurdt en lûk jim dan tebek, achter him wei, dat er rekke wurdt en stjert.
16Sadwaande sette Joäb by it belegerjen fan ’e stêd Oeria op in plak dêr’t er fan wist dat dêr fûle fjochters wienen. 17Doe’t de mannen fan ’e stêd nei bûten kamen en mei Joäb fochten, foelen der guon fan it folk, fan Davids feinten. En ek Oeria de Hetyt stoar. 18Joäb stjoerde rapport nei David oer it hiele ferrin fan ’e striid. 19Hy joech de boade opdracht: Asto oan ’e ein kommen bist fan dyn rapport oan ’e kening oer it hiele ferrin fan ’e striid, 20dan wurdt de kening faaks lilk en seit tsjin dy: Wêrom hawwe jimme ek sa ticht ûnder de stêd fochten? Jim wisten dochs wol, dat der fan ’e muorre ôf sketten wurdt? 21Wa hat Abimêlek, de soan fan Jerûbbêsjet deade? Wie it net in frou, dy’t boppe fan ’e muorre in boppeste mûnestien op him smiet, dat er yn Tebes stoar? Wêrom kamen jim ek sa ticht by de muorre? Dan moatst sizze: Jo tsjinstfeint Oeria de Hetyt is ek dea.
22De boade gong fuort en doe’t er oankommen wie, fertelde er David alles sa’t Joäb him opdroegen hie. 23Hy sei tsjin David: Dy mannen koenen ús oer en hja kamen op ús ta yn it iepen fjild, mar wy hawwe tsjin har oan sitten oan ’e poartedoar ta. 24Mar doe beskeaten de bôgesjitters jo tsjinstfeinten fan ’e muorre ôf en der binne guon fan ’e kening syn tsjinstfeinten sneuvele. Jo tsjinstfeint Oeria de Hetyt is ek dea. 25David sei tsjin ’e boade: Sis dit mar tsjin Joäb: Lûk jo dizze saak mar net te bot oan. It swurd rekket dan de iene en dan de oare. Fjochtsje noch fûlder tsjin ’e stêd en ferneatigje dy. Sprek him mar moed yn.
David trout mei Batsjêba
26Doe’t Oeria’s frou hearde, dat har man Oeria stoarn wie, naam se de rou oan oer har wettige man. 27Nei’t de rou oer wie, liet David har helje en hy naam har by him yn ’e hûs op. Hja waard syn frou en joech him in soan. Mar it stik dat David útheefd hie, wie kwea yn ’e eagen fan de Heare.