2 Samuël 10
Davids gesanten troch Chanûn misledige
1Dêrnei kaam de kening fan ’e Ammoniten te ferstjerren en Chanûn, syn soan, folge him op. 2Doe tocht David: Ik wol Chanûn, de soan fan Nachasj, freonskip bewize, lykas syn heit foar my in freon west hat. Dat David stjoerde gesanten om him troch syn tsjinstfeinten in blyk fan meilibjen te jaan by it ferlies fan syn heit. Doe’t de tsjinstfeinten fan David yn it lân fan ’e Ammoniten oankommen wienen, 3seinen de foarsten fan ’e Ammoniten tsjin har hear Chanûn: Tochten jo no wier dat David jo heit earje woe troch boaden mei roubeklach te stjoeren? Soe David syn feinten net folle earder nei jo tastjoere om de stêd op te nimmen, dy te bespionnearjen en dan te ferwoesten?
4Dat Chanûn naam Davids feinten en skearde har it burd heal ôf en snie har klean healwei ôf oan it gat ta. Doe stjoerde er har fuort. 5Doe’t it David ferteld waard, stjoerde er har guon yn ’e mjitte, want dy mannen skammen har tige. De kening sei: Bliuw sa lang te Jericho, dat jimme burd wer oanwoeksen is en kom dan werom.
6Doe’t de Ammoniten seagen, dat se it by David ferbruid hienen, stjoerden se boaden út en hierden fan ’e Arameeërs fan Bet-Rechob en fan ’e Arameeërs fan Soba 20.000 man fuotfolk, fan ’e kening fan Maäka 1.000 man en fan ’e manlju fan Tob 12.000 man. 7David hearde dat en stjoerde Joäb derop út mei al syn kartroepen. 8De Ammoniten kamen ta de stêd út en stelden har yn slachoarder op foar de poartedoar, wylst de Arameeërs fan Soba en Rechob en de mannen fan Tob en Maäka har apart yn ’t fjild opstelden. 9Joäb seach, dat er fan foaren en fan achteren bedrige waard. Dêrom keas er guon út ’e hiele karploech fan Israel. Dy stelde er yn slachoarder foar de Arameeërs oer. 10De oaren fan it folk joech er ûnder befel fan syn broer Abisjai en dy stelde har yn slachoarder foar de Ammoniten oer. 11Hy sei: As de Arameeërs mij te mânsk wurde, dan moatsto mij helpe. Wurde de Ammoniten dij te mânsk, dan kom ik om dij te helpen. 12Hâld moed en lit ús ek mei-inoar moedich wêze, om wille fan ús folk en de stêden fan ús God. En lit de Heare dan dwaan wat Hy it bêste achtet. 13Joäb en it folk by him gongen doe de striid tsjin ’e Arameeërs oan, dat dy gongen foar him op ’e flecht. 14Doe’t de Ammoniten seagen dat de Arameeërs útnaaid wienen, gongen hjasels ek op ’e flecht foar Abisjai en trieken har tebek yn ’e stêd. Mar Joäb kearde him om, achter de Ammoniten wei en kaam yn Jeruzalem oan.
15Doe’t de Arameeërs murken, dat se in fikse klap fan ’e Israeliten opdien hienen, brochten se har troepen byinoar, 16en Hadadêzer liet de Arameeërs fan oer de rivier opkomme en dy kamen ûnder lieding fan Sjobak, de legerkommandant fan Hadadêzer, oan yn Chelam. 17Doe’t dat David ferteld waard, brocht dy hiele Israel byinoar; hy triek oer de Jordaan en kaam yn Chelam oan. De Arameeërs stelden har doe yn slachoarder foar David oer en gongen de striid mei him oan. 18De Arameeërs moasten foar Israel útnaaie en David deade fan ’e Arameeërs 700 span hynders en 40.000 ruters. Sjobak, de legerkommandant, rekke er sa, dat er op it plak stoar. 19Doe’t alle keningen, dy’t Hadadêzer tsjinstber wienen, gewaar waarden, dat se troch de Israeliten ferslein wienen, makken se frede mei Israel en waarden har tsjinstber. Mar de Arameeërs doarsten de Ammoniten net langer te helpen.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap