Wurk en lijen fan ’e apostel
1As Gods meiwurkers dogge wy in berop op jim: Jimme hawwe syn genede krige, soargje dat it net fergees west hat. 2Want de Skrift seit:
Op ’e gaadlike tiid haw Ik dy ferheard
en de deis fan it behâld haw Ik dy holpen.
Sjoch, dy gaadlike tiid, dat is no! Dy dei fan it behâld, dat is hjoed!
3Dêrom soargje wy derfoar, dat wy út-noch-yn net ien stroffelje litte. Wy wolle net, dat ús amt op in kweanamme komt. 4Krekt oarsom: wy besykje ússels yn alles oannimlik te meitsjen as tsjinstfeinten fan God: troch it ferduldich fernearen fan swierrichheden, need en benaudheid, 5slaggen, tichthús en oproer, swier wurk, gjin sliep en gjin iten. 6Wy priizje ússels oan mei suverens, kennisse en geduld, mei minlikens, in geast fan hilligens en oprjochte leafde, 7mei it sprekken fan ’e wierheid, de krêft fan God sels. Mei de wapens fan ’e gerjochtichheid stride wy en ferwarre wy ús; 8yn eare en ûneare, yn lekjen en loovjen. Wy geane foar bedragers en dochs binne wy oprjocht; 9foar ûnbekenden, en dochs ken iderien ús; foar minsken dy’t stjerre en dochs libje wy noch troch; wy geane foar minsken dy’t kastijd wurde, en dochs wurde wy net deamakke; 10dy’t treurje en dochs binne wy altyd bliid; foar bidlers en dochs meitsje wy gâns minsken ryk; foar lju, dy’t neat hawwe en dochs besitte wy alles.
11Wy sizze krekt wêr’t it op stiet, Korintiërs; ús hert stiet wiid iepen foar jimme. 12By ús hawwe jimme alle romte, mar sels binne jimme nearhertich. 13Mar dan ek lyk om lyk, – ik sprek tsjin jimme as myn bern –, set ek jimme hert wiid iepen.
De timpel fan ’e libbene God
14Lûk net ien sile mei dy’t net leauwe. Want wat hat de gerjochtichheid út te stean mei de wetteleazens? Of wat hat it ljocht te krijen mei de tsjusternis? 15Kinne Kristus en Belial it lyk fine? Wat hat in leauwige mien mei ien dy’t net leaut? 16Hoe kinne de timpel fan God en de ôfgoaden elkoar ferneare? Wy binne dochs de timpel fan de libbene God, lykas God sels sein hat:
Ik sil yn har fermidden wenje en ferkeare.
Ik wol har God wêze en hja sille myn folk wêze.
17Dêrom – sa lêze wy fierder –:
gean út har fermidden wei
en hâld jimme fier fan harren, seit de Hear;
en kom net oan wat ûnrein is,
dan sil Ik jimme oannimme.
18Ik sil foar jimme in Heit wêze
en jimme sille foar My soannen en dochters wêze,
seit de Heare, de Almachtige.