1Want wy witte: as ús ierdsk hûs, dat oars net as in tinte is, ôfbrutsen wurdt, dan hat God in gebou foar ús, in hûs yn ’e himel, ien dat net mei minskehannen makke is, mar dat ivich bliuwt. 2Salang’t wy yn dit lichem binne suchtsje wy dan ek, om’t wy langst hawwe om mei ús went út ’e himel oerklaaid te wurden. 3Want allinnich as wy dêrmei oerklaaid binne, sille wy net neaken stean. 4Ja, wy dy’t noch yn ’e tinte binne, suchtsje mei in swier moed, om’t wy ús net útklaaie litte wolle, mar oanklaaie, dat it stjerlike ferswolge wurde mei troch it libben. 5God is it, dy’t ús dêrta reemakke hat, mei’t Er ús syn Geast as foarskot jûn hat.
6Wy hawwe dus altiten goede moed, al witte wy, dat wy, salang’t wy yn it lichem wenje, yn ’e frjemdte binne, fier fan de Hear, 7– wy libje troch leauwen, net troch sjen –, 8Mar wy hawwe goede moed, en wolle leaver út it lichem ferfarre en ús by de Hear nei wenjen sette. 9Dêrom dogge wy alle war, itsij dat wy yn dit lichem wenje, itsij dat wy dêrút ferfarre, om Him nei ’t sin te wêzen. 10Want wy moatte allegearre foar de rjochterstoel fan Kristus ferskine, dat elk it lean barre mei foar wat er yn dit libben dien hat, itsij goed, itsij kwea.
11Om’t wy witte, dat de Hear te freezjen is, besykje wy dus de minsken te oertsjûgjen. Foar God binne wy in iepen boek en ik hoopje fan ek foar jimme besef. 12Wy priizje ússels net wer by jimme oan, mar jouwe jimme stof om fan ús te sprekken, dat jimme andert jaan kinne oan minsken dy’t op it uterlik en net op it inerlik grut geane. 13Ha wy bûten ússels west, dan wie it foar God; binne wy goed by ús ferstân, dan is it foar jimme. 14Want de leafde fan Kristus driuwt ús, sûnt wy ynsjoen hawwe, dat Ien foar allegearre stoarn is; mar dan binne se ek allegearre stoarn! 15En foar allegearre is Er stoarn, dat dy’t libje net mear foar harsels libje soenen, mar foar Him, dy’t foar harren stoarn en opwekke is. 16Sa kenne wy fan no ôf gjinien mear op minsklike wize. Al hawwe wy Kristus sa kend, dan no dochs net mear.
17Sa is dus wa’t yn mienskip mei Kristus libbet, in nij skepsel: it âlde is foarbygien, sjoch, wat nijs is der kommen. 18En dat komt allegearre fan God, dy’t ús mei Himsels fermoedsoene hat troch Kristus en ús by dat wurk fan ’e fermoedsoening as feinten wûn hat. 19Ja, God wie dwaande yn Kristus de wrâld mei Himsels te fermoedsoenjen, mei’t Er de minsken har misse slaggen net oanrekkene en ús it boadskip fan ’e fermoedsoening tabetroud hat. 20Wy geane dus as gesanten foar Kristus te wurk om’t God troch ús fermoannet. Wy smeekje yn Kristus’ namme: Lit jimme mei God fermoedsoenje! 21Hy hat fan gjin sûnde witten, mar God hat fan Him foar ús de sûnde yn eigen persoan makke, dat wy Gods gerjochtichheid yn eigen persoan wurde soenen troch Him.