2 Korintiërs 3
1Begjinne wy ússels al wer oan te priizjen? Of binne wy faaks, lykas somliken, ferlegen om brieven fan oanrikkemedaasje foar jimme of fan jimme? 2Jimme sels binne ús brief, ús yn it herte skreaun, begryplik en lêsber foar alle minsken, 3in iepen brief fan Kristus, mei ús help opsteld; net mei inket skreaun, mar mei de Geast fan ’e libbene God, net op stiennen platen, mar op platen, dy’t herten fan libbene minsken binne.
4Sa’n grut betrouwen hawwe wy yn God, troch Kristus. 5Net dat wy út ússels dat oankinne en betink soks sels. Alles wat wy kinne komt fan God. 6Hy is it, dy’t ús de fermogens jûn hat om tsjinners te wêzen fan in nij ferbûn, net yn in skreaune wet, mar yn in geastlike bân fêstlein. Want de skreaune wet makket dea, mar de Geast makket libben. 7No wie dan de tsjinst fan ’e dea, mei letters yn stien gravearre, al mei sa’n hearlikheid, dat de Israeliten Mozes net lyk oansjen koenen fanwegen de glâns fan syn gesicht, dy’t dochs foarby gong. 8Hoefolleste hearliker sil dan de tsjinst fan ’e Geast net wêze? 9As de tsjinst fan ’e feroardieling al hearlikheid wie, nammerste oerfloediger yn hearlikheid is dan de tsjinst fan ’e frijspraak. 10Nee, de hearlikheid dy’t wie, moat net lykje by de hearlikheid dy’t boppe alles giet. 11Want as dat wat foarby giet al mei hearlikheid mank gong, nammerste grutter is de hearlikheid fan dat wat bliuwt.
12Om’t wy dan sok in hope hawwe, geane wy mei folle frijmoedigens te wurk, 13en dogge net lykas Mozes, dy’t syn gesicht mei in kape bediek. De Israeliten mochten net sjen, hoe’t dy glâns wer foarbygong. 14Mar har betinken waard ek noch ferhurde. Oan hjoed de dei ta ommers is deselde kape der bleaun by it lêzen fan it Alde Testamint. Hy wurdt net weinommen, om’t er allinne ferdwynt as men yn Kristus leaut. 15Mar oan hjoed de dei ta leit der harren, sa faak as Mozes lêzen wurdt, in kape oer it hert. 16Sa faak lykwols immen him ta de Hear bekeart, wurdt de kape weinommen. 17De Hear no is de Geast, en dêr’t de Geast fan de Hear is, dêr is frijheid. 18Wy allegearre no, dy’t mei in ûnbedutsen gesicht de hearlikheid fan de Hear as yn in spegel oanskôgje, wurde nei itselde byld fan uterlik feroare, wat langer wat hearliker; troch de Hear ommers, dy’t Geast is.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap