2 Korintiërs 2
1Dit hie ik my foarnommen: in nij besyk oan jimme mocht net wer sa’n pynlike saak wurde. 2Want as ik it bin, dy’t jimme fertriet doch, wa bliuwt der dan noch oer om my bliid te meitsjen? Wa oars as krekt deselde, dy’t ik fertriet dien haw? 3Dat is no krekt wat ik skreaun hie. Ik woe by myn kommen gjin fertriet ûnderfine fan harren oer wa’t ik my just bliid meitsje moast. Ik haw betrouwen op jimme allegearre, dat myn blydskip ek dy fan jimme allegearre is. 4Want út swiere benearing en in benaud herte haw ik, mei gâns triennen, jimme skreaun. Ik woe jimme gjin fertriet dwaan, mar jim dúdlik meitsje, hoe besûnder ik fan jimme hâld.
Ferjouwing foar in sûnder
5As ien fertriet dien hat, dan hat er dat my net oandien, mar jimme allegearre, alteast foar in part – om net te oerdriuwen. 6Foar sa’n ien is it genôch dat de measten fan jimme him it leksum lêzen hawwe. 7Dat jimme moasten him no mar leaver ferjaan en fertreaste; oars soe it al te swiere fertriet sa’n ien oermânsk wurde kinne. 8Ik fermoanje jimme dus: lit tsjinoer him no de leafde jilde. 9Mei dat doel hie ik jimme ommers ek skreaun, om nei te gean oft jimme betroud binne, oft jimme yn alles om sizzen jouwe. 10Wa’t jimme ferjouwe, dy ferjou ik ek; as ik wat te ferjaan hie, haw ik dat ommers al dien, om jimme, foar it antlit fan Kristus, 11dat de satan ús net de baas wurdt; want syn oanslaggen binne ús wier net ûnbekend.
Paulus syn soarch en ferromming
12Ik gong nei Troäs om it evangeelje fan Kristus te bringen en de doar stie dêr wiid foar my iepen om it wurk fan de Hear te dwaan. 13Mar ynwindich hie ik gjin rêst, om’t ik Titus, myn broer, net trof. Dêrom naam ik ôfskie fan harren en reizge ik ôf nei Masedoanië.
14Tank oan God, dy’t ús altiten yn syn triomftocht meinimt yn mienskip mei Kristus. Troch ús ferspriedt Hy oeral de kennisse fan syn namme as in swietrook. 15Want dat binne wy: in swietrook foar God fan Kristus, ûnder harren dy’t behâlden wurde en ûnder harren dy’t ferlern geane; 16foar de lêsten in deadlike rook dy’t de dea docht; foar de earsten in libbensrook dy’t it libben jout. En wa kin sa’n taak oan? 17Wy binne alteast net lykas de measten, dy’t fan Gods Wurd in jildwinning meitsje. Nee, as oprjochte minsken, dy’t God stjoerd hat, sprekke wy foar Gods eagen yn mienskip mei Kristus.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap