It regear fan kening Joächaz
1Doe gong de lânadel hinne en makke Joächaz, de soan fan Josjía, kening yn Jeruzalem foar syn heit yn ’t plak. 2Joächaz wie trijeëntweintich jier doe’t er oan it regear kaam. In fearnsjier hat er te Jeruzalem regearre. 3De kening fan Egypte sette him ôf as kening yn Jeruzalem en lei it lân in skatting op fan hûndert talinten sulver en ien talint goud. 4Doe sette de kening fan Egypte Joächaz syn broer, Eljakim, as kening oer Juda en Jeruzalem en feroare syn namme yn Jojakim; mar Joächaz sels waard troch Neko meinommen en nei Egypte ta brocht.
It regear fan kening Jojakim
5Jojakim wie fiifentweintich jier, doe’t er oan it regear kaam; alve jier hat er te Jeruzalem regearre. Hy die net sa’t syn God, de Heare, it hawwe woe. 6Tsjin him kaam kening Nebûkadnessar fan Babel opsetten en dy bûn him mei brûnzen keattings fêst om him mei te nimmen nei Babel. 7Nebûkadnessar naam ek in part fan it guod út ’e timpel mei nei Babel en brocht it dêr yn syn eigen paleis.
8De skiednis fan Jojakim, de grousume dieden dy’t er bedreaun hat, en wat der by him oan it ljocht kommen is, stiet fierder wol beskreaun yn it boek fan ’e keningen fan Israel en Juda. Syn soan Jojakin folge him op.
It regear fan kening Jojakin
9Kening Jojakin wie achttjin jier, doe’t er oan it regear kaam. In fearnsjier en tsien dagen hat er te Jeruzalem regearre en hy die net sa’t de Heare it hawwe woe. 10Yn it begjin fan it nije jier liet kening Nebûkadnessar him ophelje en nei Babel bringe mei it kostberste guod út ’e timpel en hy sette syn heite broer Sedekía as kening oer Juda en Jeruzalem.
It regear fan kening Sedekía
11Sedekía wie ienentweintich jier, doe’t er oan it regear kaam. Alve jier hat er te Jeruzalem regearre. 12Hy die wat syn God, de Heare, ferkeard achte en woe gjin lytsman wêze foar profeet Jeremia oer, dy spriek him oan yn opdracht fan de Heare. 13Boppedat kaam er yn opstân tsjin kening Nebûkadnessar, dy’t him by God trou swarre litten hie. Hy hâlde de nekke stiif en woe net om lyk; hy woe him net nei de Heare, de God fan Israel, ta keare. 14Dêr kaam by, dat de foarmannen fan ’e prysters en it folk fan ’e iene trouweleasheid yn ’e oare ferfoelen, neffens de grousume gewoanten fan ’e heidenfolken. Sa besmodzen se it hûs fan de Heare, dat Er te Jeruzalem hillige hie.
15Wol stjoerde de Heare, de God fan har foarfaars, harren foar en nei syn boaden, want it dearde Him oan om syn folk en syn wenning, 16mar se laken Gods boaden út, achten syn wurd net en hienen de gek mei syn profeten. Dat gong krektsalang, dat de grime fan de Heare sa grut waard, dat der gjin helpen mear oan wie. 17Dêrom makke Er, dat de kening fan ’e Chaldeeërs tsjin harren opsetten kaam. Dy brocht har jongfeinten om hals yn har hillichdom. Hy ûntseach jongfeint noch jongfaam, âlderdom noch grize hierren. Alles joech God him yn ’e hannen. 18Alle guod út ’e timpel, grutte en lytse stikken, de timpelskatten en de skatten fan ’e kening en fan de hege hearen om him hinne, alles brocht er nei Babel. 19Gods hûs stutsen se yn ’e brân, de muorre fan Jeruzalem brutsen se ôf; alle hearehuzen yn ’e stêd brânden se del, dat ek alle kostber húsrie gong deroan. 20Dy’t oan it swurd ûntkamen, brocht er as ballingen nei Babel, dêr’t se slaven waarden fan himsels en fan syn soannen, oant alles ûnder it Perzyske ryk kaam.
21Sa waard it wurd folbrocht, dat de Heare troch Jeremia sprutsen hie: It lân sil syn fersomme sabbatsjierren fergoede krije. Alle dagen dat it lân der foar wyld hinne lei, hie it sabbatsrêst, om sa de santich jier fol te meitsjen.
Koaresj jout permisje om werom te gean
22Mar de Heare woe syn wurd, dat Er troch Jeremia sprutsen hie, folbringe. Dêrom fitere Er kening Koaresj fan Perzië yn it earste jier fan syn regear derta oan om in oprop útgean te litten oer syn hiele ryk en dy ek op skrift te setten; dêr stie yn: 23Dit hat kening Koaresj fan Perzië te sizzen: Alle keninkriken fan ’e ierde hat de Heare, de God fan ’e himel, my jûn. Hy hat my opdroegen in hûs foar Him te bouwen te Jeruzalem, dat yn Juda leit. Al wa’t fan jimme by syn folk heart – syn God, de Heare, mei him bystean. Lit him dêrhinne gean.