Josjia hâldt wer Peaske
1Dêrnei hâlde Josjía te Jeruzalem Peaske foar de Heare. Se slachten it peaske de fjirtjinde fan ’e earste moanne. 2Josjía wiisde de prysters har wurk en treaste harren oan by de timpeltsjinst. 3Tsjin ’e leviten, dy’t hiele Israel ûnderrjocht joegen en dy’t foar de Heare hillige wienen, sei er: Jim hawwe de hillige arke yn it hûs set dat Salomo, de soan fan David, de kening fan Israel, boud hat. Jimme hoege dy net mear op ’t skouder te dragen. Doch no de tsjinst foar jimme God, de Heare, en foar syn folk Israel 4en hâld jimme ree neffens jimme stamhuzen yn jimme ôfdielings, sa’t kening David fan Israel dat foarskreaun en syn soan Salomo dat fierder beskreaun hat. 5Stel jim yn it hillichdom op foar de stamhuzen fan it gewoane folk, jimme bruorren, en doch dat sa, dat der foar elk stamhûs in ôfdieling fan in levitysk stamhûs beskikber is. 6Slachtsje dan it peaske, en hilligje jimsels: hâld jimme ree foar jimme bruorren om te dwaan sa’t de Heare troch Mozes oanjûn hat.
7Josjía joech as offerjefte foar de lju út it folk oan lytsfee, skiep en geitebokjes, 30.000 bisten mei-inoar, allegearre as peaske-offer, foar elk dy’t opkommen wie; en oan grutfee 3000, allegearre út it keninklik besit. 8De hege hearen om him hinne joegen út harsels ek offerjeften foar it folk, foar de prysters en leviten; Chilkía, Sekarja en Jechiël, foarmannen fan de timpel, joegen foar de prysters as peaske-offer: 2600 bisten lytsfee en oan grutfee noch 300 bisten. 9Konanja en syn bruorren Sjemaja en Netanel, fierders Chasjabja, Jeïel en Jozabad, foarmannen fan ’e leviten, beskikten de leviten foar it peaske-offer oan lytsfee: 5000 bisten en oan grutfee 500. 10Sa waard de tsjinst regele. De prysters stienen op har post en de leviten opsteld yn har ôfdielings, sa’t de kening dat hjitten hie.
11Doe slachten se it peaske; wylst de leviten de bisten de hûd ôfstrûpten, sprinkelen de prysters it bloed dat de leviten har oanlangen. 12Hja leinen apart wat foar it brânoffer ornearre wie, om it neffens de stagen fan ’e stamhuzen ûnder it gewoane folk om te dielen, om it oan de Heare te wijen, lykas beskreaun stiet yn it boek fan Mozes. Mei it grutfee dienen se krektsa. 13Fierders bretten se it peaske, sa’t it heart, boppe it fjoer; de hillige jeften seaën se yn potten, tsjettels en pannen, en joegen it fluch troch oan it gewoane folk. 14Dêrnei makken se it ek ree foar harsels en foar de prysters. Want de prysters, de soannen fan Aäron, wienen oant yn ’e nacht besteld mei it bringen fan ’e brânoffers en it offerjen fan it fet; dêrom makken de leviten it peaske ree foar harsels en foar de prysters, de soannen fan Aäron. 15De sjongers, de soannen fan Asaf, stienen op har post neffens it bestel fan David, Asaf, Heman en Jedûtûn, de keninklike sjenner; de poartewachters krektsa, elk by syn eigen poarte; dy koenen op har post bliuwe, want har mei-leviten makken har it peaske ree.
16Sa waard de hiele tsjinst fan de Heare dy deis regele mei it doel om Peaske te hâlden en de brânoffers op it alter fan de Heare te bringen, sa’t kening Josjía dat hjitten hie. 17Dy kear hâlden de Israeliten dy’t dêr wienen, Peaske en it feest fan ’e ûnsuorre breaën, sân dagen lang. 18Sa’n Peaske wie yn Israel net hâlden sûnt de dagen fan profeet Samuël; en gjinien fan Israels keningen hie sa’n Peaske hâlden as Josjía hâlde mei de prysters en de leviten en mei hiele Juda en Israel – foarsafier’t dy der wienen – en de ynwenners fan Jeruzalem. 19It wie yn it achttjinde jier fan it regear fan Josjía, dat dat Peaske hâlden waard.
Josjía syn libbensein
20Noch mar krekt hie Josjía de timpel hielendal yn oarder, doe kaam kening Neko fan Egypte opsetten om de striid oan te gean by Karkemisj oan ’e Eufraat. Josjía sette derop ta, him yn ’e mjitte. 21Mar Neko stjoerde boaden nei him ta mei dit boadskip: Wat ha jo mei myn saken te meitsjen, kening fan Juda? It giet hjoed hielendal net tsjin jo, mar tsjin it hûs dat mei my yn oarloch is. God hat sein, dat ik oanmeitsje moast. Dat ferset jo net tsjin God, dy’t mei my is. Oars sil Er jo ferûngelokje litte. 22Josjía gong lykwols troch mei op him oan te hâlden. Hy makke himsels ûnkenber om sa mei him yn ’e slach te gean. Hy harke dus net nei Neko syn wurden – dy’t dochs út Gods mûle kamen – mar gong de striid oan yn ’e delling fan Megiddo. 23Dêr rekken de bôgesjitters kening Josjía. Doe sei er tsjin syn mannen: Bring my fuort, want ik bin der min oan ta. 24Syn tsjinners tilden him fan ’e striidwein en leinen him yn syn oare wein en brochten him nei Jeruzalem. Dêr stoar er. Hy waard begroeven yn ’e grêven fan syn foarfaars. Hiele Juda en Jeruzalem rouwen om Josjía. 25Jeremia makke in kleiliet op Josjía; en alle sjongers en sjongsters besongen him yn har kleilieten oan hjoed-de-dei ta. Se makken dêr in fêst gebrûk fan yn Israel. Dy lieten binne opnommen yn ’e Kleilieten.
26De skiednis fan Josjía, syn fromme dieden, dy’t strike mei wat foarskreaun is yn ’e wet fan de Heare, 27en syn dwaan en litten út earder en letter tiid, dat stiet fierder wol beskreaun yn it boek fan ’e keningen fan Israel en Juda.