It regear fan Manasse
1Manasse wie tolf jier, doe’t er oan it regear kaam. Fiifenfyftich jier hat er te Jeruzalem regearre. 2Hy die wat de Heare ferkeard achte, neffens de grousume gewoanten fan ’e heidenfolken dy’t de Heare foar de Israeliten ferballe hie. 3Ommers, hy boude de offerhichten wer op, dy’t syn heit Hizkía ferrinnewearre hie; hy rjochte alters op foar de Baäls, sette wijde beammen en bûgde him yn oanbidding foar it hiele stjerreleger en brocht dêr hulde oan. 4Hy boude sels ôfgodsalters yn de timpel, wylst de Heare sein hie: Jeruzalem, dêr sil Myn namme altyd wêze. 5Ja, hy boude alters foar it hiele stjerreleger yn de beide foarhôven fan ’e timpel. 6Hy liet syn soannen de fjoerwijing ûndergean yn ’e Ben-Hinnom-delling. Hy joech him ôf mei wiersizzerij, beswarderij en tsjoenderij en stelde guon oan as geastebeswarders en as wiersizzers. Sa died er fan alles dat de Heare ferkeard achte, dêr terge er Him mei. 7It ôfgodsbyld dat er makke hie, sette er yn ’e timpel, wylst God tsjin David en syn soan Salomo sein hie: Oan dit hûs en oan Jeruzalem, dat Ik út alle stammen fan Israel útkeazen haw, wol Ik myn namme foar altyd ferbine; 8en Ik sil Israel noait wer ferbalje litte fan ’e grûn dy’t Ik jimme foarfaars tawiisd haw; as se der mar om tinke krekt te dwaan sa’t Ik harren hjitten haw yn ’e wet, de ynsettings en de rjochtsútspraken dy’t Mozes harren jûn hat. 9Sa brocht Manasse Juda en de ynwenners fan Jeruzalem op ’e doele; dat se dienen it noch slimmer as de heidenfolken dy’t de Heare foar de Israeliten ferdylge hie.
10Wol warskôge de Heare Manasse en syn folk, mar se sloegen it gjin acht. 11Doe makke de Heare dat de legeroanfierders fan ’e kening fan Assyrië op har ôfkamen. Dy griepen Manasse mei heakken, bûnen him mei twa brûnzen keattings en brochten him nei Babel. 12Doe’t er sa yn it near siet, socht er de geunst fan syn God de Heare. Hy fernedere him djip foar de God fan syn foarfaars 13en bidde ynmoedich ta Him. De Heare liet Him ferbidde. Hy hearde nei syn smeekbea en brocht him wer nei Jeruzalem yn syn keninklike steat. Doe wist Manasse foargoed, dat de Heare God is.
14Neitiid boude er in bûtenmuorre om ’e Davidsstêd, bewesten de Gichon yn ’e delling, oan ’e yngong fan ’e Fiskpoarte ta, en hielendal om ’e Ofel hinne. Hy makke him tige heech. Hy stelde ek legeroanfierders oan yn alle festingstêden fan Juda. 15Hy reage de frjemde goaden en it ôfgodsbyld yn ’e timpel út ’e wei en ek alle alters dy’t er boud hie op ’e timpelberch en yn Jeruzalem. Hy smiet se de stêd út. 16It alter fan de Heare brocht er wer yn ’e âlde steat; hy brocht dêr frede-offers en tankoffers en lei Juda op, de Heare, de God fan Israel, te tsjinjen. 17Mar it folk gong troch mei offerjen op ’e offerhichten, al wie it dan no allinne mar mear foar har eigen God, de Heare.
18De skiednis fan Manasse, syn gebed ta syn God en de wurden dy’t de sjenners tsjin him sprutsen hawwe yn ’e namme fan de Heare, de God fan Israel, dat stiet fierder allegearre yn ’e kroniken fan ’e keningen fan Israel. 19Syn gebed, de ferhearring dêrfan, al syn sûnde en syn ûntrou, de plakken dêr’t er offerhichten boud en wijde beammen en houde bylden set hat, ear’t er him fernedere – dat stiet beskreaun yn ’e kroniken fan Chozai. 20Manasse is rêst mei syn foarfaars en waard begroeven yn it hôf fan syn eigen hûs. Syn soan Amon folge him op.
21Amon wie tweintich jier, doe’t er oan it regear kaam. Twa jier hat er te Jeruzalem regearre. 22Hy die wat de Heare ferkeard achte, lykas syn heit Manasse dien hie: alle ôfgodsbylden dy’t syn heit Manasse makke hie, dêr offere Amon oan en hy tsjinne se. 23Mar hy fernedere him net foar it antlit fan de Heare, sa’t syn heit Manasse dien hie; krektoarsom, Amon makke de skuld noch grutter. 24Syn tsjinners spanden tsjin him gear en makken him dea yn syn eigen paleis. 25Mar de lânadel sloech alle lju dea, dy’t tsjin kening Amon gearspand hienen en makke syn soan Josjía kening foar him yn ’t plak.