De ynfal fan Sanherib
1Nei’t Hizkía dat dien en sa syn trou toand hie, kaam kening Sanherib fan Assyrië opsetten. Hy die in ynfal yn Juda, belegere de festingstêden en tocht, dat er dy ynnimme soe. 2Doe’t Hizkía fernaam, dat Sanherib opsetten kaam en fan doel wie in oanfal op Jeruzalem te dwaan, 3kaam er, nei oerlis mei syn foarmannen en hege offisieren ta it beslút om it wetter fan ’e wellen bûten de stêd op te kearen. Se woenen him dêr wol by helpe. 4Der kaam gâns folk byinoar en se kearden it wetter fan alle wellen op; ek fan ’e wetterloop dy’t midden troch it lân rint. Want seinen se: Wêrom soenen de keningen fan Assyrië allegearre wetter fine moatte, as se hjir komme? 5Hy fersterke syn posysje troch it hiele stik muorre dat ôfbrutsen wie, wer op te bouwen en sette der tuorren boppe op; oan ’e bûtenkant boude er noch in twadde muorre. Hy fersterke de Millo yn ’e Davidsstêd en liet in macht wapens en skylden meitsje. 6Hy sette oanfierders oer it folk, liet dy allegear by him komme op it plein by de stêdspoarte en spriek harren moed yn mei dizze wurden: 7Wês sterk en manmoedich, sûnder skrikken of ferblikken foar de kening fan Assyrië en de hiele binde dy’t er by him hat, want wy hawwe mear mei as hy. 8Hy hat mar minskemacht mei, mar oan ús kant stiet ús God de Heare, dy’t ús helpt en ús yn ’e slach foargiet. It folk hie steun oan dy wurden fan kening Hizkía fan Juda.
9No stjoerde kening Sanherib fan Assyrië, dy’t sels mei syn hiele legermacht foar Lakisj lei, syn boaden nei Jeruzalem nei kening Hizkía fan Juda en nei alle Judeeërs yn Jeruzalem mei dit boadskip: 10Dit hat kening Sanherib fan Assyrië te sizzen: Wêr betrouwe jimme op, dat jimme yn dat ynsletten Jeruzalem bliuwe? 11Makket Hizkía jim net wat wiis en wol er jimme sa net omkomme litte fan honger en toarst mei syn praat: Us God, de Heare, sil ús rêde út ’e macht fan ’e kening fan Assyrië? 12Dyselde Hizkía ommers hat de Heare syn offerhichten en syn alters opromme en tsjin it folk fan Juda en Jeruzalem sein: foar ien-en-itselde alter moatte jimme God oanbidde en dêr moatte jimme op offerje. 13Witte jimme dan net, wat ik en myn foarfaars de folken fan ’e oare lannen oandien hawwe? Hawwe de goaden fan ’e naasjes fan dy oare lannen har lân soms rêde kinnen út myn macht? 14Hat der ûnder alle goaden fan dy oare naasjes dy’t myn foarfaars ûnder de ban brocht hawwe, wol ien west, dy’t syn folk út myn macht rêde koe? En soe jimme God it dan wol kinne? 15No dan, lit jimme net troch Hizkía ferrifelje! Lit him dermei ophâlde jimme soks wiis te meitsjen. Leau him net! Want gjin inkelde god fan watfoar naasje of keninkryk ek, hat syn folk rêde kinnen út myn macht! Hoefolleste minder sil jimme god jim dan út myn macht rêde kinne!
16Sanherib syn tsjinners, sprieken noch slimmer op tsjin de Heare en tsjin syn tsjinner Hizkía. 17Om de Heare, de God fan Israel, te húnjen en om tsjin Him op te sprekken hied er ek noch in brief skreaun, dêr’t dit yn stie: Likemin as de goaden fan oare naasjes har folk rêden hawwe út myn macht, likemin sil de god fan Hizkía syn folk út myn macht rêde! 18Yn de Joaden har eigen taal rôpen se lûd tsjin it folk fan Jeruzalem dat op ’e muorre stie, om de minsken bang en oerstjoer te meitsjen en sadwaande de stêd ynnimme te kinnen.
19Hja praten oer de God fan Jeruzalem krekt as gong it oer ien fan ’e goaden fan ’e folken fan ’e ierde, dy’t minskewurk binne. 20Mar kening Hizkía en profeet Jesaja, de soan fan Amoz, gongen yn gebed en rôpen God yn ’e himel derfoar oan. 21Doe stjoerde de Heare in ingel dy’t alle striidbere mannen mei har generaals en ofsieren yn ’t legerkamp fan ’e kening fan Assyrië ombrocht. Dat hy moast mei skea en skande nei syn lân werom. En doe’t er it hûs fan syn god ynkaam, hawwe guon fan syn bloedeigen soannen him dêr mei it swurd delslein. 22Sa ferloste de Heare Hizkía en de ynwenners fan Jeruzalem út ’e macht fan kening Sanherib fan Assyrië en út ’e macht fan al syn fijannen; Hy joech harren rûnom rêst. 23Mannichien brocht te Jeruzalem jeften foar de Heare en kostberheden foar kening Hizkía fan Juda. Fan dy tiid ôf kaam er heech yn oansjen by alle naasjes.
Hizkía syn libbensein
24Om dy tiid waard Hizkía deasiik. Doe bidde er ynmoedich ta de Heare; dy antwurde him mei in wûnderteken oan him te dwaan. 25Mar Hizkía die neat werom foar de woldied dy’t God him dien hie; want hy wie heechmoedich wurden. Sa kaam Gods grime oer himsels en oer Juda en Jeruzalem. 26Doe’t Hizkía him lykwols lytsman makke en syn heechmoed farre liet – hysels en de ynwenners fan Jeruzalem – kaam de grime fan de Heare noch net oer harren, salang’t hy libbe.
27Grutte rykdom en eare foelen Hizkía ta. Hy boude skatkeamers foar sulver en foar goud en foar edelstien en foar krûderij, en ek foar skylden en foar alle soarten fan kostberheden. 28Fierders pakhuzen foar wat ynkaam oan nôt, druvesop en oalje; en stallen foar allerhanne fee en hokken foar de skiep. 29Hy boude himsels stêden en hâlde in macht grutfee en lytsfee, want God hie him gâns besit taskikt. 30Dyselde Hizkía wie ek de man dy’t de boppeste útloop fan ’e Gichon ôfdamme en it wetter ûnder by de westkant fan ’e Davidsstêd lâns rinne liet. En al syn wurk gong Hizkía goed ôf. 31Sa wie ’t ek doe’t gesanten fan ’e foarsten fan Babel nei him tastjoerd waarden om neifraach te dwaan nei it wûnderteken dat yn it lân bard wie: doe liet God him wol gewurde, mar it wie om him te hifkjen en om it allerneiste fan him oan ’e weet te kommen.
32De skiednis fan Hizkía en syn fromme dieden steane fierder wol beskreaun yn it fizioen fan profeet Jesaja, de soan fan Amoz en yn it boek fan ’e keningen fan Juda en fan Israel. 33Hizkía is rêst mei syn foarfaars en waard begroeven by de opgong nei de grêven fan David syn neikommelingen. Hiele Juda en de ynwenners fan Jeruzalem dienen him by syn dea de lêste eare oan. Syn soan Manasse folge him op.