De reformaasje fan Joäsj
1Sân jier wie Joäsj, doe’t er oan it regear kaam. Fjirtich jier hat er te Jeruzalem regearre. Syn mem hiet Sibja en kaam fan Beër-Sjêba. 2Salang’t pryster Jojada libbe, die Joäsj sa’t de Heare it hawwe woe. 3Jojada beskikte him twa froulju, dêr’t er soannen en dochters by krige. 4In skoftke neitiid kaam by Joäsj it plan op om de timpel wer yn goede steat te bringen. 5Dêrom rôp er de prysters en de leviten byinoar en sei tsjin harren: Gean nei de stêden fan Juda en sjoch út hiele Israel jild byinoar te krijen om it hûs fan jimme God alle jierren weroan syn ûnderhâld te jaan; meitsje oan! Mar de leviten wienen der net sa hastich mei. 6Doe rôp de kening opperpryster Jojada en sei tsjin him: Wêrom ha jo net soarge, dat de leviten yn Juda en Jeruzalem de skatting ynbarden foar de tinte mei de Ferbûnsarke, de skatting, dy’t Mozes, de tsjinner fan de Heare, Israels gemeente oplein hat? 7Want de lju fan dy goddeleaze Atalja hawwe it hûs fan God skeind en sels alles wat oan ’e timpel wijd wie, foar de Baäls brûkt.
8Op bestel fan ’e kening makken se doe in kiste en setten dy bûten by de yngong fan ’e timpel. 9Doe lieten se yn Juda en Jeruzalem in oprop útgean, dat se de skatting foar de Heare opbringe moasten, dy’t Mozes, de tsjinner fan God, Israel yn ’e woestyn oplein hie. 10De hiele hegerein en it hiele folk brocht dy mei blydskip yn ’e kiste, oant de taks hielendal betelle wie. 11Hieltyd as de kiste troch de leviten nei de amtners brocht waard en as dy seagen dat der gâns jild yn siet, kamen de skriuwer fan ’e kening en de amtner fan ’e opperpryster; dy legen de kiste, namen him mei en setten him wer te plak. Dat dienen se dei oan dei en sa krigen se in slompe jild byinoar. 12Dat joegen de kening en Jojada oan ’e útfierders fan it wurk dat oan de timpel dien wurde moast, en dy hierden stienhouwers en timmerlju om de timpel wer yn goede steat te bringen en ek izer- en kopersmidden foar de reparaasjes dêroan. 13Sa wienen de útfierders fan it wurk drok dwaande en ûnder har hannen einde de restauraasje hurd. Hja makken Gods hûs wer op neffens it oarspronklik bestek en leveren bêst wurk. 14Doe’t se der klear mei wienen, brochten se it jild dat oer wie, by de kening en Jojada; dy liet der timpelark fan meitsje: ark foar de tsjinst en foar it offerjen, ek fjoerpannen en sulver- en goudguod. Salang’t Jojada libbe, waarden yn ’e timpel aloan brânoffers brocht.
Joäsj falt tebek
15Mar Jojada waard âlder en stoar. Hy wie op hege jierren kommen, hûnderttritich jier wied er, doe’t er stoar. 16Hy waard yn ’e Davidsstêd begroeven, by de keningen, om’t er yn Israel it goede dien hie foar God en foar Gods hûs.
17Mar nei de dea fan Jojada kamen de foarmannen fan Juda; hja bûgden har djip foar de kening en dy liet de earen hingje nei har praat. 18Doe kearden se har fan it hûs fan de Heare, de God fan har foarfaars, ôf en tsjinnen de wijde beammen en de ôfgoaden. Omdat se dêrmei skuld op har laden, kaam Gods grime oer Juda en Jeruzalem. 19Wol stjoerde de Heare noch profeten ûnder harren om har wer nei Him ta te bringen; dy fermoannen har tige, mar se woenen der net nei harkje. 20Doe griep Gods Geast Sekarja oan, de soan fan pryster Jojada. Dy gong foar it folk stean en sei: Dit hat God te sizzen: Wêrom rinne jimme oer de geboaden fan de Heare hinne? Dêr kin dochs neat gjin goeds fan komme! Om’t jimme jim fan de Heare ôfkeard hawwe, hat Hy Him fan jimme ôfkeard.
21Doe spanden se tsjin him gear en stiennigen him op befel fan ’e kening yn it foarhôf fan ’e timpel. 22Sa fergeat Joäsj hielendal, hoe goed Jojada, Sekarja syn heit, altiten foar him west hie; hy die syn soan de dea oan en dy stoar mei de wurden: Lit de Heare it sjen en wraak nimme!
23Doe’t it jier om wie, kaam it leger fan de Arameeërs op Joäsj ôf; se krongen Juda en Jeruzalem yn en sloegen alle oanfierders fan it folk dea. Alles wat se bút makken, stjoerden se nei de kening fan Damaskus. 24Alhoewol’t it leger fan ’e Arameeërs mar minmachtich wie, makke de Heare dochs, dat se in tige grut leger oerwûnen, om’t de Judeeërs har fan de Heare, de God fan har foarfaars, ôfkeard hienen. Sa fierden de Arameeërs Gods oardiel oer Joäsj út. 25Doe’t se wer fuortgongen en him achterlieten, wie hy der min oan ta. Doe spanden syn tsjinners tsjin him gear út wraak foar it bloed fan de soan fan pryster Jojada. Se makken him op syn bêd fan kant. Hy waard noch al yn ’e Davidsstêd begroeven, mar net yn ’e keningsgrêven. 26De mannen dy’t tsjin him gearspand hienen, wienen Sabad, de soan fan Sjimat, de Ammonityske, en Jozabad, de soan fan Sjimrit, de Moäbityske. 27Wat syn soannen oanbelanget en de ûnderskate godsspraken tsjin him en de restauraasje fan Gods hûs, dat stiet allegear beskreaun yn ’e Utlis fan it boek fan ’e Keningen. Syn soan Amasja folge him op.