1Mar yn it sânde jier weage Jojada it derop en gean in bûn oan mei de oanfierders fan hûndertskippen: Azarja, de soan fan Jerocham, Jisjmael, de soan fan Jochanan, Azarja, de soan fan Obed, Maäseja, de soan fan Adaja en Elisjafat, de soan fan Sikry. 2Dy reizgen hiele Juda ôf en rôpen de leviten út alle stêden fan Juda en de haden fan Israels stamhuzen op. Doe’t se te Jeruzalem kommen wienen, 3ferbûn de hiele gearkomste har mei de kening yn it hûs fan God en Jojada sei tsjin harren: Sjoch, de soan fan ’e kening heart kening te wêzen, neffens de útspraak fan de Heare oer de soannen fan David. 4No moatte jimme dit dwaan: in tredde part fan jimme dy’t op sabbat tsjinst hawwe – de prysters likegoed as de leviten – moat wacht hâlde by de drompels, 5in tredde part by it keninklik paleis en in tredde part by de Fûnemintpoarte en it gewoane folk yn ’e foarhôven fan ’e timpel. 6Gjinien mei yn ’e timpel komme behalven de prysters en de leviten dy’t tsjinst hawwe; dy meie deryn, want se binne hillich; mar al it oare folk hat him te hâlden oan ’e oarders fan de Heare. 7Dan moatte de leviten om de kening hinne stean gean, allegear mei de wapens yn ’e hân. Dy’t ta de timpel yn wol, moat deade wurde; mar bliuw jimme by de kening, wêr’t er ek hinne giet. 8De leviten en hiele Juda dienen krekt sa’t pryster Jojada it har opdroegen hie. Elk hâlde syn mannen ree dy’t op sabbat opkomme moasten, en ek dy’t op sabbat ôflost wurde soenen; want pryster Jojada hie gjin inkelde ôfdieling frij jûn. 9Pryster Jojada joech de oanfierders fan ’e hûndertskippen de spearen en de lytse en grutte skylden fan kening David, dy’t yn it hûs fan God stienen. 10It hiele folk, allegear mei har wapens yn ’e hân, stelde er op om de kening hinne, fan ’e rjochterside fan ’e timpel oan ’e linker ta, by it alter en by it haadgebou. 11Doe hellen se de keningssoan bûtendoar, setten him de kroan op, joegen him de oarkunde en rôpen him ta kening út. Jojada en syn soannen salven him en rôpen: Lang mei de kening libje! 12Doe’t Atalja it lûd hearde fan it folk dat derop tasetten kaam en de kening tajubele, gong se nei it folk yn ’e timpel. 13Dêr seach se dan de kening op syn ferheging stean by de yngong, de oanfierders en de trompetters njonken de kening en de hiele lânadel, dy’t bliid wie en op ’e trompetten blies, en de timpelsjongers dy’t mei muzykynstruminten it teken joegen om de lofsang yn te setten. Doe skuorde Atalja har klean stikken en rôp: Ferrie! Ferrie!
14Doe joech pryster Jojada de oanfierders oer de hûndertskippen, de legerkommandanten it befel: Bring har fuort, tusken de rigen troch. Wa’t har folget, sil om hals brocht wurde. Want de pryster hie sein: Jim meie har net deameitsje yn ’e timpel! 15Se griepen har fêst en doe’t se by it paleis kommen wie, by de Hynstepoarte, makken se har dêr dea. 16Doe makke Jojada in ferbûn tusken himsels en it folk en de kening: dat se wer folk fan de Heare wêze soenen. 17Dêrnei gong it hiele folk nei de Baälstimpel en ferinnewearre dy. De Baäl-alters en – bylden sloegen se yn gruzels en Mattan, de Baälpryster, sloegen se dea lyk foar de alters. 18Fierders droech Jojada de levityske prysters it tafersjoch oer de timpel fan de Heare op. David hie harren yndield om de brânoffers foar de Heare te bringen, sa’t dat yn ’e wet fan Mozes foarskreaun wie, mei blide lofsang, alhiel neffens David syn bestel.
19Hy stelde de poartewachters foar de timpel op, dat der gjinien ynkomme soe dy’t fanwegen it ien of oar ûnrein wie. 20Doe naam er de oanfierders fan ’e hûndertskippen, de foarname lju en de mannen dy’t sizzenskip hienen oer it folk, en al it bûtenfolk mei en hy brocht de kening de timpel út. Se kamen troch it middenstik fan ’e boppeste poarte yn it paleis en setten de kening op ’e keningstroan. 21De hiele lânadel wie bliid en yn ’e stêd bleau it rêstich, ek doe’t se Atalja om hals brocht hienen.