1 Samuël 8
It folk freget om in kening
1Doe’t Samuël âld wurden wie, stelde er syn soannen oan as rjochters oer Israel. 2Syn âldste soan hiet Joël en syn twadde Abía. Hja wienen rjochters yn Beër-Sjêba. 3Syn soannen lykwols gongen oare wegen as hy. Hja wienen derop út om der better fan te wurden, dat hja namen geskinken oan en lichten de hân mei it rjocht. 4Doe kamen alle âldsten fan Israel byinoar. Hja gongen nei Samuël te Rama 5en seinen tsjin him: Sjochris, jo binne âld wurden en jo soannen geane oare wegen as jo. Dat stel no in kening oer ús oan, lykas de folken allegearre hawwe. Dan kin dy rjochter oer ús wêze.
6Mar it like Samuël lang net goed ta, dat se seinen: Jou ús in kening om rjochter oer ús te wêzen. Dêrom lei Samuël it yn gebed oan de Heare foar. 7Mar de Heare sei tsjin Samuël: Harkje nei de stim fan it folk yn alles wat se tsjin dy sizze. Hja hawwe dij ommers net oan ’e kant set, mar My ha se oan ’e kant set, dat Ik har kening net langer bin. 8Krekt sa’t se dien ha sûnt de deis dat Ik har út Egypte weihelle haw oant hjoed-de-dei ta, dat se My ferlitten en oare goaden tsjinne hawwe, sa dogge se no ek mei dy. 9Jou har har sin mar. Allinne warskôgje har tige en fertel har wat it rjocht wurdt fan ’e kening dy’t oer har regearje sil.
10Doe die Samuël al dy wurden fan de Heare troch oan it folk dat in kening fan him frege hie. 11Hy sei: Dit sil it rjocht fan ’e kening wêze dy’t oer jimme regearje sil: Hy sil jim soannen nimme en dy opstelle by syn hynder-en-weinen, hja sille foar syn wein útdrave moatte. 12Hy sil har oanstelle as lieders oer tûzen en oer fyftich. Hja sille syn lân ploegje moatte en syn rispinge ynhelje. Syn oarlochsark sille se meitsje moatte en syn striidweinen útrisse. 13Jimme dochters sil er nimme as salvemingsters, keukenfammen en baksters. 14Jim bêste stikken lân, druvetunen en olivehôven sil er nimme en dy oan syn feinten jaan. 15Hy sil de tsienden nimme fan ’e opbringst fan jim lân en druvehôven en dy oan syn hovelingen en syn feinten jaan. 16De bêsten fan jimme slaven en slavinnen en jimme jongfeinten en jim ezels sil er nimme foar syn wurk. 17En fan jim lytsfee sil er de tsienden nimme en jim sille syn slaven wêze. 18Dy deis sille jimme jim need kleie oer de kening dy’t jim sels keazen ha, mar de Heare sil jim dy deis net antwurdzje.
19It folk wegere lykwols nei Samuël te harkjen. Hja seinen: Alles goed en wol, mar der moat dochs in kening oer ús stean, 20dan sille wy gelyk wêze oan alle folken. Us kening sprekt dan rjocht oer ús en giet foar ús út en fiert ús oarloggen. 21Samuël hearde alles oan wat it folk sei en brocht dat oer oan de Heare. 22Doe sei de Heare tsjin Samuël: Jou har har sin en stel in kening oer har oan. Dêrop sei Samuël tsjin ’e mannen fan Israel: Gean dan mar wer, elk nei syn eigen stêd.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap