1 Samuël 7
1De manlju fan Kirjat-Jeärim kamen en hellen de arke fan de Heare op. Hja brochten him nei it hûs fan Abinadab op it heech en dy syn soan Elazar hilligen se dat dy de noed foar de arke fan de Heare op him nimme soe.
De Filistinen by Mispa ferslein
2Sûnt de dei dat de arke te Kirjat-Jeärim in plak krige hie, ferrûn der gâns in tiid; it waard wol tweintich jier en it hiele folk fan Israel rûn mei gâns jammerklachten achter de Heare oan. 3Doe sei Samuël tsjin de Israeliten: As jimme jim mei it hiele hert ta de Heare bekeare wolle, doch dan de frjemde goaden en de Astartes út jimme fermidden wei, set jimme hert op de Heare en tsjinje Him allinne. Dan sil Hy jim ferlosse út ’e macht fan ’e Filistinen. 4En de Israeliten dienen de Baäls en de Astartes fuort en tsjinnen de Heare allinne. 5Doe sei Samuël: Rop hiele Israel byinoar te Mispa, dan sil ik foar jimme bidde oan de Heare.
6Doe’t hja te Mispa byinoar kommen wienen, skepten se wetter op en geaten it út foar de Heare. Hja fêsten dy deis en seinen dêr: Wy hawwe sûndige tsjin de Heare. Sa spriek Samuël rjocht oer de Israeliten te Mispa. 7Doe’t de Filistinen hearden dat de Israeliten te Mispa byinoar kommen wienen, setten de Filistynske foarsten op Israel ta. De Israeliten hearden dat en waarden bang fan de Filistinen. 8Dat de Israeliten seinen tsjin Samuël: Hâld der net mei op foar ús oan de Heare ús God te roppen, dat Hy ús ferlosse mei út ’e macht fan ’e Filistinen. 9Samuël naam dêrop in sûchlaam en offere dat hielendal as in brânoffer foar de Heare en de Heare joech him antwurd.
10Wylst Samuël it brânoffer brocht, kamen de Filistinen der oansetten om tsjin Israel te striden. Mar de Heare tongere mei in machtich lûd oer de Filistinen, dat hja waarden ferbjustere en moasten de slach tsjin Israel ferlieze. 11De manlju fan Israel gongen út Mispa wei en setten de Filistinen achternei en sloegen op har yn oant ûnderoan Bet-Kar. 12Doe naam Samuël in stien en sette dy tusken Mispa en Sjen. Hy joech dy de namme Eben Haëzer en sei: Hjiroanta hat de Heare ús holpen.
13Sa waarden de Filistinen lytsman makke. Hja kamen net mear op Israels gerjochtichheid, mei’t de hân fan de Heare tsjin ’e Filistinen wie, salang’t Samuël libbe. 14De stêden fan Ekron oant Gat ta, dy’t de Filistinen Israel ôfnommen hienen, kamen wer oan Israel. It gebiet dat derby hearde, hellen de Israeliten ûnder de macht fan ’e Filistinen wei. Tusken Israel en de Amoriten wie ek frede.
15Samuël no wie syn hiele libben lang rjochter oer Israel. 16Alle jierren die er in omgong oer Bet-El, Gilgal en Mispa en op al dy plakken spriek er rjocht oer Israel. 17Dan gong er werom nei Rama, want dêr stie syn hûs en dêr spriek er rjocht oer Israel. Dêr boude er in alter foar de Heare.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap