1 Samuël 5
De arke by de Filistinen
1Doe’t de Filistinen Gods arke bútmakke hienen, brochten se dy fan Eben-Haëzer nei Asjdod. 2De Filistinen no namen Gods arke en brochten dy yn ’e timpel fan Dagon en setten dy njonken Dagon del. 3De oare moarns wienen de Asjdoditen der al betiid by en sjoch: Dagon wie foaroer oer de grûn fallen foar de arke fan de Heare. Hja namen Dagon op en setten him wer teplak. 4De oare deis wienen se der betiid yn ’e moarntiid al ôf en sjoch: Dagon wie foaroer oer de grûn fallen foar de arke fan de Heare, mar de holle en de beide hannen leinen ôfbrutsen op ’e drompel. Dagon wie allinne noch mar romp. 5Dêrom stappe de prysters en allegearre dy’t yn ’e timpel fan Dagon te Asjdod komme oant hjoed-de-dei ta net op Dagon syn drompel.
6Dêrby drukte de hân fan de Heare swier op ’e Asjdoditen. Hy brocht har yn ûnstjoer en sloech har mei swolms, sawol Asjdod as de omkriten. 7Doe’t de mannen fan Asjdod seagen dat it sa betearde, seinen se: De arke fan Israels God moat net by ús bliuwe, want syn hân drukt swier op ús en op ús god Dagon. 8Doe lieten se alle foarsten fan ’e Filistinen by har gearkomme en seinen: Hoe moatte wy oan mei de arke fan Israels God? Doe seinen dy fan Gat: Bring de arke fan Israels God mar by ús. Dêrop ferbrochten se de arke fan Israels God.
9Mar nei’t se dy dêrhinne brocht hienen, joech de hân fan de Heare in tige grutte ferbjustering yn ’e stêd. Hy rekke de manlju fan dy stêd fan ’e lytste oant de grutste en hja krigen swolms. 10Dêrop stjoerden se Gods arke nei Ekron, mar de lju fan Ekron jammeren it út en seinen: No ha se de arke fan Israels God by ús brocht. Dat sil ús en ús folk de dea dwaan! 11Dat se dienen berjocht en hellen alle foarsten fan ’e Filistinen byinoar en seinen: Stjoer de arke fan Israels God fuort. Lit dy mar nei syn eigen plak weromgean, oars docht it ús en ús folk de dea. Der wie yndied in deadlike ûntsetting oer de hiele stêd kommen, want Gods hân lei dêr tige swier op. 12De manlju dy’t net stoarn wienen, waarden slein mei swolms, dat de needgjalpen fan ’e stêd stiigden nei de himel.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap