1Sa krige hiele Israel it wurd fan Samuël te hearren.
De arke nommen
De Israeliten trieken ris op om tsjin ’e Filistinen te striden en hja legeren har te Eben-Haëzer, wylst de Filistinen har yn Afek legeren. 2Dêrop stelden de Filistinen har yn slachoarder foar de Israeliten oer. En doe’t de striid him útwreide, waarden de Israeliten ferslein troch de Filistinen. Dy deaden yn ’e slach op it iepen fjild likernôch 4000 man.
3Doe’t it folk werom wie yn it legerkamp, seinen de âldsten fan Israel: Hoe komt it dochs dat de Heare ús hjoed troch de Filistinen ferslaan litten hat? Lit ús de bûnsarke fan de Heare ophelje út Sjilo wei, dat Hy yn ús fermidden komt en ús ferlost út ’e macht fan ús fijannen. 4Dêrop stjoerde it folk berjocht nei Sjilo en hja droegen de bûnsarke fan de Heare Almachtich, dy’t boppe de kearûb-ingels troanet, dêrwei en de beide soannen fan Ely, Chofny en Pinechas, wienen dêr by Gods bûnsarke. 5Sadree’t de bûnsarke fan de Heare yn it kamp kaam, jubelen alle Israeliten wol sa lûd, dat de grûn droane derfan. 6De Filistinen hearden dat geskreau en hja seinen: Wat betsjut dat lûd geskreau yn it kamp fan ’e Hebreeërs? 7Doe’t se te witten kamen dat de arke fan de Heare yn it kamp kommen wie, waarden de Filistinen benaud, want se tochten: God is yn it kamp kommen. Hja seinen: Wee ús, want soks is noch net earder foarkommen. 8Wee ús, wa kin ús rêde út ’e macht fan dy geweldige God? Dit is dy God dy’t de Egyptners mei allerhanne pleagen slein hat yn ’e woestyn. 9Wês moedich en hâld jimme as keardels, Filistinen; dat jimme de Hebreeërs net hoege te tsjinjen, lykas hja jimme tsjinne hawwe! Hâld jimme as keardels en striid!
10Doe foelen de Filistinen oan en de Israeliten waarden ferslein, dat in elk naam de wyk nei syn eigen tinte. It wie ien grutte slachting. Der foelen fan ’e Israeliten tritichtûzen man fuotfolk. 11Gods arke waard ek bútmakke en de beide soannen fan Ely, Chofny en Pinechas stoaren.
Ely syn dea
12Doe rûn in Benjaminyt hurd fan it front wei en kaam dyselde deis noch yn Sjilo oan mei stikkenskuorde klean en modder op ’e holle. 13Wylst er oankaam, siet Ely op in stoel oan ’e kant fan ’e wei út te sjen, want hy siet tige yn noed oer Gods arke. Doe’t dy man dêr oankommen wie, fertelde er it yn ’e stêd, dat de hiele stêd jammere deroer. 14Ely hearde dat jammerjen en sei: Wat foar opskuor is dat? Doe rûn dy man der gau hinne en fertelde it Ely. 15Ely no wie achtennjoggentich jier en de eagen stienen him stiif, dat hy koe net mear sjen.
16Dy man sei tsjin Ely: Ik kom fan it front, ja ik bin dêr hjoed weiflechte. Doe sei er: Wat is der foarfallen, myn jonge? 17De boadskipper antwurde: Israel is op ’e flecht slein foar de Filistinen en der hat in grutte slachting west ûnder it folk. Ek jo beide soannen Chofny en Pinechas binne stoarn en Gods arke is bútmakke. 18Doe’t er dat fan Gods arke neamde, foel Ely achteroer fan ’e stoel njonken de poarte, dat hy briek de nekke en stoar, want de man wie âld en swier. Fjirtich jier hied er rjochter oer Israel west.
Dea fan Pinechas’ frou
19Syn skoandochter, de frou fan Pinechas wie swier en rûn op alle dagen. Doe’t se it berjocht hearde, dat Gods arke bútmakke en har skoanheit en har man stoarn wienen, setten de fleagen yn. Hja kromp yninoar en krige it bern.
20Doe’t se op stjerren lei, seinen de froulju dy’t by har stienen: Wês mar net bang, want jo hawwe in soan krige. Hja joech lykwols gjin antwurd en sloech it gjin acht. 21Mar se neamde it jonkje Ikabod en sei: De eare is fuort út Israel, omdat Gods arke bútmakke wie en om har skoanheit en har man. 22Hja sei: Fuort is de eare út Israel, want Gods arke is bútmakke.