1 Samuël 31
Sauls dea
1Undertusken fochten de Filistinen tsjin Israel en de mannen fan Israel gongen foar de Filistinen op ’e flecht en der foelen deaden op it berchlân Gilboä. 2De Filistinen hellen Saul en syn soannen yn en sloegen Saul syn soannen Jonatan, Abinadab en Malkisjûa dea.
3Doe krige Saul it swier te ferduorjen: de bôgesjitters krigen him yn ’t each en hy trille fan benaudens foar dy skutters. 4Dat Saul sei tsjin syn wapendrager: Lûk dyn swurd en stek my dêrmei del, dat dy ûnbesnienen net komme en my delstekke en mei my omboartsje. Mar syn wapendrager woe net, want hy doarst it net oan. Doe naam Saul sels it swurd en liet him deryn falle. 5Doe’t de wapendrager seach dat Saul dea wie, liet hy him ek yn syn swurd falle en stoar mei him. 6Sa stoaren Saul, syn trije soannen, syn wapendrager en ek al syn mannen tagelyk, op deselde dei.
7Doe’t de Israeliten oan ’e oare kant de delling en dy oan ’e oare kant de Jordaan fernamen dat de Israeliten op ’e flecht slein wienen en dat Saul en syn mannen dea wienen, ferlieten se har stêden en namen de wyk. Doe kamen de Filistinen en setten har dêr del. 8De oare deis kamen de Filistinen om de liken te plonderjen. Doe fûnen se Saul en syn trije soannen, fallen op it berchlân Gilboä. 9Hja houden him de holle ôf en dienen him syn wapenrissing út. Dy lieten se yn it Filistynske lân rûngean om it goede nijs bekend te meitsjen yn ’e timpels fan har ôfgoaden en oan it folk. 10Hja setten syn wapenrissing yn ’e timpel fan Asjtarot, mar syn lyk spikeren se oan ’e muorre fan Bet-Sjan.
11Doe’t de ynwenners fan Jabesj yn Gileäd hearden, wat de Filistinen Saul oandien hienen, 12kamen alle striidbere mannen yn aksje, rûnen de hiele nacht troch en namen it lyk fan Saul en de liken fan syn soannen fan ’e muorre fan Bet-Sjan. Doe’t se wer yn Jabesj oankommen wienen, ferbaarnden se dy dêr. 13Dêrop namen se har omskot en begroeven dat ûnder ’e tamarisk yn Jabesj. Doe fêsten se sân dagen.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap