David fynt Siklach yn pún
1Doe’t David en syn mannen de tredde deis yn Siklach oankamen, hienen de Amelekiten in strooptocht ûndernommen yn ’e steppe en tsjin Siklach. Hja hienen Siklach ynnommen en it yn ’e brân stutsen. 2De froulju, dy’t yn ’e stêd wienen, hienen se, fan ’e jongste oan ’e âldste ta, oppakt en meinommen, sûnder ien te deadzjen. Dêrnei wienen se wer har wegen gien. 3Mar doe’t David en syn mannen by de stêd kamen, wie dy ferbaarnd en har froulju, soannen en dochters wienen oppakt. 4Doe begûn David en it folk dat er by him hie, lûdop te gûlen, oant se net mear koenen. 5Ek de beide froulju fan David, Achinoäm, de Jizreëlityske en Abigaïl, de frou fan ’e Karmelyt Nabal, wienen oppakt. 6Mar David kaam tige yn ’e knipe, want it folk hie it der oer him te stiennigjen. It folk siet dan ek slim yn noed, elk oer syn eigen soannen en dochters. David lykwols fûn foar himsels krêft yn de Heare, syn God.
7David sei tsjin pryster Abjatar, de soan fan Achimêlek: Bring de efod by my. Doe brocht Abjatar de efod by David. 8En David frege de Heare: Sil ik achter dizze binde oanjeie en sil ik se dan ynhelje? Hy sei tsjin him: Gean der mar achteroan, want do silst se foarfêst ynhelje en do silst dyn minsken wer frij krije. 9Doe gong David sels mei de seishûndert man dy’t er by him hie op ’en paad en se kamen oan by de beek Besor. Wylst de oaren dêr achterbleauwen, 10jage David sels mei fjouwerhûndert man troch. Twahûndert manlju, dy’t te wurch wienen om oer ’e beek Besor te gean, bleauwen achter.
11Hja troffen in Egyptner yn it fjild oan en se namen him mei nei David. Se joegen him wat brea en dat iet er op en se joegen him wat wetter te drinken. 12Ek joegen se him in klompe figen en twa rezinekoeken. Doe’t er iten hie, kaam er wer wat ta himsels, want hy hie yn trije dagen en nachten gjin iten hân. 13Doe sei David tsjin him: By wa hearsto en wêr komsto wei? Hy sei: Ik bin in Egyptysk jongfeint en de slaaf fan in Amalekyt. Myn hear hat my achterlitten, omdat ik trije dagen lyn siik wurden bin. 14Wy hawwe in strooptocht ûndernommen yn ’e steppe fan ’e Keretiten, yn it gebiet fan Juda en yn ’e steppe fan Kaleb. Ek Siklach hawwe wy platbaarnd. 15Dêrop sei David tsjin him: Wolsto my by dy binde bringe? Hy sei: Swar my by God dat jo my net deadzje sille en my net oan myn hear útleverje. Dan sil ik jo by dy binde bringe. 16Doe brocht er har dêrhinne en sjochdêr: se leinen oer it hiele gea fersille te iten en te drinken en feest te fieren fan ’e hiele grutte bút dy’t se meinommen hienen út it Filistynske en it Judeeske lân.
De Amalekiten ferslein
17Doe sloech David op har yn fan ’e moarnsskimer ôf oant de jûns fan ’e oare deis ta en net ien fan harren ûntkaam, op fjouwerhûndert jongfeinten nei, dy’t op kamielen rieden en útnaaiden. 18Sa rêde David alles wat de Amalekiten meinommen hienen, ek syn beide froulju. 19Hja misten net ien, lyts noch grut, soannen noch dochters. En wat de bút oangiet: alles wat se harren ôfnommen hienen, waard wer troch David werombrocht. 20David naam alle skiep en kij mei. Hja dreauwen dat fee foar har út en seinen: Dit is Davids bút.
Ferdieling fan ’e bút
21Doe’t David by de twahûndert manlju kaam, dy’t te wurch west hienen om achter David oan te gean en dy’t se by de beek Besor bliuwe litten hienen, kamen dy David en it folk dat er by him hie, yn ’e mjitte. David gong op dy minsken ta en frege, hoe’t it der mei wie. 22Mar alle ferkearde lju en de dogeneaten ûnder de manlju dy’t mei David gien wienen, begûnen op te sprekken. Omdat hja net mei ús gien binne, krije se ek neat fan ’e bút dy’t wy rêden hawwe. Oars net, as dat elk syn eigen frou en bern meinimme kin en lit se har dan ôfjaan. 23Mar David sei: Sa moatte jimme net dwaan, bruorren, mei wat de Heare ús jûn hat! Hy hat ús bewarre en de binde dy’t ús oerfallen hie, oan ús oerlevere. 24Wa soe yn dit stik fan saken nei jim harkje? Nee, it oandiel fan har dy’t mei yn ’e striid gien binne, sil gelyk wêze oan it oandiel fan har dy’t by de foarrieden bleaun binne. Hja sille lykop diele. 25En fan dy dei ôf stelde hy dat yn as in foarskrift en rjocht foar Israel oant hjoed-de-dei ta.
David stjoert geskinken
26Doe’t David yn Siklach oankommen wie, stjoerde er fan ’e bút oan ’e âldsten fan Juda, dy’t syn freonen wienen, mei it boadskip: Sjoch, hjir is in geskink foar jimme út ’e bút dy’t wy op ’e fijannen fan de Heare behelle hawwe. 27Oan dy yn Bet-El, oan dy yn Ramot-Súd, 28oan dy yn Jattir, oan dy yn Aroër, oan dy yn Sifmot, oan dy yn Esjtemoä, 29oan dy yn Rakal, oan dy yn ’e stêden fan ’e Jerachmeëliten en oan dy yn ’e stêden fan ’e Keniten, 30oan dy yn Chorma, oan dy yn Bor-Asjan, oan dy yn Atak, 31oan dy yn Hebron en oan alle plakken dêr’t David mei syn mannen omswurven hie.