1Doe sei kening David tsjin ’e hiele gemeente: Myn soan Salomo, de iennichste dy’t God útkeazen hat, is jong en sûnder ûnderfining, en it giet hjir om in grut stik wurk, want dit wurdt gjin stins foar in minske, mar foar God de Heare. 2No haw ik, safolle as ik koe, foar it hûs fan myn God byinoarbrocht; goud foar it goudwurk, sulver foar it sulverwurk, brûns foar it brûnswurk, izer foar it izerwurk, hout foar it houtwurk; chrysopraas en ynsetstien, swarte en bûnte stien, allerhanne kostbere stien en wytmoarmer yn grutte foarrie. 3Boppedat jou ik út leafde foar it hûs fan myn God, by alles wat ik foar it hillige hûs byinoar brocht haw, der noch myn eigen besit oan sulver en goud oerhinne: 43000 talinten goud, goud fan Ofir, en 7000 talinten lottere sulver om dêr de muorren fan ’e gebouwen mei te beslaan; 5goud foar it gouden en sulver foar it sulveren ark en foar alle goud- en sulversmidswurk. En wa is no noch mear ree om hjoed syn jefte foar de Heare te bringen mei de folle hân?
6Dêr ferklearren har ree ta de haden fan ’e stamhuzen en de haden fan ’e stammen fan Israel, de oanfierders fan ’e tûzen- en hûndertskippen en de haden fan ’e keninklike tsjinst. 7Se joegen foar de tsjinst fan Gods hûs: oan goud 5000 talinten en 10.000 dariken, oan sulver 10.000 talinten, oan brûns 10.000 talinten, oan izer 100.000 talinten. 8Wat der by elk oan edelstiennen te finen wie, dat joegen se ek Jechiël, de Gersjonyt yn hannen foar de skat fan it hûs fan de Heare. 9En it folk wie bliid om har reewilligens, want se joegen it út frije wil en folslein fan herten. Kening David wie der ek tige bliid om.
10Doe prize David de Heare yn it bywêzen fan ’e hiele gemeente en sei: Heech te priizjen binne Jo, God fan ús heit Israel, fan ivichheid oant ivichheid. 11Jowes, Heare, binne de gruttens en de macht, de gloarje, de rom en de majesteit, ja alles yn ’e himel en op ’e ierde. Jowes, Heare, is de keningsmacht en Jo steane yn heechheid boppe alles.
12Rykdom en eare komme fan Jo,
ja, Jo hearskje oer alle dingen
en yn jo hân binne sterkte en macht.
Jo hawwe it yn ’e hân alles grut en sterk te meitsjen.
13En no wolle wy Jo, ús God, tankje
en jo hearlike namme loovje.
14Want wa bin ik dochs en wat is myn folk,
dat wy it yn ’e macht hawwe soenen
en jou út frije wil safolle?
Want fan Jo komt it allegearre
en út jo eigen hân hawwe wy it Jo jûn.
15Want frjemden binne wy foar Jo oer
en bywenners lykas al ús foarfaars;
as in skaad binne ús dagen op ierde
en der is gjin útsjoch.
16Heare, dizze hiele rykdom dy’t wy byinoarbrocht hawwe om in hûs te bouwen ta eare fan jo hillige namme – út jo hân komt it en foar Jo is it allegearre. 17En ik wit, myn God, dat Jo it herte hifkje en dat Jo in wolbehagen hawwe yn oprjochtens; mei in oprjocht hert haw ik al dizze dingen út frije wil jûn en no haw ik mei blidens sjoen, hoe’t jo folk, dat hjir byinoar is, ek út frije wil jûn hat. 18God fan Abraham, Izaäk en Israel, ús foarfaars, lit it altyd sa bliuwe, dat sin en dat betinken yn it hert fan jo folk, en rjochtsje har herten op Jo. 19En jou dat myn soan Salomo him mei in folslein tawijd hert hâldt oan jo geboaden, jo foarskriften en jo ynsettings en dat er alles docht en de stins bout, dêr’t ik tarissing foar makke haw.
20Doe sei David tsjin ’e hiele gemeente: Priizje no dan de Heare, jimme God. Doe prize de hiele gemeente de Heare, de God fan har foarfaars, en se foelen del en bûgden har foar de Heare en foar de kening. 21De oare deis brochten se fleisoffers en brânoffers foar de Heare: 1000 kobisten, 1000 rammen en 1000 lammen mei de drankoffers dy’t derby hearden, en gâns fleisoffers foar hiele Israel. 22Hja ieten en dronken dy deis foar it antlit fan de Heare mei grutte blydskip, en se rôpen foar de twadde kear Salomo, de soan fan David, as kening út; se salven him foar de Heare ta foarst en Sadok ta pryster. 23Sa kaam Salomo op ’e troan fan de Heare as kening foar syn heit David yn ’t plak. En it gong him skoan, en hiele Israel harke nei him. 24Alle oanfierders en helden, ja ek alle soannen fan kening David joegen har ûnder kening Salomo del. 25En de Heare makke dat Salomo tige heech yn oansjen kaam by hiele Israel, en Hy joech him keninklike majesteit, sa’t gjin kening yn Israel dat foar him hân hie.
Beslút fan it boek
26Sa hat David, de soan fan Isai, oer hiele Israel regearre. 27Fjirtich jier lang hat er oer Israel regearre: te Hebron sân jier en te Jeruzalem trijeëntritich. 28Hy stoar op hege âlderdom, ryk oan dagen, skatten en eare; en syn soan Salomo folge him op.
29De skiednis fan David, – fan it begjin ôf oan ’e ein ta, – stiet beskreaun yn ’e histoarje fan ’e sjenner Samuël, de histoarje fan ’e profeet Natan en de histoarje fan ’e skôger Gad, 30mei dy fan syn hiele regear en syn dieden en fan alles wat oer him, oer hiele Israel en oer alle keninkriken fan ’e wrâld kommen is.