David jout Salomo opdracht om de timpel te bouwen
1David rôp alle oanfierders fan Israel te Jeruzalem byinoar, de oanfierders fan ’e stammen en de oanfierders fan ’e ôfdielings dy’t yn tsjinst fan ’e kening stienen, de oanfierders fan ’e tûzenskippen en dy fan ’e hûndertskippen, de behearders fan alle besit en fan alle fee dat de kening en syn soannen hienen; fierders de hovelingen en de helden, ja alle mannen fan oansjen. 2Doe riisde David oerein en sei: Harkje nei my, myn bruorren en myn folk. Iksels wie fêst fan doel in hûs te bouwen, dêr’t de ferbûnsarke fan de Heare, de fuottebank fan ús God yn rêste koe, en ik haw tarissing foar de bou makke. 3Mar God sei tsjin my: Do meist gjin hûs foar My bouwe, want do bist in man fan oarloch en hast gâns bloed floeie litten. 4En dochs hat de Heare, de God fan Israel, út ús heite hiele hûs krekt my útkeazen om foar ivich kening oer Israel te wêzen; want Juda hat Er útkeazen om lieding te jaan, en ûnder it folk fan Juda it hûs fan ús heit; en fan ús heit syn soannen hat Er syn sin op my falle litten om my kening oer hiele Israel te meitsjen. 5En fan al myn soannen – want de Heare hat my gâns soannen jûn – hat Er myn soan Salomo útkeazen om op ’e Heare syn keningstroan fan Israel te sitten. 6Hy sei tsjin my: Dyn soan Salomo, dy sil myn hûs en myn foarhôven bouwe, want him haw Ik My as soan útkeazen en Ik, Ik wol foar him in heit wêze. 7Syn keningskip wol Ik foar ivich befestigje, as er him lykas hjoed-de-dei trou oan myn geboaden en rjochten hâldt.
8No dan, foar de eagen fan hiele Israel, de gemeente fan de Heare en foar de earen fan ús God: Hâld jim oan alle geboaden fan de Heare, jimme God, en gean dy tige nei, dat jimme it goede lân yn besit hâlde meie en it oan jimme bern neilitte kinne as in ivich erfskip. 9En do, myn soan Salomo, ken jim heite God en wês altyd ree om Him mei hert en siel te tsjinjen; want de Heare ûndersiket alle herten, en alle ynbyldings en optinksels sjocht Er trochhinne. Asto Him sikest, lit Er Him fan dy fine; mar asto Him loslitst, ferstjit Er dy foar altyd. 10Tink der dus om, dat de Heare dy útkeazen hat om in hûs te bouwen, dat syn hillichdom wêze sil. Wês wolberet en pak oan!
11Doe joech David syn soan Salomo in bestek fan it foargebou en de gebouwen derby, en fan de skatkeamers, boppekeamers en binnenkeamers en fan de seal foar de arke mei it fersoendeksel; 12en ek in bestek fan alles wat er foar de geast hie: fan de foarhôven fan it hûs fan de Heare en fan alle keamers dêr omhinne, fan ’e skatkeamers fan Gods hûs en fan ’e skatkeamers foar de wijjeften; 13en fan ’e ôfdielings fan ’e prysters en de leviten en fan alle wurk foar de tsjinst yn it hûs fan de Heare en fan alle ark derfoar. 14Oan goud joech er it gewicht dat nedich wie foar it ark by alle soarten fan tsjinst; oan sulver it gewicht dat nedich wie foar it ark by alle soarten fan tsjinst. 15Fierders it gewicht oan goud foar de gouden standers en har gouden lampen, neffens it gewicht fan elke stander mei syn lampen; en foar de sulveren standers neffens it gewicht fan in stander mei syn lampen, al nei de tsjinst fan elke stander. 16En ek it gewicht oan goud dat nedich wie foar beide tafels fan ’e toanbreaën; en sulver foar de sulveren tafels. 17Foar de fleisfoarken, de sprinkelbekkens en kannen joech er kleare goud, en foar de gouden bekers it gewicht dat foar elke beker nedich wie. 18Foar it rûkofferalter joech er ek safolle lottere goud as nedich wie; en foar it bestek fan ’e wein, de gouden kearûb-ingels, dy’t de ferbûnsarke fan de Heare mei útsprate wjukken oerdekke.
19Dat allegearre wie neffens in geskrift dat David opmakke hie, nei’t de Heare syn hân op him lein hie, en dêr’t de útwurking yn stie fan David syn earste bestek.
20Doe sei David tsjin syn soan Salomo: Wês sterk en manmoedich, pak ta sûnder skrikken of ferblikken, want God de Heare, myn God, sil dy bystean. Hy sil net by dy weigean en dy net allinne litte, mar dy helpe om alle wurk foar de timpeltsjinst dien te krijen. 21Sjoch, hjir binne de ôfdielings fan ’e prysters en de leviten foar alle tsjinst fan Gods hûs; fierders hasto foar al it wurk alle mooglike lju ta dyn foldwaan, dy’t betûft binne yn allerhanne wurk; en de oanfierders en it hiele folk foar al dyn saken.