It wee oer Jeruzalem
1Wee dy rebelske, ferdoarne stêd,
dy’t oaren derûnder hâldt.
2Gjin warskôging dêr’t se nei harkje wol,
gjin fermoanning dy’t se oannimme wol.
Op de Heare fertrouwe docht se net,
hja docht neat om tichter by har God te kommen.
3De foarmannen yn har fermidden binne brinzgjende liuwen,
har rjochters binne steppewolven dy’t gjin bonkje oerlitte foar de oare moarns.
4Har profeten binne swetshalzen,
ûnbetroubere lju;
har prysters ûntwije it hillige,
se dogge de wet geweld oan.
5De Heare yn har fermidden is rjochtfeardich,
Hy docht gjin ûnrjocht;
alle moarnen, as it ljocht wurdt,
stiet syn bestel fêst en mist net.
Mar de ferkearde wit fan gjin skamte.
Warskôging
6Ik haw folken útroege,
har hoektuorren binne ferrinnewearre,
har strjitten haw Ik leech makke,
der rint gjin mins mear troch;
har stêden lizze yn pún,
gjin minske dy’t der mear wennet.
7Ik sei: ‘Hiest no mar ûntsach foar My
en woest de fermoanning mar oannimme!
Dan soe dyn wente net weireage wurde,
dan hie Ik dy net mei al dy straffen oankomme hoegd.’
Mar nee, sa hurd se kinne,
ferknoeie se al wat se dogge.
8Dêrom kinne jimme My ferwachtsje
– is de godsspraak fan de Heare –
de deis dat Ik as rjochter kom.
Want Ik haw besletten folken gear te swyljen
en keninkriken byinoar te bringen
om myn grammoedichheid oer harren út te stoarten,
al myn gleone grime:
want troch it fjoer fan myn oergeunst
sil de hiele ierde fertard wurde.
Heil foar de folken
9Dan sil Ik de folken in oare en suvere taal yn ’e mûle jaan,
dat se allegearre de namme fan de Heare oanroppe
en Him as ien man tsjinje.
10Fan oare kant de rivieren fan Etiopië sille allegearre dy’t My oanbidde,
My jeften bringe.
11Dy deis hoechsto dy net mear te skamjen
foar wat foar misset ek mar, dêrst dy tsjin My oan besûndige hast.
Want dan nim Ik út dyn fermidden wei
de lju dy’t oerdwealsk binne fan grutskens,
en do silst net langer in heech krop sette
op myn hillige berch.
12Ik lit yn dyn fermidden oars net oer as in dimmen en deemoedich folk,
de neiteam fan Israel,
dy’t syn heil siket by de Heare sels.
13Hja sille gjin ûnrjocht dwaan, gjin leagen útbringe,
yn har mûle is neat te finen fan in falske tonge.
Hja sille weidzje en har fredich deljaan,
sûnder dat ien harren opskrillet.
Oprop ta blydskip en treast
14Sjong lûd, dochter Sion,
jubelje it út, Israel;
wês fan herten bliid en optein, dochter Jeruzalem!
15De Heare hat it hurde fonnis oer dy ferneatige
en dyn fijannen oan ’e kant reage.
Israels Kening, de Heare, is yn dyn fermidden,
kwea silsto net mear ûnderfine.
16Dy deis sil tsjin Jeruzalem sein wurde:
Wês net bang, Sion,
lit dyn hannen net slop wurde!
17De Heare, dyn God, is yn dyn fermidden:
de sterke Helper!
Hy sil fan blidens om dy sjonge;
Hy sil op ’e nij syn leafde blike litte
en syn opteinens oer dy útjubelje.
18Dyn ûnheil nim Ik fan dy ôf,
de lêst fan dyn skande.
Ja, dan sil Ik ôfweve mei allegearre dy’t dy derûnder hâlde.
19Dy’t útwykt wienen, help Ik oerein
en de omdoarmers bring Ik wer byinoar.
De skande dy’t yn alle lannen op har lei,
feroarje Ik yn lof en eare.
20Dan sil Ik jim komme litte,
dan, as Ik jim wer byinoar bring;
ja, Ik meitsje dat jim lof en eare krije by alle folken op ierde,
wannear’t jim mei eigen eagen sjogge,
hoe’t Ik jim lot ten goeden kear,
seit de Heare.