1Mar oan ’e ein ta en sûnder meilijen, siet de Grime achter de goddeleazen oan;
God wist yn ’t foar, wat se dwaan soenen:
2de lju dy’t ús folk earst tastien hienen om fuort te gean,
dy’t sels meiholpen om harren hastich it lân út te krijen,
dy soenen dêr letter op weromkomme en harren neisette.
3Wylst se noch midden yn ’e rou sieten
en noch weeklagen by de grêven fan har deaden,
kaam der al wer in healwiis plan by harren op:
dy’t se bidden en smeekt hienen om fuort te gean, setten se achternei,
as wienen dy útpike.
4It lot dat se fertsjinnen, brocht harren ta dit lêste stik
en makke dat se fergeaten, wat se meimakke hienen.
Sa soenen se sels it lijen oanhelje, dat der noch by moast om de straf fol te meitsjen.
5Wylst jo folk in wûnderbaarlike reis folbringe mocht,
soenen sij yn ’e frjemdte raar oan har ein komme.
6Om jo geboaden te tsjinjen
en om jo folk foar alle kwea te hoedzjen,
waard de hiele skepping op ’e nij oardere; alles feroare fan aard:
7de wolk dy’t men as in skaad oer it kamp lizzen seach,
it droege lân dat opriisde dêr’t earst wetter wie,
de wei dy’t iepen lei troch de Reade See hinne,
de griene flakte ynstee fan wylde weagen.
8Under jo hoede gongen se dêr mei man en macht trochhinne
en se seagen wûndere tekens.
9As hynders dy’t yn it lân litten wurde,
as lammen dy’t omdjoeie,
sa bliid wienen se en se besongen Jo, o Hear, dy’t har ferlost hienen.
10Se tochten noch altiten oan ’e dingen dy’t se yn ’e frjemdte belibbe hienen,
hoe’t net út libbene wêzens, mar út ’e grûn miggen ferskynd wienen
en hoe’t de rivier gjin fisken opsmiet, mar ûntelbere kikkerts.
11Letter hienen se ek noch fûgels op in nije manier útkommen sjoen;
dat wie, doe’t se hongerich om iten fregen
12en der ta har geriif kwartels út ’e see weikamen.
13Mar op ’e sûnders kamen de straffen del,
swiere tongerslaggen wienen deroan foarôfgien.
Mei rjocht en reden moasten se har eigen kwea belije,
want de bittere haat tsjin frjemdfolk wie by har mear as slim.
14Oaren hienen it net ferneare kinnen, dat der frjemden yn ’e stêd kamen,
mar sij, de Egyptners, hawwe nijynkommelingen dy’t goed dienen, ta slaaf makke.
15Boppedat: by dy oaren kin men noch wat troch de fingers sjen,
want dy hienen har fijannigens fan begjin ôf oan toand,
16mar sij, de Egyptners, hienen ús folk earst feestlik ynhelle
en harren letter, doe’t se it boargerrjocht al hienen,
swier slavewurk oplein.
17Se waarden dan ek mei blinens slein,
lykas dy oaren foar de doar fan de iene goede,
doe’t it neare tsjuster har omklamme
en elk taastendewei syn eigen doarsgat socht.
18Sa feroaren de eleminten út harsels fan aard en eigenskip,
sa’t op in snare-ynstrumint de toanen mei it ritme feroarje,
wylst it lûd dochs gelyk bliuwt.
Dat komt dúdlik út, as men de feiten krekt neigiet:
19lândieren feroaren yn wetterdieren,
swimmers ferhuzen nei ’t lân;
20fjoer bleau yn ’t wetter noch like fûl as oars,
it wetter fergeat dat it dwêste koe;
21oan ’e oare kant fertarden de flammen it fleis net fan de dochs sa teare beestjes dy’t deryn omrûnen,
en de godlike spize, dy’t as ús op ’e tonge raande,
krigen se net oan ’t smelten.
22Yn alles, o Hear, hawwe Jo jo folk grut en ferneamd makke,
Jo hawwe it net oer de holle sjoen, mar stienen oeral en altiten foar harren ree.