Elía en Eliza
1Doe stie Elía op, in profeet as fjoer,
syn wurd lôge as in fakkel.
2Hy brocht in hongersneed oer har
en makke har minmachtich troch syn iverjen.
3Troch in wurd fan de Hear hâlde er de himel ticht,
en op ’e selde wize liet er trijeris fjoer delkomme.
4Wat giet der in rop fan jo, Elía, om jo wûnderdieden,
fan wa kin der sa heech opjûn wurde as fan jo?
5Jo hawwe in ferstoarne út ’e dea opwekke,
út it deaderyk, troch in wurd fan de Hear.
6Jo brochten keningen en lju fan oansjen
fan har sykbêd yn it ferdjer.
7Jo hearden op ’e Sinai hoe’t jo teplak set waarden,
en op ’e Hoareb de wreekjende oardielen.
8Jo salven keningen om wraak te nimmen
en profeten om jo op te folgjen.
9Jo waarden opnommen yn in stoarmwyn fan fjoer,
yn in wein mei hynders fan fjoer.
10Fan jo stiet beskreaun, dat jo op ’e stelde tiid komme sille te warskôgjen,
om Gods grime del te bêdzjen, ear’t er útbarst,
om it hert fan ’e âlden nei de bern ta te kearen
en Jakobs stammen wer oerein te helpen.
11Wat binne dy minsken lokkich, dy’t jo sjoen hawwe
en yn leafde ta jo rêst binne;
want wy sille foarfêst ek libje.
12Dat wie Elía dy’t yn in stoarmwyn weiwaard.
Mar Eliza waard fol fan syn geast;
salang’t er libbe, hat er net bang west foar regearders
en gjin minske dy’t him oer koe.
13Gjin ding gong him boppe de macht,
ek nei syn dea hie syn lichem noch profetyske krêft.
14Ek by syn libben die er wûndertekens
en yn syn dea wie it wûnderbaarlik, wat er die.
Ballingskip as straf op ’e sûnde
15Mei dat al kaam it folk net ta ynkear
en hâlde net op mei sûndigjen.
Op it lêst waarden se út har lân fuortfierd
en útinoar jage de hiele wrâld oer.
16In minmachtich folk bleau der oer,
mei in regearder út it hûs fan David.
Guon fan harren dienen nei Gods wil,
oaren sûndigen der mar op los.
Hizkía en Jesaja
17Hizkía fersterke syn stêd
en brocht it wetter midden yn ’e stêd.
Hy liet mei izer troch de hurde stien boarje
en groef wettersaden.
18Yn syn tiid foel Sanherib it lân yn.
Hy stjoerde Rabsaké, mar dy sette letter wer ôf.
Hy bedrige Sion
en die in steil wurd yn syn grutskens.
19Doe trille har it hert en de hannen
en se krigen fleagen as de froulju dy’t in bern te wrâld bringe;
20mar se rôpen de Hear, de Barmhertige, oan
en stieken de hannen nei Him út.
De Hillige út ’e himel ferhearde har fuortdalik
en stjoerde Jesaja om har te ferlossen.
21Hy sloech it kamp fan ’e Assyriërs,
syn ingel roege har út.
22Want Hizkía die nei de wil fan God,
hy stie sterk op ’e wegen fan syn foarfaar David,
dy’t de profeet Jesaja him foarskreaun hie,
grut en betrouber as profeet.
23Yn syn tiid rûn de sinne achterút
en makke it libben fan ’e kening langer.
24Troch de krêft fan ’e Geast seach er de takomst
en treaste dy’t treuren yn Sion.
25Hy liet sjen wat der barre sil oan ’e eintiid ta,
it ferhoalene eardat it komt.