Minske’ libben is muoite en fertriet
1Stûf arbeidzjen is it lot fan alle minsken,
in swier jok leit op ’e soannen fan Adam,
fan ’e dei ôf dat se út ’e skurte fan har mem komme
oan ’e dei ta dat se weromkomme by de mem fan ús allegearre.
2Wêr’t se oer neitinke, wêr’t har hert foar frezet,
de takomst dêr’t se oan tinke, dat is de dei fan har dea.
3Fan him ôf dy’t yn gloarje op in troan sit
oan him ta dy’t nederich yn stof en jiske sit,
4fan him ôf dy’t poarper draacht en in kroan
oan him ta dy’t rûge linnense klean oanhat,
foar allegearre is it libben grime, oergeunst, betizing en ûnrêst,
bang wêze foar de dea, skuld en deilisskip.
5Sels as men op bêd leit, as it tiid fan sliepen is
wurdt men yn ’e nachtlike sliep noch feralterearre.
6Koart, suver neat, is jins rêst;
dan, fan dat stuit ôf, is men yn jins dreamen as ien dy’t by dei de wacht hâldt;
hy wurdt ferbjustere troch it gesicht dat er sjocht,
as ien dy’t útnaaid is fan it slachfjild.
7Op ’e tiid dat der ferlet fan him is, wurdt er wekker
en sjocht ferheard, dat syn benaudens om ’e nocht wie.
8Dit is weilein foar alle libbene wêzens, foar minsken en fee,
mar foar de sûnders noch sân kear slimmer:
9dea, bloedferjitten, deilisskip, it swurd,
tsjinstuit, honger, ûndergong en ramp.
10Dat is allegearre skepen foar de dogeneaten,
om harren is de grutte floed kommen.
11Alles wat út ’e ierde fuortkomt, komt yn ’e ierde werom
en wat út it wetter fuortkomt, yn ’e see.
Goederjouskens en omkeaperij
12Alles wat mei in ûnearlike bedoeling jûn wurdt, sil fergetten wurde,
mar de goede trou bliuwt yn ivichheid bestean.
13It jild fan ’e ûnrjochtfeardigen is as in rivier dy’t útdroeget,
as in ferheftige tongerslach dy’t weiwurdt yn ’e rein.
14Men is bliid as men wat weijaan kin,
mar de dogeneaten geane har ûndergong temjitte.
15De neiteam fan ’e goddeleazen krijt net folle tûken
en ûnsuvere woartels stean op in steile rots.
16It reid dat oan alle wetters en oan ’e kant fan ’e rivier waakst
wurdt earder útlutsen as alle gers.
17Mar freonlikheid is in lusthôf fan segen
en goederjouskens hâldt foar ivich syn wearde.
Baas boppe baas
18Foar ien dy’t eigen baas is, mar ek foar de arbeider is it libben goed,
mar noch better is ien deroan ta, dy’t in skat fynt.
19Neiteam en it bouwen fan in stêd litte jins namme fuortlibje,
mar noch heger wurdt in ûnbesprutsen frou wurdearre.
20Wyn en muzyk meitsje it herte bliid,
mar noch better is de leafde ta de wysheid.
21Skalmaai en harpe kinne leaflike wizen spylje,
mar noch better binne leaflike wurden.
22Men mei graach in tsjep en kreas postuer sjen,
mar noch moaier binne de earste spruten fan wat men siedde hat.
23In freon, in maat, dy komme altyd fan pas,
mar noch better is it as men man-en-frou is.
24Bruorren en helpers komme fan pas as men yn need sit,
mar noch better sil goederjouskens jin helpe.
25Goud en sulver jouwe jin festichheid,
mar noch heger stiet goe-rie oanskreaun.
26Jild en sûnens meitsje it hert rêstich,
mar noch better is it, de Hear foar eagen te hâlden.
As men de Hear foar eagen hâldt, komt men neat tekoart;
dan hoecht men oarmans help net yn te roppen.
27De Hear foar eagen hâlde, dat is in lusthôf fan segen,
it jout jin beskûl, mear as alle ierdske hearlikheid.
Libje net as bidler
28Myn soan, libje net as in bidler;
it is better te stjerren, as te biddeljen.
29As in man op oarmans tafel gobberet
dan mei syn libben gjin libben mear hjitte,
hy ferleget himsels troch fan dy oare sines te iten,
in ferstannich man dy’t in goede opfieding hân hat, nimt him der wol foar te wacht.
30Yn ’e mûle fan ’e ûnbeskamsume mei it biddeljen swiet wêze,
mar yn syn binnenste brânt in fjoer.