It nije libben yn Kristus
1Ik stean der by jimme op oan, bruorren, sa wier as God barmhertich oer ús is, dat jimme jimsels as in libben offer oan God opdrage, in offer dat oan God tawijd en Him gefallich is. Dat is jimme geastlike earetsjinst. 2En skik jimme net langer nei dizze wrâld, mar lit jimsels oare minsken meitsje trochdat jimme geast fernijd wurdt. Dat jimme ûnderskiede meie wat God wol: wat goed, Him gefallich en folslein is.
3Want op grûn fan ’e genede dy’t my jûn is, sis ik tsjin elk fan jimme: Tink net heger as foech jout. Tink mar gewoan fan jimsels, in elk sa’t it past by wat de Hear him oan leauwen taparte hat. 4Want wy hawwe yn ien lichem gâns lidden, mar dy lidden dogge net allegearre itselde wurk. 5Krektsa binne wy, sa machtich as wy binne, ien lichem yn mienskip mei Kristus, mar elk foar oar binne wy lidden fan inoar. 6Mar wy hawwe ûngelikense jeften, al nei de genede dy’t ús jûn is. As wy de jefte fan it profetearjen hawwe, dan moat dat sa’t it past by ús leauwen. 7As wy dy fan it tsjinjen hawwe, lit ús dan tsjinje; as wy dy fan it ûnderrjochtsjen hawwe, dan moatte wy ûnderrjochtsje. 8Wa’t oantreastgje kin, lit him dat dwaan; wa’t wat wei te jaan hat, lit him dat yn alle ienfâld dwaan; wa’t barmhertigens bewize kin, lit him dat fleurich-op dwaan.
Regels foar it kristlik libben
9De leafde moat alhielendal earlik wêze. Ferfij it kweade, hâld it mei it goede. 10Haw inoar ynlike leaf, as bruorren en susters yn Kristus, en gean inoar foar yn earbetoan. 11Lit jimme warberens net belúnje; lit jimme geast fol fjoer wêze; tsjinje de Hear. 12Wês bliid mei’t jimme hoopje, geduldich yn ’e benearing, stânfêst yn it bidden. 13Hat Gods folk earne ferlet fan, doch jimmes der dan oan. Lis jim út op ’e gastfrijens. 14Segenje har dy’t jimme ferfolgje, segenje se en ferflok se net. 15Wês bliid mei har dy’t bliid binne, skriem mei har dy’t skrieme. 16Wês ienriedich ûnder inoar. Haw it net heech yn ’e holle, mar lit dy yn it nederige wurk behelje. Wês net wiis yn eigen eagen. 17Ferjild net ien kwea mei kwea. Wês út op dat wat goed is foar it each fan alle minsken. 18As it heal kin en foarsafier’t it oan jimme leit, hâld dan frede mei alle minsken.
19Nim sels gjin wraak, leave bruorren, mar jou bod oan Gods grime, want der stiet beskreaun:
De wrake is myn saak,
Ik sil it harren ferjilde, seit de Hear.
20Mar as dyn fijân honger hat, jou him te iten; as er toarst hat, jou him te drinken. Want sadwaande silsto him gleone koallen op ’e holle loegje. 21Lit jimme net oerwinne troch it ferkearde, mar oerwin it ferkearde troch it goede.