Brief oan ’e gemeente yn Sardes
1En skriuw oan ’e ingel fan ’e gemeente yn Sardes:
Dit seit Hy, dy’t de sân geasten fan God en de sân stjerren hat: Ik ken dyn dwaan en litten, der wurdt fan dy sein datst libbest, mar ik wit, do bist dea. 2Wurd wekker, fersterkje wat der noch oer is mar op stjerren nei dea; want it hat My bliken dien dat al dyn dwaan en litten by God ûnder de mjitte bliuwt. 3Betink dan hoest it boadskip heard en oannommen hast; hâld dy dêr oan en bekear dy. En ast net wekker wurdst, sil Ik komme as in dief, en do silst der neat fan witte op watfoar tiid Ik dy oer it mad komme sil. 4Mar der binne inkelde minsken by dy yn Sardes, dy’t de klean net smoarch makke hawwe, dy sille mei My yn it wyt rinne, want dat komt harren ta. 5Dy’t oerwint sil lyksa wite klean oan krije en Ik sil syn namme út-noch-yn net fan ’e list fan ’e libbenen skrasse; nee, Ik sil it foar him opnimme by myn Heit en syn ingels.
6Dy’t earen hat, lit him hearre wat de Geast tsjin ’e gemeenten seit.
Brief oan ’e gemeente yn Filadelfia
7En skriuw oan ’e ingel fan ’e gemeente yn Filadelfia:
Dit seit Hy dy’t hillich is en wier,
dy’t de kaai fan David hat;
as Hy wat iepenmakket kin net ien it wer ticht krije,
as Hy wat tichtmakket kin net ien it wer iepen krije:
8Ik ken dyn dwaan en litten – sjoch, Ik haw de doar foar dy iepenset en net ien kin dy mear ticht krije – do hast net folle om by te setten en likegoed hast dy oan myn wurd hâlden en bist My net ûntrou wurden. 9Ik sil derfoar soargje, dat guon fan ’e synagoge fan ’e satan, fan harren dy’t har foar Joaden útjouwe en it net binne, nee se lige it – Ik sil it sa meitsje dat dy komme en dij foar de fuotten delfalle sille; se sille ynsjen, dat Ik dij myn leafde jûn haw. 10Omdatsto dy hâlden hast oan myn wurd en hoekhâlden hast, dêrom sil Ik dy ek bewarje foar de oere fan ’e fersiking dy’t oer de hiele wrâld komme sil, as alle bewenners fan ’e ierde fersocht wurde sille. 11Ik kom mei gauwens; hâld fêst watsto hast, dat net ien dy dyn oerwinningskrânse ôfkrije kin.
12Dy’t oerwint, dêr sil Ik in pylder fan meitsje yn it hûs fan myn God en hy sil der noait wer útgean; Ik sil dêr de namme fan myn God op skriuwe en de namme fan de stêd fan myn God, it nije Jeruzalem, dat by myn God wei út ’e himel delkomt en myn eigen nije namme.
13Dy’t earen hat, lit him hearre wat de Geast tsjin ’e gemeenten seit.
Brief oan ’e gemeente yn Laodiséa
14En skriuw oan ’e ingel fan ’e gemeente yn Laodiséa:
Dit seit de Amen, de trouwe en wiere Getuge, it begjin fan Gods skepping: 15Ik ken dyn dwaan en litten, ik wit datsto kâld noch hjit biste. Och wieste mar kâld of hjit,! 16En omdatsto lij bist en net hjit of kâld, dêrom sil Ik dy út ’e mûle spuie. 17Do seist: Ik bin ryk, ik haw my ryk makke, ik haw nearne ferlet fan, mar do hast net yn ’e rekken datst ûngelokkich en ellindich en earm en blyn en neaken bist. 18Dêrom jou Ik dy de rie: Keapje goud fan My, dat yn it fjoer lottere is, datsto ryk wurde meist; keapje ek wite klean om oan te lûken, dat dyn skandlike neakenens net oan it ljocht komme mei, en ek eachsalve om it dy op ’e eagen te smarren, datsto sjen meist. 19Dy’t Ik leafhaw, dy beskrobje en bestraf Ik; doch dan dyn bêst en kom ta ynkear. 20Jawis, Ik stean foar de doar en klopje oan; as ien myn lûd heart en de doar iependocht, sil Ik by him yn ’e hûs komme en mei him ite en hy mei My.
21Dy’t oerwint sil Ik nêst My op myn troan sette, lykas Ik oerwûn haw en nêst myn Heit op ’e troane sit.
22Dy’t earen hat, lit him hearre wat de Geast tsjin ’e gemeenten seit.